34 Strjitnammen yn Koudum (1): Jacob Binckesstraat
It gemeente-argyf Súdwest-Fryslân hat dit jier ûndersyk dien nei de eventuele rol fan bestjoerders en ynwenners fan in tal eardere gemeenten fan Súdwest-Fryslân by de slavernij. Oanlieding fan it ûndersyk is it nasjonaal betinkingsjier Slavernijferline, dat rûn fan 1 july 2023 oant 1 july 2024. Yn it ûndersyk is sjoen nei hokker ferbannen der te lizzen binne tusken de Suderseeplakken Hylpen, Warkum, Starum en Makkum en it Nederlânske slavernijferline yn de perioade 1602 -1795.
De fjouwer havenplakken krigen elk in haadstik yn in publikaasje Fan de Sudersee oant fiere kusten Hylpen, Warkum, Starum, Makkum en de slavernij, 1602 -1795 dy’t te downloaden is fia de webside fan it gemeente-argyf De Tiid. It ûndersyk befettet noch in ekstra haadstik, dat net betrekking hat op Hylpen, Warkum, Starum en Makkum, mar op Koudum. Dat doarp foel dan wol bûten it ûndersyk, mar dochs is derfoar keazen om der koart omtinken oan te besteegjen. Koudum hat nammentlik in Jacob Binckesstraat. De strjitte is ferneamd nei Jacob Binckes út Koudum (1637 -1677), dy’t – sa seit it gemeente-argyf – lange tiid is beskôge as in seeheld. Mar, sa stiet der yn it ûndersyksferslach, in neiere analyze wiist út dat, mei it each op it slavernijferline, fraachtekens by dy status set wurde kinne.
De meiwurkers fan it gemeente-argyf brûke yn harren publikaasje net as boarne it boek Verzwegen zeeheld, Jacob Benckes (1635 -1677) dêr’t de Koudumer histoarikus Jan de Vries dúdlik yn makket dat Benckes as seeheld bewust ferswijd wurden is. Hja basearje har op Wikipedia, in krante-artikel en in artikel fan de webside Caribbean History Archives. Mar yn 2018 frege Jan de Vries him yn syn boek al ôf oft it seeheldedom fan Benckes wol wat is dêr’tst grutsk op wêze moatst. Ja, yn it ferline wie dat wol de bedoeling, mar no tinke wy dêr oars oer. De Vries seit yn syn ynlieding:
Maar er is natuurlijk ook een andere kant. Jacob Benckes heeft als officier in slaven gehandeld en er dus geld mee verdiend. En onder zijn verantwoordelijkheid zijn als gevolg van een gevecht op Tobago tweehonderd slaven op afschuwelijke wijze om het leven gekomen. Al was het het destijds voor het merendeel van de Europeanen weinig aanstootgevend, het zijn beschamende feiten waar niemand trots op kan zijn.
En fierderop yn it boek lit De Vries ek dúdlik sjen dat Benckes yndied net allinnich in seeheld is, mar yn ús eagen ek betinklik hannele hat om’t er him dwaande hold mei slavehannel.
Dy beskamsume feiten, sa heakket Jan de Vries der noch oan ta, meitsje wol diel út fan de skiednis. Dat argumint brûkt de gemeente no ek om net de strjitnamme Jacob Binckessstraat feroarje te wollen. De Jacob Binckesstraat krige dizze namme yn 1957, doe’t Koudum noch diel útmakke fan de gemeente Hemelumer Oldeferd en Noordwolde. „Of de straatnaam in zijn geheel gewijzigd zou moeten worden is wel besproken, maar we hebben om twee redenen gekozen om dat niet te doen”, fertelde wurdfierder Christiaan Weening oan ‘e Leeuwarder Courant. It soe foar de bewenners betsjutte dat harren adresgegevens feroarje en de gemeente seit ek te hechtsjen oan behâld fan in stikje kultuer en histoarje.
Nei oanlieding fan it ‘ûndersyk’ fan it gemeente-argyf binne der wol nije strjitnammebuordsjes mei in QR-koade kommen dêr’t wat mei útlein wurde soe. Dat wurket lykwols noch net echt. Underwilens sit der no (septimber 2024) al in pear moannen in QR-koade op de nije strjitnammebuordsjes fan de Jacob Binckesstraat. Mar wêr’t dy koade nei ferwiist? Gjin idee, de link nei de webside dêr’t mear ynformaasje stean moatte soe, wurket blykber noch altyd net.
Mooglik is it de bedoeling dat de QR-koade ferwiist nei dizze webside fan it gemeente-argyf De Tiid. De side is op 22 maaie 2024 tafoege en dêr stiet it folgjende te lêzen.
Jacob Binckes (1637-1677), een inwoner uit Koudum naar wie in 1957 door de vroegere gemeente Hemelumer Oldeferd en Noordwolde deze straat is vernoemd, heeft een bedenkelijke rol gespeeld in de slavernijhandel in de 17e eeuw. Tijdens de expeditie van de West-Indische Compagnie (WIC) in 1673, waarin Binckes een leidinggevende rol had, werd het eiland Sint Eustatius veroverd. Dit werd een zeer belangrijk knooppunt in het Nederlandse slavernij-netwerk. Aan boord van de WIC schepen die het eiland veelvuldig bezochten zaten honderden mannen, vrouwen en kinderen die op Sint Eustatius werden ‘verkocht’ of daar op de plantages moesten werken.