In Geen categorie

22 Unk en leed fan eartiids (16e en 17e iuw) yn Koudum

It skriuwen fan dizze stikjes bin ik mei begûn om’t ik in soad nocht ha oan dingen dy’t ik tsjinkom yn it doarp dêr’t ik no in pear jier wenje. Of oan dingen dy’t ik oer dat doarp lês, want ik mei graach wat opsykje oer it ferline. By dat lêste kom ik ek wolris ûnderwerpen tsjin dêr’t in fatsoenlik man gjin nocht oan ha kin, útsein dan faaks in soarte fan ‘nocht oan ûnnocht’. Want it hat fansels yn Koudum net alle dagen allinnich mar roazerook en moanneskyn west.

Nee, neat minskliks is Koudum frjemd, dus ek neat ûnminskliks. Dêr koe Koudum oars net altyd sels wat oan dwaan, sa as by de Spaanske Oerfal yn de Tachtichjierrige Oarloch. Yn de Martinitsjerke fan Koudum hinget in beskildere houten boerd as oantinken oan dat barren yn 1586. It boerd datearret nei alle gedachten út 1612 en hat altyd hongen yn de tsjerken dy ‘t stiene op it plak fan de hjoeddeiske Martinitsjerke.

Op it boerd stiet in ‘gedicht’ dêr’t de wreedheden yn beskreaun wurden dy ‘t de Spanjerts oanrjochten yn de winter fan 1586 yn Koudum. Doe ‘t it boerd yn 1891 oerskildere waard troch de Koudumer skilder Ype Sikkes de Jong, is by fersin fan it jiertal 1586 it jiertal 1580 makke. By de restauraasje fan it boerd yn 2021 is der opmerklik genôch foar keazen om it foute jiertal stean te litten. In nuver beslút neffens my.

De Spanjerts begongen yn 1586 groulike wreedheden tsjin de Koudumer befolking, wêrby ‘t froulju en bern net sparre bleaune. P.C. Hooft besiket yn de santjinde iuw yn it 24e boek fan syn Historiën om dy Spaanske wreedheden te beskriuwen. Ik lit de santjinde-iuwske Hollânske taal mar efkes stean: “Het branden en blaaken, de wreedtheeden, bedreeven met schenden van wyven en maaghden, met vermoorden van oudt en jong, met meêsleepen van kraamvrouwen, gestorven onder weeghe, met doorsteeken en weghwerpen der onlanx geboore kinderen, met pynighen en kneevelen om onvergeldelyk ransoen, deeden den geenen, die ze hoorden verhaalen, de hairen te bergh staan.” (Sjoch mear hjiroer op de side fan Histoarysk Koudum).

Dat liicht der net om! Mar dy wreedheden yn 1586 wiene net de earste kear fan de Spanjerts yn ús omkriten. Yn 1568 begûn de Tachtigjierrige Oarloch, mar yn 1566 wie feitliks de opstân tsjin Spanje as besetter begûn. Nei de Byldenstoarm yn augustus 1566 stjoerde Philips II fan Spanje de hartoch fan Alva mei in grut leger nei de Nederlannen. Fan de Slach by Heiligerlee ôf yn maaie 1568 besocht Willem fan Oranje as lieder fan de opstannelingen (‘Geuzen’) de Spaanske macht yn de Nederlannen te ferdriuwen.

Op 24 augustus 1572 waard it troch de Spanjerts besette Starum wer ynnommen troch de Geuzen. De Spaanske befelhawwer Caspar de Robles hierde Waalse en Dútske soldaten yn dy ‘t mei de Spaanske soldaten Starum oanfoelen op 9 septimber. De Robles sette in dei letter noch mear Walen en Dútsers yn. Sa slagge it de Spaanske oermacht om de Geuzen op ‘e flecht te jeien. Nei ‘t in groep Geuzen by Galamadammen ferslein wie, waard Koudum troch de Waalske soldaten plondere. Histoarysk Koudum hat in nijsgjirrige side oer dit barren.

En dy santjinde-iuwske plonderingen wiene ek net de earste grutte plonderingen fan Koudum. Yn it begjin fan de 16e iuw wie ek Koudum slachtoffer fan de rebûlje yn Fryslân dêr ‘t Grutte Pier in rol yn spile. Yn 1515 ferlieten de Saksyske troepen Fryslân, dêr min ofte mear ta twongen troch de ‘Gelderske Friezen’ ek wol bekend as de binde fan de Swarte Heap fan Grutte Pier. Op harren weromtocht plonderen dizze Saksyske troepen in soad plakken yn Fryslân, wêrûnder Koudum, sa lêze wy bygelyks yn in lyts sintsje yn it 25e diel fan de Hedendaaagsche Historie dat oer Fryslân giet.

No, sa kin it wol wer efkes, foar no genôch mei grouwélige foarfallen út it ferline fan Koudum. Folgjende kear faaks fierder mei de 18e en 19e iuw, want ek doe barden der minder noflike dingen yn Koudum.