In Geen categorie

20 Hoe’t Koudum oan syn namme kommen is

Ik mei graach oer folksferhalen en de hiele rige Fryske folksferhalen fan Ype Poortinga ha ik al jierren yn de kast te stean. En ik ha it yn myn stikje oer de njoggentjinde-iuwske skriuwer Waling Dykstra al hân oer it folksferhaal dat fertelt hoe’t Koudum oan syn namme kommen is. Dykstra hie it teltsje opnommen yn syn boek Uit Friesland’s volksleven (1895) en seit der sels al by dat it in nuver ferhaal is.

Ek yn De foet fan de reinbôge (1979), it fjirde diel fan de rige folksferhalen dy’t Ype Poortinga sammele hat, stiet dat ferhaal. Ik sil it ferhaal sa’t it by Poortinga stiet hjir hielendal oernimme, it hat in bytsje in oar ein as it ferhaal by Waling Dykstra:

Te Koudum siet ris in ploech manlju byinoar om ‘e hurd. Us heit fertelde wol, wêr’t it wie — op it rjochthûs, leau ik. Se sieten ticht om it fjoer, want it wie kâld. It fjoer lôge heech op, mar alhiel noflik sieten se net — fan foaren skroeiden se hast en fan efteren koenen se amper de waarmte hâlde. Mar it fjoer sette ta en doe koenen se de gloede net mear ferneare. Se seinen: ‘Set der mar in rychje kâlde om (turven bedoelden se), dat keart de gleonens wat ôf’. Se stâlden in foech muorke fan turven moai bûten om it fjoer hinne en doe wie it wer te hurden.

Se praten troch en tochten net om it hurdfjoer. Mar it duorre net mâle lang, doe stie dat nije muorke fan turven wer yn ‘e brân en no wie de gleonte noch tichter by har. ‘Set der noch mar ris in rychje kâlde om!’ seinen se.

Dat holp earst al, mar mei in skoftsje baarnden dy wer like fûl en doe rôpen se op ‘e nij fan: ‘Kâlde om!’ Se bouden wer in muorke fan kâlde turven bûtenom, mar it fjoer waard sadwaande wat langer wat grutter, dat se wienen ferlegen.

De hûn lei dêr ek by it fjoer. Op in stuit seagen se, dat dy in ein efterútskikte. Se seinen: ‘Hea ja, dát moasten we dwaan ommers! Wy sitte hjir by dat grutte fjoer hast te ferbaarnen. In eintsje efterút, dan is ‘t foarinoar’.

Dat waard bekend dêr yn ‘e omkriten, en as de minsken fan oare plakken de Iju fan dat doarp in bytsje narje woenen, dan rôpen se fan: ‘Kâlde om!’ En dêr hat Koudum syn namme fan krige.

Dit ferhaal is op ferskate plakken op it ynternet werom te finen, lykas op de webside fan de Verhalenbank. Mar dit teltsje is fansels net de echte ferklearring fan de namme Koudum. Dit ferhaal is in typysk gefaltsje fan in sabeare nammeferklearring. Ek fan myn foarige wenplak haw ik wolris sa ‘n wûnderlik ferhaal heard. In streuper soe yn de dunen by it sjen fan in hazze of knyn tsjin syn meistreuper Ka sein ha: “Ka, strik um”, wêrnei ‘t Kastrikum (letter Castricum) de plaknamme waard.

Der is in wat mear wittenskiplik ferantwurde ferklearring foar de namme Castricum en dat jildt ek foar de namme Koudum. Foar in wierskynliker nammeferklearring fan Koudum kinne we terjochte op de webside fan Histoarysk Koudum. En dêr blykt dat wat no sjoen wurdt as de meast oannimlike ferklearring pas de lêste jierren ta stân kommen is. ‘Skiednis is in libben fak dêr’t ynsichten soms feroarje op basis fan nije ynformaasje of ynterpretaasje’, sa ferwurdet Histoarysk Koudum it.

Al langer wurdt oannommen dat ‘Koudum’ fuortkommen is út de namme Coldum en dat de oarspronklike namme Coluuidum (Colwidum?) west hat. Dy foarm dûkt op yn in dokumint út 855. Pas folle letter fine wy yn dokuminten de namme Coldum (1325) of Koldum (1398). In âldfryske oarkonde út 1512 brûkt de namme Coudum en neffens Pieter Duijff fan de Fryske Akademy – dy’t yn it Friesch Dagblad fan 24 oktober 2020 oer de plaknamme Koudum skreaun hat – komt nei de santjinde iuw de l net mear foar yn de namme Koudum.  Dochs stiet yn it seisde part fan it wiidweidige Aardrijkskundig Woordenboek der Nederlanden van A.J. van der Aa út 1845 by it lemma ‘Koudum’ ek noch de namme Koldum. En neffens it artikel oer ús doarpsnamme op Histoarysk Koudum sizze echte Hylpers noch altyd ‘Koaldum’, wat dus hielendal sa gek noch net is.

It twadde part fan de namme Koudum soe komme fan het Oudgermaanse ‘widum’ of ‘vidum’. Al frij lang binne de gelearden it der wol oer iens dat dat ‘wâld’ of ‘bosk’ betsjut. In skoftlang tocht men dat ‘kol’ te krijen hawwe soe mei de bulte dêr’t Koudum op leit. Koudum soe dan ‘bosk op in hichte’ betsjutte. Sa stie it ek jierrenlang op de website Koudum.nl en yn ensyklopedyen. Mar de lêste jierren giet de gedachte nei wat oars út.

It earste diel ‘colu’ soe wolris ferbân hâlde kinne mei it Aldfryske tiidwurd ‘kole’ dat ‘baarne’ of ‘gloeie’ betsjut. Dat soe derop wize kinne dat it earste part fan Koudum ferbân hâldt mei in soarte fan brânstof.  Yn in artikel yn it histoarysk tydskrift Fryslân fan jannewaris/febrewaris 2021 oer plaknammen yn de Fryske súdwesthoeke hat Jan de Vries frij oertsjûgjend oantoand dat in soad ierdrykskundige nammen om Koudum hinne mei turfgraverij te krijen hawwe. Dat liket de konklúzje te rjochtfeardigjen dat in soad wetter yn de omjouwing fan Koudum ûntstien is troch it ôfgraven fan fean. De betsjutting fan Koudum soe op grûn dêrfan wol sokssawat as turfwâld of feanwâld wêze kinne.

Dy ferklearring wurdt befêstige troch Pieter Duijff, leksikograaf en taalkundige by de Fryske Akademy. Hy skreau fan 2015 ôf yn it sneonsnûmer fan it Friesch Dagblad yn it Frysk in stikje oer Fryske plaknammen. Yn 2022 ferskynde in samling fan dy stikjes ûnder de titel Der dy namma fan heten is. De ûndertitel ‘It komôf fan plaknammen’ jout krekt oan wat Duijff docht: útlis jaan oer it ûntstean en de betsjutting fan de nammen fan Fryske stêden en doarpen.

Dat docht er ek by Koudum. Hy fettet de skiednis fan de namme fan it doarp Koudum koart gear en beslút dan mei: “De namme fan Koudum betsjut letterlik dus ‘koalebosk (foar it produsearjen foar houtskoal)’”. We libje bygefolch yn in âld turfdoarpke of koaldoarpke. Klinkt lekker âlderwetsk, mar ik wit net of it Promotieteam Koudum dêr wat mei kin. Mei de Koudumer Beantsjes – in ‘erkend streekproduct’ – docht it Promotieteam ek net in soad.