In Geen categorie

24 Fryske sporten: fierljeppen, skûtsjesilen, keatsen, reedriden (en De Tocht)

Foardat ik yn Koudum wenjen kaam, wist ik echt wol dat der yn Fryslân net allinnich riden waard en dat fierljeppen, skûtsjesilen en keatsen echte Fryske sporten wiene. Mar as ik al ris in kear wat fan it skûtsjesilen seach, dan begriep ik dêr hielendal neat fan. En fan keatsen en fierljeppen seach ik net iens wat. No, dat is allegearre yngeand feroare. Dêr hat Omrop Fryslân wol in rol yn spile, mar dochs ek wol in bytsje de beskieden suksessen fan Koudumer sporters.

Dat lêste is der miskien ek wol de oarsaak fan dat ik de finesses fan it keatsen noch hieltyd net hielendal troch ha, want der wurdt yn Koudum net echt keatst. Ien kear yn it jier is der yn Koudum it saneamde nachtkeatsen en by it ‘Simmerfestifal’ hast it strjitkeatsen. Mar wat ik dêrfan meikrij, giet it dêr foaral om de gesellichheid en de neisit. Sa ’n bytsje sa ‘t ik tennis dus. En ik wit no echt wol hoe’tst de keatsbal yn it perk slaan moatst en wat bygelyks in partoer is of in boppeslach, mar hoe’t dat no krekt wurket mei earste keats en twadde keats, ûntgiet my noch.

Else Klijn Velderman Nederlands kampioen fierljeppen 2022 meisjes tot 10 jaar

Mar yn it fierljeppen en by it skûtsjesilen spilet Koudum syn beskieden roltsje mei. Sa is der de Koudumer Rutger Piersma dy ‘t der sa no en dan yn slagget in fierljepwedstriid te winnen yn de haadklasse fan it Frysk Ljeppers Boun. Yn de echt grutte wedstriden slagge him dat noch net, mar Koudum ferwachtet dochs noch in soad fan dizze doarpsgenoat. En wa wit sil it by de froulju ek nochris slagje om in Koudumse by de topljeppers te hawwen. De Else Klijn Velderman waard by de famkes oant tsien jier alris net allinnich Frysk mar ek Nederlânsk kampioen, dus wa wit oer in pear jier?

By de grutte wedstriden skûtsjesilen fan de SKS docht der gjin skûtsje út Koudum mei, mar by de IFKS (de Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen) fart it Koudumer Skûtsje Grytsje Obes yn de heechste klasse mei, mei skipper Arjen de Jong oan it roer en it logo GO yn it seil. No ja, fóér yn de heechste klasse mei, want yn it foarich farseizoen gie it wat minder en degradearre de Grytsje Obe nei de B-klasse. Dit jier siet it bepaald net mei en troch tsjinslaggen slagge de Grytsje Obes der net yn om yn de B-klasse yn de heechste regioanen mei te dwaan. Takom jier mar wer kampioen en promovearje nei de A-klasse?!

As lêste it reedriden, in ynternasjonale sport dy ‘t ûnskiedber mei Fryslân ferbûn is. Nee, Koudum leveret gjin topreedriders ôf, by de Friezen dy ‘t meidogge oan de grutte wedstriden sit der net ien by dy ‘t út Koudum komt. En wa ‘t oan reedride yn Fryslân tinkt, tinkt net allinncig oan Thialf, mar fansels ek oan de Alvestêdetocht. “Bisto in reedrider, Jelle?” It wie begjin oktober 2023 en we fielden de kjeld fan it iis dat foar ús lei. It like ek wol in moaie baan, dy seach der glêd út en sûnder skuorren.

Wy sieten op rige fjouwer en foar ús sieten ek twa minsken dy’t de reis fan Koudum nei it nije en tydlike teäter Friso yn Ljouwert makke hiene om De Tocht te sjen. Wy hiene de kaarten foar it spektakelstik al earne yn it foarjier kocht, doe’t it teätergebou noch lang net klear wie. Mar it bliek dat Douwe en dy de kaarten trije jier ferlyn al besteld hiene, doe’t it noch hielendal net wis wie dat de musical oer ‘de tocht der tochten’ trochgien soe.

Wylst wy in bytsje yn spanning sieten te wachtsjen op it begjin fan it stik, praten we wat mei ús doarpsgenoaten. En fansels, Douwe hie alris in echte Alvestêdetocht riden, en hy soe der sa wer oan begjinne at der no noch in echte Alvestêdetocht komme soe. Op houtsjes, dat like him wol moai.

Ik mei graach oer reedriden, mar kin it net echt goed en ik kom dan ek net fierder as dat ik yn myn jongere jierren wolris tochten fan 20 kilometer riden ha en sels wol ien kear in tocht fan 60 kilometer. Mar ik kom yn de fierste fierte net yn ‘e buert fan in reedrydtocht fan 200 kilometer. En de lêste kear dat der iis lei, no hast twa jier ferlyn, ha ik in hiel, hiel lyts stikje fan de Alvestêdetocht riden, nammentlik it stikje fan Koudum nei Hylpen. Hinne en werom, mar op sok min iis dat ik dêrnei sein ha dat ik soks nea wer dwaan soe.

Dus nee, sjoen troch de eagen fan ien dy’t in echte Alvestêdetocht riden hat, kin ik my gjin reedrider neame. Mar dan de akteurs, dûnsers, sjongers en figuranten dy’t meidogge oan de musical De Tocht! Dy steane en ride, mei in lytse útsûndering, de hiele foarstelling lang op it iis! En dan kin it musicalferhaaltsje fan de freoneploech dy’t de Alvestêdetocht rydt neffens guon kritiken in bytsje meager wêze, it spektakel mei yndruk meitsjende bylden, mei der wis wol wêze. En ast foaroan sitst fielst de kjeld fan it iis en dat makket de belibbing noch djipper.