In Geen categorie

Koudum 5 febrewaris 2026 / ynstjoerd troch Ulfert de Jong

Tidens myn sneinske kuierkes troch Koudum, falle my faak feroaringen op. Yn dit gefal giet it om in pear nije ferkearsboerden dy’t by de Singel pleatst binne. Beide boerden steane seis meter fan elkoar ôf, mar sprekke elkoar tsjin. Wat op it iene boerd mei, wurdt ferbean op it oare.

It komt hjir op del: Op it parkearterrein is de auto de baas en op ’e dyk foar de Singel binne de bern de baas. Dat de parkearde auto’s dêr letter ek lâns moatte, wurdt oer de kop sjoen. No sjochtst op ’e Singel natuerlik net folle bern mear, want de froegere kristelike skoalle is al jierren ticht. Letter kaam de muzykskoalle yn de lokalen oan de Singelside. Mar ûnder lieding fan de Fryske VVD-steatsekretaris Halbe Zijlstra is de kulturele sektor om sjippe holpen. Dus muzykskoallelearlingen komme hjir ek al lang net mear. Of siet der by de gemeente Súdwest-Fryslân noch wat tefolle jild yn it potsje ‘ferkearsboerden’?