In Geen categorie

21 Lêste foarstellingen teätergroep SULT

Teätergroep SULT (SUdwesthoeke LokaasjeTeater) bestiet sûnt 1996 en spilet foarstellingen op bysûndere lokaasjes yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. By it meitsjen fan de foarstellingen is it útgongspunt om safolle mooglik minsken te belûken út de omjouwing fan it plak dêr ‘t spile wurdt. De artistike lieding is al jierren yn hannen fan Pieter Stellingwerf. Nei goed 25 jier en sa ’n tweintich produksjes fynt de groep dat it genôch west hat: ein augustus / begjin septimber 2023 steane de alderlêste foarstellingen fan SULT pland.

Ein 2016 kaam ik nei Koudum, dus de earste foarstelling dy ‘t ik sjoen ha, wie ‘Hauk en hazzen’ yn desimber 2017. Ik wie entûsjast oer de lokaasje (in leechsteande wurkpleats yn Himmelum ), de tematyk (eangst, wêrûnder eangst foar flechtlingen) en oer it muzikale toetsje fan de muzikanten Johan Keus en Bouba Keita. Wat minder te sprekken wie ik oer de aktearprestaasjes fan de akteurs dy ‘t it stik spilen.

De foarstelling ‘Zout West’ waard yn de simmer fan 2018 spile op alve plakken yn de Súdwesthoeke, mei as wichtichste dekôrstik in enoarme giele bank op in ponton. Yn alle plakken dêr ‘t de ponton oanlei spilen njonken de kearn fan Teatergroep SULT ek lokale muzikanten, koarleden en spilers mei. Ik seach de kleurrike foarstelling fansels yn Koudum en haw ûnder oare genoaten fan de bern út Koudum dy ‘t meispilen en fan de hearlike rol dy ‘t ús Ytsje Hettinga spile.

Sène út De Bûsedokter mei hielendal links Ytsje Hettinga.

Ek yn it stik fan 2019, ‘De bûsedokter’, spile yn de kassen fan kwekerij Fleurig Buiten yn Koudum hie Ytsje Hettinga in hearlik gekke rol, nammentlik dy fan Frou Lytse Earebarrebek. Yn it tragikomyske stik waard op in bysûndere wize krityk levere op it funksjonearjen fan ‘e sûnenssoarch. In moaie rol yn it stik wie ek weilein foar in húsdokterskoar, mei échte húsdokters, ûnder wa myn eigen húsdokter!

Koartsein, sûnt ik yn Koudum wenje, wist teätergroep SULT my mei har lokaasjeteäterfoarstellingen hieltyd wer te ferrassen, net allinne troch de ferrassende lokaasjes, mar ek troch passende dekôrs en troch in slagge kombinaasje fan maatskippijkrityk en humor. En doe kaam koroana.

SULT woe yn april 2020 75 jier befrijing fiere mei it stik ‘It grutte swijen’. Dat wie basearre op in tragysk barren, nammentlik it deasjitten yn novimber 1944 fan de 22-jierrige Piebe Hoekema út Koudum troch Dútske offisieren yn it Drintske Norg. Foar it doarp Koudum hie dit foarfal grutte gefolgen, dêr ‘t hiel lang net oer praat waard, omdat belutsenen ôfpraat hiene deroer te swijen.

De Koudumer histoarikus Jan de Vries hat jierrenlang ûndersyk dien nei wat der doe bard is en hat dat yn in manuskript optekene. Op basis dêrfan makke Ytsje Hettinga in teäterstik dat bestiet út trije monologen. Yn dy teätrale monologen dogge trije froulju út ‘e doeken wat foar gefolgen dit heftich barren foar harren lettere libben hie. It 75 jier âlde ferhaal bliek sa in universeel ferhaal te wêzen oer wat it docht mei in hechte mienskip as der net praat wurdt oer tige yngripende foarfallen.

SULT woe dat útwurkje mei yntym húskeamerteäter. It publyk soe yn lytse groepen nei ferskate lokaasjes stjoerd wurde yn ‘e buert dêr ‘t de famylje Hoekema wenne hat en dêr ‘t de monologen sile wurde soene. By it lêste bedriuw soe elkenien gearkomme om it ferhaal fan Jan de Vries te hearren en hoe ‘t er dat ferhaal rekonstruearre hat. Ik hie al kaartsjes foar de foarstelling doe ‘t dizze yn maart 2020 annulearre waard.

Ek yn 2021 stie it stik pland foar april-maaie. Mar ek doe koe it stik op it lêste momint net trochgean en is besletten definityf ôf te sjen fan dizze spesjale foarstelling. Uteinlik is der wol in moai boekje makke, wêryn ‘t Jan de Vries de histoaryske rekonstruksje fan it ferhaal publisearre, folge troch de trije monologen dy ‘t Ytsje Hettinga foar de nea spile teäterfoarstelling skreau. Der steane sels foto’s yn fan de trije toanielspylsters yn kostúm, want dy foto’s wiene al makke foar de publisiteit.

Yntusken haw ik kaartsjes foar de nije foarstelling fan SULT. Tusken 30 augustus en 9 septimber spilet SULT noch acht kear, en dan is it dien mei dizze teätergroep. It stik, ‘Tiid fan libjen’, wurdt opfierd op it terrein fan Bouwbedrijf Albada yn Starum. De dekôrbouers wiene al op it terrein dwaande, doe ‘t de simmerstoarm Poly begjin july oer ús lân luts. De lokaasje wie nei de stoarm ferfallen ta in púnheap en de bouploech hat mei man en macht wurke oan it opromjen fan de skea, sadat de spilers wer folop repetearje koene.

It stik spilet him ôf yn 2033 en de âld-spilers fan SULT wenje mei-inoar yn ien hûs. Se folje de dagen mei hottefylje en prate oer it ferline. It hûs is âld en hat in soad efterstallich ûnderhâld, sa slim dat it hûs better plak meitsje kin foar nijbou. Dat is lykwols it lêste wat de SULT-ers wolle en se gean yn ferset. Mar: it hat har tiid west, it is tiid om plak te meitsjen. It stik bestiet út dialogen, sang, muzyk en teätrale ferfrjemding, sa stiet it yn de oankundiging.

Alle ynformaasje oer it stik stiet fansels op de webside fan SULT. Fia dy webside binne ek de kaartsjes foar de acht lêste foarstellings te keap. Op dy webside is trouwens ek hiel oersichtlik de ynformaasje oer alle foargeande foarstellingen fan SULT te besjen. Op de Facebookside fan SULT wurdt al sûnt maart weromsjoen op de âlde foarstellingen en (âld-)spilers fan dizze unike teätergroep fertelle dêr út en troch oer.

Yn ien fan dy Facebookposts ferwurdet Judith Jager fan Himmelum nei alle gedachten it gefoel dat in soad spilers by de lêste foarstellingen hawwe sille. Se fertelt hoe ‘t se by SULT kaam is en skriuwt dan:  “Dêrnei haw ik SULT nea wer los litte kinnen. De lêste foarstelling leart my hoe ik dat dwaan kin en ek dwaan moatte sil. Dat is noch net sa maklik. Want SULT giet yn jo sitten.”

Een Nederlandse versie staat op de website Brekt!