Teätergroep Fjoer spilet op sneintemiddei 25 febrewaris it toanielstik Alles went yn doarpshûs De Klink yn Koudum. It stik is skrean troch Dick van den Heuvel en is een frije bewurking nei it boek fan Yvonne Kroonenburg. De foarstelling begjint om 14.30.
It stik giet oer in stel op leeftyd dat alles hat. Se binne sûn, ha in moai hûs, in soan en in pake/beppesizzer. Willem fynt it allegearre wol prima sa, wylst syn frou Hetty oerfallen wurdt troch it gefoel fan ‘Is dit alles?’. Se is ûntefreden en fielt in leechte yn har bestean. Se ha hieltyd faker rûzje en it houlik stiet op ynstoarten. Dan beslút Hetty it roer om te goaien en dat hat nochal wat konsekwinsjes!
‘Alles went’ is in relaasjekomeedzje mei in protte humor en hilaryske mominten, mar it jout it publyk ek stof ta neitinken.