In Geen categorie

16 Tsjerken yn Koudum (2): de Martinitsjerke

Prominint oanwêzich is er, ús tsjerke op it heechste punt fan Koudum, hast tsien meter boppe NAP: de Martinitsjerke. It liket krekt oft dy tsjerke der altyd al stean hat, mar dat is net sa, de tsjerke datearret út 1857 en is ien fan de fjouwer ryksmonuminten yn Koudum. Sûnt 2010 hâlde de leden fan de Protestanse Kerk Nederland (PKN) harren tsjinsten yn de Martinitsjerke. Dêrfoar wie it de tsjerke fan de Nederlands Hervormde Gemeente dy’t mei de grifformearden yn 2004 fusearre en PKN waard.

Ik ha yn de seis jier dat ik yn Koudum wenje noch net iens sa faak yn de Martinitsjerke west. Ien kear echt om te sjen, op in sneon yn de simmer doe’t de tsjerke iepen wie foar besikers, ien kear by in konsert fan Piter Wilkens en ien kear by in begraffenistsjinst. Fansels sjoch ik de tsjerke eltse dei wol fan bûten, want hy stiet inkelde tsientallen meters fan ús hûs ôf. As ik jûns ús hûntsje útlit sjoch ik faak genôch de skynwerpers útgean dy’t de tsjerke yn it ljocht sette. Dat bart om 23 oere hinne. En ik hear fansels de tsjerkeklokken eltse dei, hoewol’t net altiten bewust. By it lietsje ‘Seis oere thús’ fan Nynke Laverman moat ik elke kear oan ús tsjerkeklokken tinke:

En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús

Doe ‘t wy hjir in lyts jier wennen, krige ús hûn puppy’s. Doe’t se in pear wiken âld wiene, mochten de puppy’s foar it earst efkes nei bûten ta, op it stikje gers yn ús achtertúntsje. Nei’t se alle seis nei in lyts skoftke oan it bûtengefoel wend wiene, begûnen de tsjerkeklokken – it wie tolve oere middeis – te lieden. Se wisten net hoe hurd se wer ûnhandich deryn drave moasten. In pear dagen letter reagearren se al net mear op it slaan fan de tsjerkeklok.

De Martinitsjerke is neamd nei Sint-Martinus (Sint-Marten), yn de midsiuwen ien fan de populêrste roomsk-katolyke hilligen. Der binne yn Nederlân mear as 100 tsjerken dy’t nei dizze hillige Martinus fan Tours ferneamd binne. Yn Fryslân binnen dat er wol sa’n 25.

Fan 1542 ôf wiene der pastoars yn Koudum, mar wannear’t de earste tsjerke der stie is net alhiel dúdlik. Faak wurdt sein dat de earste tsjerke boud is yn 1614-1617, mar wierskynlik is doe de toer boud by in tsjerke dy’t der al stie. Dy toer wie oars hast twa kear sa heech as de toer fan de hjoeddeiske tsjerke. It wie sels in beaken foar de skippen op see en koest fan de toer ôf Teksel lizzen sjoen. Dy earste (?) tsjerke fan Koudum wie in saneamde krústsjerke. Der binne twa plaatsjes fan – fansels te sjen op de webside fan Histoarysk Koudum.

De krústsjerke fan Koudum, gravure út 1723 (sjoch Histoarysk Koudum)

Yn 1816 waard de Nederduitsch-Gerefomeerde tsjerke de Nederlands-Hervormde tsjerke, mar doe wie de steat fan it 16e/17e-iuwske tsjerkegebou al net mear sa bêst. Doe kaam der yn it begjin fan de njoggentjinde iuw ek noch in brân – dy’t wol fluch útmakke waard – en der kamen ek noch stoarmen. Troch in stoarm yn 1830 is de spits fan de toer ôfwaaid. Yn de ‘Staatscourant’ ferskynde in meidieling oan de skipfeart dat de spits fan de toer fan de Koudumer tsjerke ôfwaaid wie en net mear as beaken tsjinne koe.

No wie de steat fan de tsjerke al mei al sa min dat yn 1831 besletten waard ta sloop. Dat wie de ein fan de krústsjerke fan Koudum dy ‘t der mear as twa iuwen stien hat. Op itselde plak kaam der in nije tsjerke, in ‘koepeltsjerke’. Dêr binne wol wat tekeningen fan, mar fierders is der net folle fan bekend. It wie in ‘achtkante kerk met een koepeltoren’ en hy hat net sa lang stien en ek Histoarysk Koudum wit net krekt wêrom, mar de tsjerke is yn 1856 al wer ôfbrutsen.

De koepeltsjerke fan Koudum, ympressje troch Klaas Overzee (sjoch Histoarysk Koudum)

En dêrnei kaam dus de Martinitsjerke dy’t der no stiet. Ien fan de earste dingen fan de Koudumer doarpstsjerke dy’t my opfoelen, wie op feest – en betinkingsdagen de ûnbidige flaggemêst mei de altyd prachtich wapperjende flagge. Gelokkich stie der yn 2019 in artikel op Koudum.nl wêryn’t ferslachjouwer Jan Eisma in moaie beskriuwing jout mei in soad foto’s fan hoe’t de hydraulysk oandreaune aluminium flaggemêst wurket. Letterlik en passant hat er ek noch in foto makke fan it binnenwurk fan de toerklok.

Dat it ûnderhâld fan de tsjerke in behoarlik finansjele lêst is, mei dúdlik wêze. Allinnich al yn dizze iuw waarden der oant twa kear ta restauraasjes útfierd dy ‘t mear as 100.000 euro kosten. Sa waarden der fan 1989 ôf al alderlei ynsammelaksjes dien om in restauraasje yn 2002 mooglik te meitsjen. Yn 2011 kaam de toer fan de tsjerke yn eigendom fan de Stichting tot Behoud van Monumenten fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Sa koe fan augustus oant novimber 2012 in flinke opknapbeurt fan de toer útfierd wurde.

Dat hat blykber allegear wol fertuten dien, want ik moat sizze dat de Martinitsjerke, op dat heechste punt fan Koudum, der mar kreas by stiet. En moast ek net ferjitte om in kear nei binnen te rinnen, want dêr binne ek nijsgjirrige dingen te sjen. De preekstoel en it doopstek komme út de santjinde iuw en binne unyk troch it orizjinele koperwurk. En it oargel is fan 1859, mar der is gebrûk makke fan piipwurk fan in oargel út 1651.

Der is noch wat dêr’t men de Martinitsjerke yn Koudum ris foar ynrinne moat: it boerd dat herinneret oan de Spaanske Oerfal fan 1586. It boerd datearret nei alle gedachten út 1612 en hat altyd hongen yn de tsjerken dy ‘t stiene op it plak fan de hjoeddeiske Martinitsjerke. Op it boerd stiet in gedicht oer de grouwélige slachting dy’t de Spanjerts yn de winter fan 1586 op trochtocht yn Koudum oanrjochten. Doe ‘t it boerd yn 1891 oerskildere waard troch de Koudumer skilder Ype Sikkes de Jong, is by fersin fan it jiertal 1586 it jiertal 1580 makke.

Yn 2021 is it boerd opnij restaurearre en doe hat men der nuveraardich genôch foar keazen om it foute jiertal stean te litten. Dat boerd allinnich is al in besyk oan de doarpstsjerke fan Koudum wurdich. En lit de tsjerkeklokken fan de Koudumer Martinitsjerke mar liede by leed en by feestlike foarfallen.

En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús