In Geen categorie

28 In Koudumer skipstimmerman yn Antwerpen

Om’t we dochs nei de keunstner Jean Kamps yn it Siuwsk-Flaamske Koewacht giene, hawwe we ein febrewaris ek efkes yn Antwerpen del west by Koudumer Wim Mendelts. Dy is op in snústerige skipshelling earne op de linkerwâlskant fan de Skelde dwaande mei in unyk projekt, nammentlik de folsleine restauraasje fan in houten syljacht fan mear as 100 jier âld. It giet om de ‘Ouderhoek’, in Siuwske ‘poon’ (of is it dochs in ‘boeier’?) dy ’t yn 1914 yn Ouderkerk aan de Amstel boud waard.

Wim Mendelts folge in oplieding ta yndustrieel foarmjouwer oan de TU yn Delft, mar ferlear al betiid yn de jierren ’80 syn hert oan tradisjonele skippen. Alhiel op syn eigen wize – mei in sûne nijsgjirrigens dingen dwaan en útprebearje – ferdjippe er him yn dy skippen. Hy begûn in pear jier letter yn Koudum syn eigen skipstimmerbedriuw ‘t Berghout. Geregeld fiert er trouwens restauraasjewurksumheden út oan âlde houten skippen op ferskate plakken yn Nederlân – en no dus ek yn België.

Yn 1978 -1979 hat de Ouderhoek al ris in yngripende restauraasje ûndergien en ek dêr wie de súdwesthoeke fan Fryslân by belutsen. De eardere Amsterdamske eigener Frank Fehmers joech de Fryske skipsbouwer Roelof van der Werff, krekt begûn op de Warkumer skipstimmerhelling De Hoop, de opdracht foar de restauraasje. Fehmers hat ûnder oare troch korrespondinsje mei eardere eigeners in soad fan de skiednis fan de ‘poon Ouderhoek’ achterhelje kinnen en skreau dêr yn 1979 in boekje oer.

De restauraasje fan de romp fan de Ouderhoek is foar it grutste part klear.

Dy restauraasje, mear as fjirtich jier lyn, duorre in pear moanne, mar de hjoeddeistige restauraasje giet fanneed noch wol wat fierder. Doe ‘t Wim Mendelts yn 2022 úteinlik fan de Belgyske eigener de definitive opdracht krige ta restauraasje fan dit bysûndere, kûgelrûne, houten sylskip, wie der net folle mear fan oer. Sels doe ‘t it 10,5 meter lange skip yn maaie 2022 op de werf op in bok tild wie, tocht de Koudumer skipstimmerman noch dat er de put yn oardel jier klearje kinne soe. Mar by ús besite oan him yn febrewaris 2024 hope hy dat hy no op ‘e helte wie.

We hiene gjin ôfspraak mei Wim makke, mar giene op goed gelok op in moandeitemoarn yn Antwerpen nei de helling. Fia betroubere boarnen út Koudum wisten wy de lokaasje (in loads by de Koninklijke Antwerpse Watersportvereniging SRNA) en krekt op it momint dat wy de yngong sochten, kaam Wim Mendelts oanfytsen. Fia syn Belgyske opdrachtjouwer hat er foar de doer fan de restauraasje in appartemint yn it sintrum fan Antwerpen, op noch gjin kertier fytsen fan syn wurkplak.

Wim Mendelts toant de skriuwer fan dit stikje in mooglik noch te brûken orizjineel ornamint fan de Ouderhoek. (foto Brigitte Duin)

Wim fertelt graach en mei in soarte fan nochteren entûsjasme oer de restauraasje fan it skip dat gjin geheimen mear foar him ken. Hy hat kopyen fan de orizjinele boutekeningen, mar alle konstruksjeflaters – dy sieten der spitigernôch yn, ûnder oare om de mêstkoker hinne – ferbetteret er by de restauraasje. Dy boutekeningen binne makke troch de Nederlânske skipsbouwer J.P.G. Thiebout (1873 -1941) dy ‘t de Ouderhoek yn 1914 boude op syn eigen werf De Amstel yn Ouderkerk aan de Amstel.

It ynterieur is fan de keunstner en ûntwerper fan (skips)ynterieurs C.A. Lyon Cachet (1864 -1945) dy ‘t in soad belangstelling hie foar Jugendstil. Dat sjogge je yn it ynterieur werom. Mendelts neamt it ynterieur “één groot Jugendstil-museum” en wol it leafst safolle mooglik orizjinele ornaminten wer werompleatse. Dat sil spitigernôch net altyd slagje, mar yntusken hat er in Belgyske keunstner fûn dy ‘t it net te ferhelpen fergiene houtsnijwurk op ‘e nij meitsje sil.

Op de boutekening stiet ‘boeier Ouderhoek’, mar al sûnt de bou fan it skip yn 1914 is der spul oer it type. Soms wurdt it in soarte fan Siuwske boeier neamd, mar troch de jierren hinne is it skip dochs meastal oantsjut as ‘poon’. Okee, fynt Wim, “maar het is eigenlijk geen poon en het is geen boeier”. Dat makket it skip faaks noch wol unyker, soest hast sizze.

It Wikipedia-artikel oer it skipstype ‘poon’ einiget mei de sin: “In het Antwerpse Bonapartedok ligt de laatste nog varende houten Poon, De Oudenhoek genaamd.” Dat sil ‘Ouderhoek’ wêze moatte, mar slimmer is fansels dat de Ouderhoek al sûnt begjin 2017 net mear fear. Doe sonk it nammentlik op syn plak yn it Antwerpske Bonapartedok en dat wie feitlik de deastek foar it skip.

De Ouderhoek is yn it Bonapartedok wer boppe wetter tild (jannewaris 2017)

Wim Mendelts wie goed 25 jier lyn al frege om nei it skip te sjen en hie yn dy tiid in offerte foar de restauraasje makke. Dêr wie de eigener doe net op yngien. Nei it sinken en wer optakeljen fan de Ouderhoek gie it skip der bepaald net op foarút, om it mar ris flink eufemistysk te sizzen. Dat die bliken doe ‘t Wim Mendelts ein 2021 wer frege waard om it skip ûnder hannen te nimmen. Dat like in skier ûnmooglike put, mar, sa fynt Wim Mendelts: “Alles wat ooit door mensenhanden is gemaakt, valt te repareren”.


Dêr binne fansels flinke kosten oan ferbûn, mar gelokkich is de Belgyske eigener net ûnbegoedige én der blieken subsydzjemooglikheden te wêzen. De Ouderhoek stiet sûnt in pear jier yn België op de monumintelist as ‘varend erfgoed’, wêrtroch ’t de restauraasje foar in part subsidiearre wurdt. Dat is ek in wichtige reden wêrom ‘t Wim Mendelts dit wurk yn Antwerpen docht en net op syn eigen skipstimmerwerf yn Koudum. Op dizze wize hat er neier kontakt mei syn opdrachtjouwer én mei de subsydzjejouwers dy ‘t de fuortgong fan it wurk kontrolearje.

By ús besite fertelde Wim Mendelts oer syn wize fan wurkjen. It bûgjen fan de 40 mm tsjokke planken foar de boechplanken bygelyks bart fia de ‘brandstelling’, in spesjale konstruksje dêr ’t er de planken mei in brander en mei help fan gewichten (en geduld!) wit te bûgjen. Mar foar de spanten en de stevens hat er ‘krommers’ nedich, yn de goede mjitte bûgde tûken. Gelokkich binne der spesjale houthannelers dy ‘t him meihelpe om te sykjen nei goede bûgde tûken, dy ‘t dêrnei soarchfâldich op maat seage wurde moatte.

Fergiene gloarje (foto Wim Mendelts)

Wy hawwe fol bewûndering nei it ferhaal fan Wim Mendelts harke en sjoen yn syn Antwerpske wurkpleats dêr ‘t er fergiene gloarje op ambachtlike wize troch nij ferfangt. Dy bewûndering is allinnich noch mar grutter wurden nei it besjen fan de ‘poon-topic’ op ZeilerForum.nl. Dêr pleatst Wim Mendelts (ûnder de namme Berghout-2) fan 10 maaie 2022 ôf geregeld ferhalen en foto’s oer de fuortgong fan dit útsûnderlike, ambachtlike projekt.

Moatst soms efkes troch in tal bewûnderjende kommentaren skrolje om by in folgjend haadstik mei ferbjusterjende foto’s fan Wim te kommen. En je moatte net benaud wêze foar de geweldige, hast net mear brûkte skipstermen dy ‘t yn grutte oantallen foarbykomme. En fia dit blog kin elkenien sjen dat it echt net oerdreaun is om te konkludearjen dat it hast mear as unyk is dêr’t dizze Koudumer skipstimmerman yn Antwerpen mei dwaande is.

Een Nederlandse versie van dit artikel staat op de website Brekt.