In Geen categorie

Tekst in het Nederlands hieronder

Toanielgroep Tryater spilet op tiisdei 26 november om 20.00 ûre yn De Klink yn Koudum de foarstelling Raze om protters. De foarstelling is skreaun en regisearre troch âld- Koudumer Eelco Venema.

Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn bêst dochst om derby te hearren, hoe hâldst dy dan steande…?

It bart Doede (Raymond Muller), in jonge mei in lichte ferstanlike beheining, wannear’t in soad feroaret yn syn libben. Sûnt in pear wiken sit er ferplichte thús by syn mem (Aly Bruinsma), dy’t ek fersoarging nedich hat. Hy hat dien krigen om’t er by fersin syn net te temjen leafde foar Elske DeWall te bot utere, wylst syn freonen dat krekt sa oanmoedigen. Dêrtroch liket der gjin plak mear foar him te wêzen yn de maatskippij.

Help krijt er fan ynstânsjes, mar hy wurdt fan de muorre nei it sket stjoerd. Hoe hurd oft er ek besiket, Doede krijt mar gjin fet op hoe’t it dan wol heart. As útsetter driget ek syn favorite dowehobby foar him te djoer te wurden. Hy begrypt it net; hy docht sa syn bêst, wêrom wurdt dat net sjoen? Yn stee fan de kop hingje te litten, komt Doede yn aksje en easket in poadium. It is genôch.

Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede – mar meitsje dy gjin soargen, hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?

  • Spesjaal foar de foarstelling hat Elske DeWall de titelsong ‘Raze om protters’ opnommen.
  • Yn ‘e foarstelling wurdt Frysk, Grinzerlânsk en Ingelsk praat.
  • Kaarten € 17,50) keapje kin by boekhannel Muizelaar of online hjir.

Âld- Koudumer Eelco Venema skriuwt en regissearret Raze om protters. Hy is by Tryater bekend as spiler, mar ûnderwilens hat er ek in flink oantal stikken skreaun. Yn Raze om protters set Eelco Venema aktuele, maatskiplike fraachstikken oer soarch, partisipaasje, ynklusiviteit, sinjouwing en iensumheid om yn in tragikomysk skouspul tusken fjouwer spilers, wêrby’t er mei humor en empaty de soms skrinende werklikheden oan it ljocht bringt.

Fierder wie Rooftop Memories, dat te sjen wie yn Theater Bellevue yn Amsterdam, wie fan syn hân. In pear jier lyn skreau er mei oan de ‘Liwwadder’ útfiering fan Discopigs, koartlyn skreau er So happy together. Fierder skreau Eelco mei oan Wa oerlibbet de skries en Doarp Europa.

Nederlands

Toneelgroep Tryater speelt op dinsdag 27 novemember om 20.00 uur in De Klink in Koudum de voorstelling Raze om protters. De voorstelling is geschreven en geregisseerd door oud-Koudumer Eelco Venema.

Als je steeds maar het gevoel krijgt dat niemand je hoort en niemand je ziet, terwijl je zo je best doet om erbij te horen, hoe houd je je dan staande..?

Het overkomt Doede (Raymond Muller), een jongen met een lichte verstandelijke beperking, wanneer er veel verandert in zijn leven. Sinds een paar weken zit hij noodgedwongen thuis bij zijn moeder (Aly Bruinsma), die ook verzorging nodig heeft. Hij is ontslagen omdat hij per ongeluk zijn ontembare liefde voor Elske DeWall te uitbundig uitte, terwijl zijn vrienden dit juist zo toejuichten. Er lijkt hierdoor geen plek meer te zijn voor hem in de maatschappij.

Hulp krijgt hij van instanties, maar hij wordt van het kastje naar de muur gestuurd. Hoe hard hij ook probeert, Doede krijgt maar geen vat op hoe het dan wél hoort. Als klap op de vuurpijl dreigt ook zijn geliefde duivenhobby voor hem te duur te worden. Hij begrijpt het niet; hij doet zó zijn best, waarom wordt dat niet gezien? In plaats van bij de pakken neer te zitten, komt Doede in actie en eist een podium. De maat is vol.

In deze aandoenlijke theatervoorstelling word je gegijzeld door Doede – maar maak je geen zorgen, hij heeft geen kwaad in de zin. Hij wil alleen maar heel graag dat je even luistert -. Hij neemt je mee in zijn wereld, in zijn dromen, langs de paden van zijn onvrede, eenzaamheid en verlangens. Kun jij hem horen?

  • Speciaal voor de voorstelling heeft Elske DeWall de gelijknamige titelsong ‘Raze om protters’ opgenomen.
  • In de voorstelling wordt Fries, Gronings en Engels gesproken.
  • Kaarten € 17,50) kopen kan bij boekhandel Muizelaar of online hier.

In Raze om protters zet Eelco Venema actuele, maatschappelijke vraagstukken rondom zorg, participatie, inclusiviteit, zingeving en eenzaamheid om in een tragikomisch schouwspel tussen vier spelers, waarbij hij met humor en empathie de soms schrijnende werkelijkheden aan het licht brengt.

Oud-Koudumer Eelco Venema is bij Tryater bekend als speler, maar intussen heeft hij ook een heel aantal stukken geschreven.Rooftop Memories, dat te zien was in Theater Bellevue in Amsterdam, was van zijn hand. Een paar jaar geleden schreef hij mee aan Liwwadder uitvoering van Discopigs, meer recentelijk schreef hij So happy together. Verder schreef Eelco mee aan Wie overleeft de grutto en Dorp Europa.

Tekst Eelco Venema | Regy Eelco Venema | Spul Aly Bruinsma, Olympia Kotopoulos, Raymond Muller, Mads Wittermans | Regy-assistint Trieneke Verbeek | Foarmjouwing Marieke Veenstra | Muzyk Snoet & Smoel | Ljochtûntwerp Koos de Vries | Foarstellingslieder Jan Bruinsma | Technyk Gerard Jorna, Sigrid Jonker, Bart Schurer, Ben Vrielink | Taaladvys Arjan Hut | Visuals Richard Toepoel en Pieter-Frans Flameling | Video Lourens van den Akker |