In Geen categorie

1 De optocht yn de feestwike en it Koudumer Doarpsliet (1)

Der stie earst boppe dit stikje de titel ‘Gjin keunst in Koudumer te wêzen’. Wêrom? Dat sil ik yn twa columns útlizze. It hat te krijen mei de feestwike fan Koudum fan 2017 en it Koudumer Doarpsliet dat Sietse Gerts van der Heide yn 1970 makke, op de bekende melody fan it ferneamde Fryske liet ‘It heitelân’. De feestwike fan 2017 wie it earste doarpsfeest dat ik oait meimakke en ik moat sizze: it wie in hiele ûnderfining.

It Koudumer Doarpsliet
mear informaasje: Histoarysk Koudum

It keapkontrakt fan de galery dy ‘t we yn Koudum keapje soene, hiene we al yn april 2016 tekene, mar yn septimber krigen we de kaai. Fan dy tiid ôf wiene wy wol in soad yn Koudum, mar oan ‘e ein fan dat jier kamen wy pas hielendal yn Koudum te wenjen. Dat fan de feestwike fan dat jier ha wy wol wat dinkjes sjoen, mar dy ha wy net bewust meimakke. Dat jier wie der oars ek gjin optocht, want dy is mar ien kear yn de twa jier. Wêrom dat sa is, begriep ik letter wol.

Al fan begjin april 2017 ôf seach ik op sosjale media fan Koudum oproppen om jin op te jaan foar ‘de optocht’. Ik wit noch dat ik op YouTube filmkes fan âlde optochten yn Koudum opsocht ha en fuort tocht: neat foar my. En dan sis ik it noch netsjes. Sa tsjin ein april liken de oproppen om mei te dwaan mei de optocht mear op needgjalpen. De optocht fan 2017 soe wolris net trochgean kinne om’t der noch gjin tsien karren meidwaan soene. Want dat wie wol it minimum, hiene de organisatoaren betocht.

Op 28 april stie op de Facebookside fan de Feestweek Commissie: “Noch twa te gean. Wa slút him oan by de al acht oanmelde ploegen?” No ja, de Feestweek Commissie brûkte gjin Frysk en de hashtag wie dan ek ‘#wijwilleneenoptocht’. Dat levere blykber net fuortendaliks oanmeldingen op, dat in wike letter besocht Jan Droogsma, de behearder fan de Facebookside fan Koudum, it nochris: “Wolle wy it moaiste ûnderdiel fan de Feestwike behâlde, dan moat de optochtkommisje takom wykein de lêste twa opjeften binnen hawwe! Wy moatte it as Koudumers, mei 3.000 ynwenners, dochs foarinoar krije kinne om de optocht te rêden? Jou dy op!”

De oproep om mee te doen op Koudum.nl

Ek Jan brûkte gjin Frysk, dus ek dat ha ik oerset, oars soe de helte fan dit stikje Hollânsk wêze, mar boppe syn needgjalp stie ek noch ‘ALERT’. Jawis, yn haadletters. En Jan is altyd optimistysk dus dy ferhege it ynwennertal fan Koudum gewoan mei in pear hûndert. Sels op Koudum.nl ferskynde in oprop mei as kop ‘Wol of gjin optocht yn 2017?’ Dochs die dat allegear blykber fertuten, want nei’t de ynskriuwtermyn twa kear mei in pear wiken opskood wie, koe de Feestwikekommisje ein maaie jubelje dat de optocht trochgean soe. Der soene mar leafst fjirtjin karren meidwaan. In rekôrtal dielnimmers!

Fjirtjin karren, en earst koene se de tsien net helje! En ik begriep ek noch hoe’t dat koe. Doe’t ik al dy oproppen seach, wie myn earste tinken: no, stopje dêr mar moai mei. De twadde gedachte wie: oan ‘e iene kant wol Koudum in optocht, oan ‘e oare kant krije de Koudumers it net iens foarinoar om genôch dielnimmers te finen. En by de tredde gedachte gie it mis. Hie ik al tefolle lêzen oer it mienskipstinken dêr’t je yn alle plannen foar de kulturele haadstêd Ljouwert doe mei deasmiten waard? Want myn tredde gedachte wie: mar wachtsje even, ik bin no ek in Koudumer.

En doe ha ik, mei in pear kunden yn Koudum, ús opjûn om mei te dwaan mei de optocht fan 2017. (Wurdt nije moanne ferfolge.)

Nederlandse versie