In Geen categorie

27 Weromsjen op de eksposysje fan Histoarysk Koudum mei Koudumer doarpsgesichten

In moanne lang, fan 18 jannewaris oant 10 febrewaris 2024, hiene we yn ús galery Lytse Skientme in eksposysje fan Histoarysk Koudum mei Koudumer doarpsgesichten. ‘Meer dan 35 schilderijen, tekeningen of etsen van ruim twintig schilders en tekenaars’ stie op it affysje dat Histoarysk Koudum foar de eksposysje makke hie. Mar dy tekst wie betocht foardat de eksposysje ynrjochte wie.

Uteinlik hat de eksposysjekommisje oan de wanden en op ezeltsjes plak fine kinnen foar goed fyftich wurken, foar in part út it argyf fan Histoarysk Koudum, mar it meastepart troch partikulieren beskikber steld foar de eksposysje. De skilders en tekeners – guon berops, de measten amateur – kamen hast allegear út Koudum of direkte omkriten en makken harren wurk yn de 20e iuw, somtiden ek al fan plakjes en gebouwen dy ‘t op dat stuit net mear bestiene.

De eksposysje wie in grut sukses, mear as trijehûndert minsken hawwe de eksposysje besocht en dat wiene gâns mear besikers as by de eksposysje fan foarich jier oer 75 jier fanfare Nij Libben. Geregeld wiene der wol tsien besikers tagelyk yn de galery. Minsken bleaunen soms mear as in oere, ek wol om’t se bekenden tsjinkamen. De measte opmerkingen yn it gasteboek geane oer de oantinkens dy ‘t de minsken krigen by it sjen fan de skilderijen en tekeningen fan it âlde Koudum, lykas: “Moaie tentoanstelling hellet moaie werinneringen op”.

De eksposysje hie ferskate eachlûkers. Op ien muorre wiene dat bygelyks twa skilderijen dy ‘t neist elkoar hongen. Op it iene skilderij Grovestins State sa ‘t it der yn eardere tiden útsjoen hat, mei in foto fan it hjoeddeiske steatlike hûs dat der behoarlik oars útsjocht. Dêrneist in skilderij fan Willem Jans Dijk út 1941 mei it wide útsjoch út de tún fan Grovestins State wei. Op dat skilderij sjochst ûnder oare pleatsen yn de Heanmar en yn de fierte de toer fan de tsjerke fan Hylpen. In foto fan no lit yn stee fan it prachtige útsicht basisskoalle De Klimbeam sjen.

Op de tsjinoer lizzende wand foel yn alle gefallen it wierskynlik âldste skilderij fan de eksposysje op. De ûnbekende skilder lei in 19e-iuwsk panorama fan Koudum fêst mei dêrop ûnder oare de achtkantige tsjerke mei koepeltoer, dy ‘t der fan 1831 oant 1856 stien hat. Op dyselde muorre wiene inkelde ôfbyldingen (fan Jentsje Fekkes en Piet de Vries) te sjen fan in wûndermoai stikje Koudum dat folslein ferdwûn is: it paadsje ‘Efter de Tunen’ mei op ‘e eftergrûn de tsjerke. Dat ‘frijerspaadsje’ is troch mear skilders fêstlein en hat plak meitsje moatten foar in yngripende doarpsfernijing nei de Twadde Wrâldoarloch.

Hoewol ‘t it ynearsten net de bedoeling wie om fan ien fan de eksposanten gâns mear wurk yn de eksposysje op te nimmen as fan oare eksposanten, besleat de eksposysjekommisje op it lêste momint om foar Klaas Overzee (Koudum 1885 -1983) in útsûndering te meitsjen. Hy makke in soad tekeningen, akwarellen en skilderijen fan Koudum ek noch doe’t er al yn de Finke siet.

Fan partikulieren kaam wurk fan Overzee nei de eksposysje en Histoarysk Koudum hat sels in map mei in rike ynhâld oan akwarellen en tekeningen fan dizze yn Koudum populêre skilder. Dêrom wiene der dus sa’n fyftjin wurken – meast akwarel en (houtskoal)tekening – fan Klaas Overzee op de eksposysje. De kwaliteit fan it eksposearre wurk fan Overzee wiksele wol wat. Sa wie der bygelyks ek in tekening fan Galamadammen dy ‘t net iens ôf is.

tekeningen en akwarellen fan Klaas Overzee

Mar dy wikseljende kwaliteit jilde foar de hiele eksposysje. Utgongspunt wie dan ek net de keunstwurken op himsels, mar de Koudumer doarpsgesichten dy ‘t yn eardere jierren fêstlein wiene op doek of papier. En dy doarpsgesichten lieten alle kanten fan Koudum sjen. Fan Galamadammen fia Dammenseweg of Bovenburen nei de Ooste en sa troch nei Spoorzicht en úteinlik de tsjerke. Of fan de oare kant, fia de Slaperdyk, de mûne, de Snakke mei in omwei nei de haven en de Vermaningsweg om sa fia de Hoofdstraat ek wer by de tsjerke út te kommen.

Mei de besikers kamen ek de ferhalen oer it âlde Koudum. Oer de jonges en famkes op it âlde feilingterrein van Vendu Tivoli, oer pleatsen en huzen dy’t hielendal ôfbaarnd of ôfbrutsen binne, lykas de pleats fan Venema (Nieuweweg 1) of it ‘hûs mei it ingelekopke’ oan ‘e Snakke dêr’t  fytsmakker Jelle Plúm as lêste yn wenne hat. Der waard soms omraak diskusjearre, bygelyks oer it situearjen fan plakken op guon âlde tekeningen: “Dit is dochs net de pleats fan Vlieg?” “Jawis is dit de pleats fan Vlieg”.

It measte kommentaar gie oer it wol of net terjochte ôfbrekken fan moaie âlde gebouwen, lykas it âlde gemeentehûs yn de Hoofdstraat – dêr ‘t no it leechsteande pân fan de drogisterij stiet. Mar oer ien ding wiene alle besikers it gelokkich wol iens: “Kreaze samling fan destiids. Moai dat dit sa opset is!”