In Geen categorie

Door harde wind zijn de tweede en derde wedstrijd van het skûtsjesilen van de SKS dit jaar afgelast. Het blijkt dat er zo’n zeventig jaar geleden ook al wel eens het skûtsjesilen afgelast werd vanwege de harde wind. Er is zelfs in 1954 een wedstrijd op de Fluessen afgelast die georganiseerd werd door de watersportvereniging van Koudum. Er deden in 1954 zeven skûtsjes mee aan de wedstrijden en Klaas Keimpesz van der Meulen van de Súdwesthoeke won dat jaar. Maar de wedstrijd bij Koudum ging dus niet door. Hieronder staat daar een stukje over, geschreven door Ulfert de Jong die onder andere uit eigen ervaring schrijft.

troch Ulfert de Jong fan Koudum

De lêste jierren wurde der by it skûtsjesilen fan de SKS twa sylwedstriden hâlden op ’e Fluezen. Ien oan de  Ealahúster- en ien oan de Wâldseinderkant. Dy twadde wedstriid is eins op ’e Hegemermar. Oant 1960 waard der meastal in sylwedstriid hâlden oan de Heidenskipsterkant fan de Fluezen. Dit waard organisearre troch de Koudumer wettersportferiening ‘De Fluessen’ en inkele Heidenskipsters. De organisaasje makke yn ien dei it terrein klear, faak waard der in lytse ienfâldige starttoer boud. Mear fersjennings wiene der eins net.

Dizze kant fan it wetter waard keazen, om’t der doe noch in oantal skûtsjeskippers út Koudum, It Heidenskip en omkriten kamen. By Ealahuzen lei it doe allegearre ek wat dreger, dêr wie minder romte. Ommers de suvelfabryk wie doe noch yn bedriuw. De lokaasje wie sa’n bytsje tusken Hofmar en Aent Liuwespoel, want dêr wie in moaie ynham. Se fearen ek wol lâns it lân fan Groenhof. Dat lân hjitte yn de folksmûle ‘de Kachelspôle’ (K op it kaartsje hjirûnder)). Skipper Sytse Sietema fan Eastermar socht altyd in lytse ynham op om te ankerjen, dat plak neamde hy It Hemeltsje (H). It grien ynfolde wetter wie sa’n bytsje it wedstriidfjild, yn it read it dykje datst nimme moast om by it wedstriidwetter te kommen ast net oer it wetter kaamst.

It moat op 11 augustus 1954 west ha doe’t ik nei dizze silerij ta west bin. Yn ús 16m² sylden ús heit, âldere broer Hendrik en ik fan de Havenkade yn Koudum ôf nei it wedstriidwetter. Mei muoite krigen wy it âldboat dêr fêst oan ’e wâl. It waaide dat it rikke en de wedstriid waard útsteld, om’t de skippers it net oandoarden. Dat kin ik my no wol begripe, hja sylden doe ommers noch mei harren eigen skûtsjes. As der skea wie moasten de skippers dat sels ophoastje. Tsjintwurdich binne de measte skûtsje fan stiftingen of kommisjes. Hjoed in skuor yn ’e fok, dan moarn mar yn in nijenien ynvestearje. Dizze kommisjes ha, sa’t it liket, jild by de rûs.

Nei in tiidsje woe Lodewijk Meeter it wol efkes probearje en sylde in pear rûntsjes. Foarôf sette hy in pear dikke reven yn seil en fok en doe gie it oan. Dit skûtsje hearde wol by de swierste skippen fan ’e float. Mar by eintsjebeslút waard de wedstriid definityf ôflast. As beleanning foar syn farren krige Lodewijk fan bakker Hans van Dam út It Heidenskip in sûkerbôle fan sa’n twa meter lang. Dy wie fêstset op in houten skroade, sadat er net brekke koe. Ik sjoch skipper Lodewijk Meter noch grutsk mei dy koeke oer it terrein paradearjen.

Ik sit my noch wolris ôf te freegjen wêrom’t wy tastimming fan it thúsfront krigen om de mar op te gean. Der waaide in hurde west-súd-westewyn en op ’e Fluezen rôlen grutte weagen. In 16m² is op it wrede wetter fan de Fluezen ek mar in tobbe. Fan swimfesten hiene wy noch noait heard. Wy hiene joppers oan foar de kjeld en ús heit droech dêrby as beskerming ek noch in alpinopet. Foar’t wy wer op hûs oangongen sei heit:  “Hendrik moat mar efkes oan it helmhout en do mar oan ’e fok”.

Doe’t heit de boat fan de wâl ôf skode, krigen we sa’n flap wyn yn it seil, dat wy fuort gybje moasten en op ien ear gongen, sadat it wetter oan ’e kûprâne ta stie. “Bukke”, rop ik, want de gyk skearde fan bak- nei stjoerboard. Doe’t wy by it ein fan de Swartewâlde De Var wer ynfearen, rûn it buiswetter ús ta de kont út. Wy wiene bliid dat wy wer feilich oan ’e wâl fan de Koudumer Symkewyk leine. Wy moasten ommers wol weromsile, want in helpmotor hiene wy net. Letter kocht ús heit by garaazjebedriuw Kemker in oanhingmotor fan it merk Seagull. Dat ding wie 4½ pk en rom foldwaande om ús by hurde wyn of wynstil waar werom nei ús thúshaven te bringen.

Boarnen:

Yn it boekje Om priis en eare, skreaun troch Gosse Blom, seach ik dat der fan de wedstriid fan 11 augustus 1954 gjin ferslach makke is. Oer 11 augustus 1954 stiet der yn: ‘gjin skippen oan ’e start’. Sa bin ik yn myn ferhaal útkommen op dizze datum,  as ik fertel oer dit boattochtsje mei ús 16m² en it earerûntsje fan Lodewijk Meeter. Op weerverleden.nl lies ik dat der doe yn de Bilt in matige wyn waaide fan west-súd-west. Mei snelheden tusken 7.5m/s en 9.3m/s. ‘Hardste windstoot: 17.5m/s, ’t was een bewolkte dag met een temperatuur van 13 graden’. Mar yn Fryslân en op’e Fluezen hat it fêst hurder waaid. Ek lies ik yn dat boekje dat de silerij oan de Heidenskipsterkant duorre oant en mei 1960 en dat de skûtsjes dêr al fanôf 1869 sylden. Mar ek op ’e Hegemermar waard yn 1862 al in wedstriid hâlden.  Yn telefoanysk oerlis en mailferkear mei Sjoerd Huitema, Gerrit Twijnstra en Theunis de Vries, kamen noch inkele ‘weetjes’ nei foarren dy’t ik ferwurke ha yn dit stik.

Foto boppe it artikel: skilderij fan it skûtsje fan Grou, makke troch Marten Groenhof. (Illústraasje út it boek Marten Groenhof. Boer/Skilder yn It Heidenskip. Utjouwerij DeRyp, twadde printinge 2021)