In Geen categorie

Nei de twa ienakters fan ferline jier, komt de Koudumer toanielferiening Artiku dit jier wer mei in jûnsfoljend stik. Op freed 22 en sneon 23 febrewaris wurdt yn de Klink de klucht In frou fan fiif miljoen spile.

Dat betsjut in soad humor en aksje yn absurde komyske situaasjes. It stik is skreaun troch Pol Anrys en oerset troch Gurbe Dijkstra.

In restauranteigner, in poerbêste sjef-kok, kin fan syn omke in soad jild erve, mar allinnich as hy mei it famke trout dat syn omke útsocht hat. Francois hat lykwols mear each foar de tsjinster fan syn restaurant, mar sy hat in relaasje mei de barman. Der is allegear argewaasje yn de keuken, nuvere ûngemakjes en de ynspeksje fan folkssûnens komt ek noch
lâns. Wat hawwe de keukenhulp en har suster by de ein en wa is dy Italiaan dy’t gjin wurd Frysk ferstiet?

It spul fan ferwarring en yntriges begjint freed en sneon om 20.00 oere. Sneontejûn is nei ôfrin live musyk fan Lody Franzen en Fokko Drent. Kaarten by boekhannel Muizelaar € 6,- (Oan ‘e seal – at se der noch binne – € 7,50)

In het Nederlands:

Na de twee eenakters van vorig jaar, komt de Koudumer toneelvereniging Artiku dit jaar weer met een avondvullend stuk. Op vrijdag 22 en zaterdag 23 februari wordt in De Klink de klucht In frou fan fiif miljoen gespeeld.

Dit betekent veel actie en humor in absurde komische situaties. Het stuk begint om 20.00 uur. Zaterdagavond is na afloop live muziek van Lody Franzen en Fokko Drent. Kaarten zijn te koop bij boekhandel Muizelaar (€ 6,-. Aan de zaal – als er nog kaarten zijn – € 7,50).