In Geen categorie

8 It Frysk yn Koudum

Doe’t ik troch âlde nûmers fan ús doarpskrante Bulte Nijs blêde, wie ien fan de saken dy ‘t my opfoelen de oanwêzigens fan it Frysk. Yn de begjinperioade, yn de iere jierren njoggentich fan de foarige iuw, wiene artikels yn it Frysk rom oanwêzich. Opfallend wie ek dat boppe Nederlânsktalige stikje gauris in Fryske titel stie, bygelyks by fêste rubriken as ‘Oan ‘e bult fage’ mei lyts nijs of ‘Utstalkast’ oer de hobby fan in Koudumer.

No moatst bytiden goed sykje om in Frysk stikje yn Bulte Nijs, dat is ien fan de redenen dat ik dizze stikjes yn it Frysk skriuw. No moat ik sizze dat it konsekwint brûken fan it Frysk ek net tafalt. Sa woene wy de webside fan ús galery twatalich meitsje, mar dat lêste betsjut gewoan dûbeld wurk, dat wy ha no mar in hiel lyts part fan ús webside yn it Frysk.

Der is ek net in soad Frysk te finen op winkels yn Koudum. Ja, ús bakker brûkt it Frysk wolris op syn ruten (‘keapje lokaal’), it krytboerd by it Kofjehúske brûkt it Frysk en ús galery hjit fan ‘Lytse Skientme’. Mar dan hast it wol hân en dat soarte Frysk wurdt ek wol spottend geveltsjefrysk neamd. De Fryske skriuwer Meindert Bylsma makke him dêr al drok oer yn syn boek Shit my mar lek fan 1998. “Geveltsjefrysk is skûlfrysk. Mei grutte letters Provinsjehûs op ‘e gevel sette, mar efter de gevel Hollânsk prate, sokssawat.” No, sa is it dan wer net by ús winkels: dêr wurdt noch wol in soad Frysk praat, sels al stiet der gjin Frysk op ‘e gevel.

Dochs fernim ik fan dat Frysk praten spitigernôch net altyd wat. En dat skynt dan ek wer in wittenskiplike ferklearring te hawwen. Yn de Leeuwarder Courant fan 16 oktober 2021 stie in artikel fan Pier Abe Santema oer de drompel dy ‘t in soad Friezen fiele om ien yn it Frysk oan te sprekken, gewoan yn eigen stêd of doarp. No dat hie ik yn de pear jier dat ik yn Koudum wenne ek al wol fernommen. Hiel nuver fyn ik it noch altiten as minsken dy’t altyd Frysk prate, tsjin my ynienen yn it Nederlânsk begjinne.

Okee, it earste jier dat ik yn Koudum wenne, snapte ik it noch wol. Ik waard fansels daliks werkend as ien dy ‘t hjir net wei kaam. Mar op in stuit fernaam ik dat ek minsken dy ‘t witte dat ik it Frysk ferstean en ek wol praat, dochs tsjin my yn it Nederlânsk begjinne te praten. Sterker: as ik ‘Goemoarn’ sis, sizze guon echte Koudumers, dy ‘t neffens my fierder de hiele dei Frysk prate, tsjin my ‘Goeiemorgen’ werom.

It soe ûnfatsoenlik wêze om yn it Frysk tsjin ien te begjinnen, is de wittenskiplike ferklearring. Neffens ien fan de Fryske Akademy komt dat by alle minderheidstalen foar. Sprekkers fan dy talen hawwe de oanstriid om gau oer te skeakeljen nei de mearderheidstaal, of der fuort mar yn te begjinnen. Net om ‘t se leaver de oare taal prate, mar om it risiko op in negative reaksje út te sluten. It soe ommers ris barre kinne dat ien it net leuk fynt om Katalaansk, Welsh of Frysk te hearren.

Der kamen in soad reaksjes op it stik yn ‘e krante, en sels hie ik ek wol oanstriid om myn ûnderfinings hjir yn Koudum oan ‘e krante te melden en derby te sizzen hoe jammer ik it altyd fyn as in Fryskprater yn Koudum tsjin my yn it Nederlânsk begjint. ‘Ha ik dêrom sa myn bêst dien om Frysk te learen?!’ soe ik der dan sneu by sette. Ik fyn it dus ‘net leuk’ as Friezen tsjin my Nederlânsk prate.

Ik ha úteinlik gjin stikje nei de krante skreaun, mar in pear dagen letter skreau deselde sjoernalist oer guon reaksjes op syn stik: “Wat miskien wol it measte opfalt yn de reaksjes binne de hast fertrietlike berjochten fan minsken dy ‘t it Frysk net prate, mar wol poerbêst ferstean. As se dat oanjouwe, skeakelje Friezen hast altyd dochs oer op it Nederlânsk. Ta harren grutte frustraasje. In soad Frysktaligen beseffe wierskynlik net hoe ferfelend sy dat fine. Hjir leit in taak foar Friezen dy ‘t harren taal in waarm hert tadrage, hoe dreech it ek wêze kin om in petear yn twa talen te fieren.”  

Wat misschien wel het meeste opvalt in de reacties zijn de bijna verdrietige berichten van mensen die het Fries niet spreken, maar wel uitstekend verstaan. Als ze dat aangeven, schakelen Friezen bijna altijd toch over op het Nederlands. Tot hun grote frustratie. Veel Friestaligen beseffen waarschijnlijk niet hoe vervelend zij dit vinden. Hier ligt een taak voor Friezen die hun taal een warm hart toedragen, hoe lastig het ook kan zijn om een gesprek in twee talen te voeren.

No ja, it stie yn ‘e krante yn it Nederlânsk, want we sizze wol de Ljouwerter, mar it is fansels de ‘Leeuwarder Courant’. En der wiene dus mear minsken lykas my, hoewol’t it yn myn gefal noch slimmer is, om’t ik – al bin ik dan fan hús út gjin Fries – ek yn it Frysk werom praat en dat krekt ek nochal graach doch. Yn alle gefallen ha ik my doe foarnommen om moarns by myn kuier mei de hûn elkenien te begroetsjen mei ‘goemoarn’. Want elkenien, sels al ferstiet hy of sy gjin Frysk, sil sa’n begroeting dochs wol begripe?

Mar ferhip, hoe graach ik ek Frysk hear, dochs fûn ik it in pear dagen letter, by in lêzing yn it doarpshûs De Klink, in bytsje nuver, dat de yntroduksje fan in Nederlânsktalige sprekker yn ‘t Frysk wie. De foarsitter hie wol oan de seal frege oft elkenien it Frysk ferstean koe, mar de sprekker fan dizze jûn wie by myn witten folslein Nederlânsktalich. En ja, ik fûn dat Frysk praten eins wol in bytsje ûnfatsoenlik tsjin de sprekker oer, ik skamme my der suver in bytsje foar.

Mar dat Frysk, sa die bliken, wie foar de sprekker gjin inkeld probleem. Sterker noch: dy begûn har ferhaal ek yn it Frysk. Se fertelde dat se har karriêre begûn wie as sjoernalist by de Leeuwarder Courant en doe ek in ferplichte kursus Frysk folge hie. Fansels hie de foarsitter it dêr foar it begjin fan de jûn mei de sprekker oer hân en wie ik dus in bytsje te betiid om my oer syn Frysk praten te fernuverjen. Ta eintsjebeslút: al sykjend nei it plak fan it Frysk yn Koudum, fûn ik út dat it Frysk oant foar koart in wichtich plak hie op it Bogerman College yn Koudum. Sels de nijsstjoerder BBC America hat dêr yn 2016  in reportaazje oer makke! Mar de lêste jierren liket it Frysk dêr ek wol terrein ferlern te hawwen. Ik bin dan ek benijd oft it projekt ‘Koudum ferbynt’ de kommende jierren op de skoallen yn Koudum in ferfolch krijt.

Dizze column stie earder yn koartere foarm yn it julynûmer fan Bulte Nijs.  Nederlandse versie op Brekt.