In Geen categorie

5 Galamadammen, Jac. P. Thijsse en Koudum

Doe ’t ik in pear jier yn Koudum wenne, rûn mei de pinksterdagen samar ynienen myn âld-kollega J. troch de Hoofdstraat. Dat wie in oangename ferrassing, foaral om’t it in kollega wie dêr’t ik goed mei opsjitte koe, ek al joech er in hiel oar fak as ik. En wat in tafal dat er hjir rint, tocht ik, mar dat tafallige foel wol mei, want it blykte dat syn famylje al jierrenlang mei de pinksterdagen byinoar kaam yn hotel Galamadammen.

Tsja, en no haw ik J. al twa jier net mear yn Koudum sjoen, want hotel-restaurant Galamadammen sit al twa jier ticht. En wat sil ik sizze oer dat treurige feit. Ik kaam der net folle, mar hie sa no en dan wol in kuierke mei de hûn, dat útrûn op in kopke kofje mei oranjekoeke op it terras fan Galamadammen en in skoftsje sjen nei de lâns farrende boatsjes. Dat kin aldergeloks noch wol by It Skippershûs op de Kuilart, mar dus al twa jier net by Galamadammen. Oaren– lykas Albert Hendriks en Eelke Lok – hawwe dêr al aardich lilke stikjes oer skreaun, dus dat hoech ik net mear te dwaan. Lit ik it derop hâlde dat it moai is dat der no Oekraynske flechtlingen yn it hotel opfongen wurde.

Doe’t ik foar it earst lâns Galamadammen kaam, as jonge fan santjin, achttjin jier, op ‘e fyts út Noard-Hollân wei, lei der noch in brêge oer it Johan Frisokanaal. Dat doe’t ik hjir te wenjen kaam seach ik wol op fan it akwadukt dat der no sûnt 2007 leit. Wat ik foaral moai fyn oan it akwadukt is de tekst op de noardeastlike muorre: ”Al heel spoedig komen we nu aan een van de meest merkwaardige punten van de heele Friesche waterwereld, Galamadammen.” It sitaat is fan Jac. P. Thijsse (1865-1945) út syn ‘Verkade-album’ Friesland (1918). It stiet op side 70, teminsten fan de werprintinge út 1979.

Op it plaatsje dat der by heart, plaatsje nûmer 124 (op side 87) sjogge we hoe’t de brêge en de herberch der oan it begjin fan de foarige iuw útseagen. It byld dat wy op it plaatsje sjogge, komt ûngefear oerien mei it byld dat we sjogge op printbrievekaarten út it begjin fan de 20e iuw en in ôfbylding fan in skilderij dy’t allegear steane op ‘e side oer Galamadammen op de webside fan Histoarysk Koudum. Der bestiet ek in skilderij fan itselde útsicht op de brêge en herberch De Galamadammen fan de Heidenskipster skilder en boer Marten Groenhof. De herberch is troch de Dútsers yn 1945 ferwoaste. Dat skilderij fan Groenhof moat dus nei in foto of in oar skilderij makke wêze, want dat datearret út 1974.

Fryslân wie foar Jac. P. Thijsse in ferrassing, sa begjint de ynlieding fan de werútjefte fan it Verkade-album oer ús provinsje. En it liket wol oft Thijsse it gea rûnom Koudum it aldernuverst fynt. Sa neamt Thijsse Galamadammen “een van de meest merkwaardige punten van de heele Friesche waterwereld”. Dat komt mei troch de namme. Hy leit út dat er yn Brabân en Limboarch opgroeid is en wol fan ‘madammen’ heard hat, mar nea fan gala-madammen. Pas doe’t er hearde fan it ‘ferneamde geslacht der Galama’s’ begriep er de namme. Dat grapke oer de namme makke Jacob van Lennep trouwens al yn 1836, yn syn ynlieding op de histoaryske roman De roos van Dekama.

Mar ek it hiele buorskip Galamadammen fynt Thijsse nuver: “’t Is hier een heel merkwaardig buurtje: de sluizen, de dijk, de baken langs het meer, de watermolentjes en boerderijen in de weiden en de hooggelegen dorpjes rechts en links. Over de dammen buigt de weg van de Slaperdijk af, hij gaat dan Dammeweg heetten.”

Al earder op deselde side fytst Thijsse fan Starum nei Himmelum. Fan Himmelum ôf sjocht er “het eerste der Friesche meren, dat meteen een der merkwaardigste is: de Morra.” Dat komt, sa leit Thijsse út, om’t er oer de Morra hinne hichten sjocht: “Over de Morra heen ontwaren we warempeltjes alweer heuvelen (‘t is merkwaardig hoe heuvelrijk dat Friesland is) dat is de heuvelrij van Koudum.”

Ja, jim ha it goed telt: Thijsse brûkt yn syn boek oer Fryslân op de iene bledside oer ús omkriten mar leafst fjouwer kear it eigenskipswurd ‘merkwaardig’. Dat fyn ik dan wer apart, mar as Koudumer ferjoust dat de man wol, want hielendal ûnderoan de side komt Jac. P. Thijsse dan yn Koudum sels: “Zoo komen wij in Koudum, dat door ik weet niet wie, het mooiste dorp van Friesland genoemd is en de man mag wel gelijk hebben.”

Dy útspraak die my efkes tinken oan de earste sin fan it ferhaal ‘De uitvreter’ van Nescio uit 1911. Dêr hat Nescio it oer in man (Frederik van Eeden) dy ‘t de Sarphatistraat yn Amsterdam it moaiste plak fan Europa fûn. Dat fynt Nescio wol wat nuver. Mar it nuvere fan de sin by Thijsse is dat hy de man noch gelyk jout ek. En ik hâld fan Koudum, dat ha jim hooplik al wol begrepen, mar it moaiste doarp fan Fryslân? No ja, Jac. P. Thijsse sei it, hûndert jier ferlyn!

Dizze column stie earder yn koartere foarm yn it aprilnûmer fan Bulte Nijs. Nederlandse versie (Ook op Brekt! verscheen een Nederlandse versie).