In Geen categorie

Klik hier voor de Nederlandse versie van dit artikel

Lykas safolle toanielselskippen hat ek Teatergroep SULT beslute moaten har foarstelling fan 2020 te ferpleatsen nei in letter stuit. Der is besletten om it stik It Grutte Swijen yn april en maaie 2021 te spyljen yn Koudum. Dan sil ek it boekje presintearre wurden mei de teaterteksten fan Ytsje Hettinga  en de histoaryske eftergûn fan it ferhaal troch Jan de Vries.

“We hawwe earst de lêste koroana-ûntwikkelingen noch ôfwachte foar’t we in definitive kar makken”, seit Pieter Stellingwerf, artistyk lieder fan SULT. “Der is keazen om dizze foarstelling It Grutte Swijen, dat him yn de Twadde Wrâldoarloch ôfspile, te spyljen yn april en maaie. Dat is dochs de tiid dat we betinke en de frijheid fiere.”

Yn It Grutte Swijen stiet it swijen sintraal. In ferrieder wurdt yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch deasjitten troch it ferset. De belutsenen swarden dêr noait wer oer te praten, mei gjinien! Yn teätrale monologen, skreaun troch Ytsje Hettinga, fertelle trije frouwen wat dit heftige barren foar harren betsjutte en yn harren fierdere libben teweech brocht. It publyk wurdt yn lytse groepen nei de ferskillende lokaasjes brocht dêr’t de monologen plakhawwe. By it lêste bedriuw, it fertellen fan it ferhaal en de ûndersyksresultaten troch Jan de Vries, komt it publyk mei-inoar op ien lokaasje.

De spyldatums binne: 15-16-17-18, 22-23-24-25 april en 29-30 april en 1 maaie 2021.

Foar mear ynformaasje en kaartferkeap sjoch www.teatergroepsult.nl.