In Geen categorie

Onder de foto van de voorkant staat een Nederlandse versie

Op 3 septimber ferskynt it nije Fryske boek fan de Koudumer skriuwster Ytsje Hettinga. Hiemhûn en oare ferhalen is in bondel mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder. Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. Dêr tuskentroch komme we harren yn ferskate, soms werkenbere, situaasjes tsjin. Guon ferhalen binne anekdoatysk, oaren in miks fan fiksje en non-fiksje.

Ytsje Hettinga is berne by Dokkum (1946) en kaam, nei op in tal oare plakken wenne te hawwen, troch de leafde foar fêst telâne yn Koudum. Neist boerin wie, en is sy noch, aktyf op ferskaat kultureel mêd. Yn 2002 krige se in Rely Jorritsmapriis. Neist ferhalen en gedichten skriuwt Ytsje ek toaniel en set stikken oer, haadsaaklik foar de teätergroep Sult dêr’t se benei yn alle produksjes op de planken stiet.

Mei de debútbondel Lange fingers en tichte skuon (2007)reizge Ytsje tal ferieningen en organisaasjes ôf om foar te lêzen út eigen wurk. Tuskentroch publisearre se yn ferskate sammelbondels foar proaza en gedichten. Ut en troch krige se prizen foar har ferhalen. Guon fan dy ferhalen binne opnommen yn dizze nije bondel. Hiemhûn wurdt op 3 septimber yn lytse rûnte presintearre en is dêrnei te krijen yn Fryske boekhannels en fia de webside fan Utjouwerij DeRyp.

NEDERLANDSE VERSIE

Nieuw boek met Friese verhalen van Ytsje Hettinga

Op 3 september verschijnt het nieuwe Friese boek van de Koudumer schrijfster Ytsje Hettinga. Hiemhûn en oare ferhalen is een bundel met korte verhalen die zich niet alleen op het erf afspelen. De schrijfster neemt de lezer mee naar de straat, het dorp, de stad en verder. Met een lach en een traan volgen we de personages in Hiemhûn van kleuterschool naar de oude dag. Daar tussendoor komen we ze in verschillende, soms herkenbare, situaties tegen  Sommige verhalen zijn anekdotisch, andere een mix van fictie en non-fictie.

Ytsje Hettinga is geboren bij Dokkum (1946) en kwam, na op een aantal andere plaatsen gewoond te hebben, door de liefde voorgoed in Koudum terecht. Naast boerin was zij, en is zij nog steeds, actief op allerlei cultureel gebied. In 2002 kreeg ze een Rely Jorritsmaprijs. Naast verhalen en gedichten schrijft Ytsje toneel en ze vertaalt stukken, hoofdzakelijk voor de theatergroep Sult waar ze haast in alle producties op de planken staat.

Met de debuutbundel Lange fingers en tichte skuon (2007 ) reisde Ytsje tal van verenigingen en organisaties af om voor te lezen uit eigen werk. Tussendoor publiceerde ze proza en gedichten in verschillende verzamelbundels. Af en toe kreeg ze prijzen voor haar verhalen. Sommige van die verhalen zijn opgenomen in deze nieuwe bundel. Hiemhûn wordt op 3 september in bescheiden kring gepresenteerd en is daarna verkrijgbaar in Friese boekhandels en via de website van Utjouwerij DeRyp.