In Geen categorie

29 Ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch

Doe ‘t ik noch lesjoech en yn Amsterdam of Castricum wenne, hie ik altyd wat muoite mei de maaiefakânsje. Nee, net mei de frije dagen, begryp my goed, dêr wie ik altyd wol oan ta. Hie ik einlings ris echt tiid om de skriuwopdrachten fan myn learlingen nei te sjen, of om nije opdrachten te betinken. Nee, ik koe dan nei myn gefoel te min oan 4 en 5 maaie dwaan, mei al dy Nederlânske gedichten en ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch.

brief oer de befrijingsdei fan Koudum (foto Histoarysk Koudum)

Dat probleem soe ik Koudum, yn Fryslân, net hân ha. De befrijing fan Fryslân kin al yn april fierd wurde. Yn Fryslân is 15 april – de befrijing fan Ljouwert en Snits – de dei fan de befrijing, al wie hiel Fryslân pas op 18 april 1945 frij fan de Dútsers. Foar Koudum jildt de dei dat de Kanadezen Koudum binnen rieden, 17 april 1945, as dei fan de befrijing, sa melde ek de boargemaster fan Himmelumer Oldephaert en Noardwâlde yn in brief fan 12 maaie 1945 oan de Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân.

Lykas yn de Nederlânske literatuer binne der yn it Frysk tal fan romans skreaun dêr ’t de Twadde Wrâldoarloch in rol yn spilet. It earste Fryske boek dat ik lies doe ‘t ik krekt Frysk lêzen leard hie, wie De fûke fan Rink van der Velde. Dat is in oangripende koarte roman oer in ynbannige fisker dy ‘t troch de Dútsers oppakt wurdt om ‘t syn soan yn it ferset sit. En ek yn it meast resinte Fryske boek dat ik lies – It libben fan Fimme Lap fan Piter Boersma út 2024 – spilet in barren út dy oarloch in rol.

Fersen oer de Twadde Wrâldoarloch yn it Frysk ken ik hiel wat minder as yn it Nederlânsk, mar de dichter Sjoerd Spanninga (pseudonym fan Jan Dijkstra, 1906 -1905) skreau in moai gedicht oer de Fryske Befrijingsdei mei as titel ‘15 april’:

Doe kaam de yntocht fan de Kanadezen
En méi foel de benearing fan ús wei,
De strjitten jubelen in heech jûchhei, –
Wa tocht jit oan de widdowen en wezen?
Lykwols, hár wie it op befrijingsdei,
As hiene hja net út, geweld en frezen,
En rûn der hjir noch yn it libben stees
In skrouwing fan de déá jin efternei.

It gedicht ferskynde yn 1955 yn in spesjaal betinkingsnûmer ‘Wês wach!’ fan it Fryske literêre tydskrift De Tsjerne. It waard opnommen yn de dichtbondel Finzen en frij út 1957 en ik naam it oer út de Samle fersen fan Sjoerd Spanninga (1992). Yn it gedicht wurdt neist it befrijingsgefoel ek ynkringend it gefoel fan rou oer de ferliezen beskreaun.

Ik wit eins net oft der yn Ljouwert of Snits in soad dien wurdt oan dy Fryske Befrijingsdei. Yn Koudum flagget op 17 april in hantsjefol minsken mei de Koudumer of Fryske flagge en fierder lûkt in part fan Koudum fansels ek gewoan nei it Befrijingsfestival op 5 maaie yn Ljouwert. Dit jier mei nammen as Son Mieux, ambassadeur Kaspar, Froukje en tsientallen oare nammen dy ‘t – ach, de leeftyd – my neat sizze. Ja, de Hûnekop en Jitizer.

Opfallend fyn ik dat it tal minsken dat meidocht oan de Deadebetinking op 4 maaie yn Koudum yn de jierren dat ik hjir wenje wol grutter liket te wurden. Goed om te sjen is ek dat dizze ienfâldige betinking – de tocht fan de Martinitsjerke nei it begraafplak dêr ’t in koarte plechtichheid plak fynt – organisearre wurdt troch de Oranjeferiening. Dy bestiet út jonge minsken dy ‘t fierder benammen berne-aktiviteiten organisearje.

oarlochsmonumint op begraafplak Koudum

Mar op de ien of oare wize liket ek by my de Twadde Wrâldoarloch yn de rin fan de jierren earder tichterby kommen as fierder fuortrekke. Faaks hat dat te krijen mei de nije ferhalen dy ‘t ik oer de Twadde Wrâldoarloch lies en hearde yn myn hjoeddeiske wenplak Koudum. Hast alles wat ik op de webside fan Histoarysk Koudum oer de Twadde Wrâldoarloch lies, wie nij foar my. Mar noch altyd dûke dêr ek nije, nea earder fertelde ferhalen oer dy oarloch op.

Sa ferskynde yn 2022 It grutte swijen, dêr’t ‘t Jan de Vries yn besiket te ûntraffeljen wat der ein 1944 en begjin 1945 krekt bard is yn Koudum om de likwidaasje fan in lânferrieder hinne. Troch it ‘grutte swijen’ foel dat noch net ta en it moaie fan it boek is ek dat it histoaryske ferhaal fan De Vries folge wurdt troch in literêre ferwurking fan Ytsje Hettinga. Hja skreau trije monologen en dêryn fertelle froulju harren ferhaal oer wat hja om dat drama hinne ûnderfûn hawwe.

It ôfrûne jier dûkten der by Histoarysk Koudum nije dokuminten op mei mear nije ferhalen. Dy fynsten hawwe de eksposysjekommisje fan Histoarysk Koudum mei besluten litten om de tachtichjierrige fiering fan de befrijing yn Koudum yn 2025 yn te lieden mei in eksposysje oer Koudumer ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch. Wa ‘t dus noch Koudumer ferhalen wit oer de Twadde Wrâldoarloch mei dy gau fertelle oan Histoarysk Koudum, dan kinne dy ferhalen yn de eksposysje meinaam wurde. En foaral soe it moai wêze as der by dy ferhalen foarwerpen hearre dy ‘t eksposearre wurde kinne.

Fan de oarlochsslachtoffers kenne we fansels de bekende ferhalen fan Tjalke van der Wal of Gerben Ypma nei wa ‘t strjitten yn Koudum ferneamd binne. We kenne ek de ferhalen fan de famyljes yn Koudum dy ‘t nei de oarloch de Israelyske Yad Vashem-ûnderskieding krigen. Fia it ûndersyk fan Jan de Vries yn It grutte swijen kenne wy foar in grut part it ferhaal fan it needlottich deasjitten fan in Koudumer jongeman troch de Dútsers mei de dramatyske neisleep dêrfan. En sa binne der mear ferhalen bekend.

Mar der binne ek noch in soad ferhalen ûnbekend bleaun. Wat is bygelyks it ferhaal fan Albert van de Water dy ‘t yn 1940 húsdokter waard yn Koudum en him festige op Grovestins? Tsjin ‘e ein fan ‘e oarloch waard er fermist. Letter waard bekend dat er yn desimber 1945 yn Torgau (tusken Dresden en Leipzig) yn Russyske kriichsfinzenskip ferstoarn is. Yn 1948 is er werbegroeven yn Berlijn-Spandau. Mar wat is syn ferhaal? Hoe grut de kâns is dat ûndersyk nei dy fraach ek echt in ferhaal opsmyt, wit ik net. Mar dat der noch hieltyd nije ferhalen komme oer wat der bard is yn de Twadde Wrâldoarloch, ek yn Koudum, dat is wol wis.