In Geen categorie

17 Koudum en de Fryske literatuer (19e iuw): Waling Dykstra

Ik ha al earder skreaun dat Koudum net mear as in figuranterol spilet yn de Fryske literatuer. Yn dy rol hat Koudum it noch wol skopt ta in fermelding yn it prestysjeuze projekt oer de Fryske literatuer Salang’t de beam bloeit. Yn ‘Finster 9’ wurdt it Winterjûnenocht fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen beskreaun. Ut har wenplak Holwert (Dykstra) en Burgum (Van der Meulen) wei teagen dy mannen fan 1860 ôf in pear winters lang nei hotels en doarpsherbergen yn alle hoeken en hernen fan Fryslân om dêr in jûnsfoljend programma te bringen.

Op 13 febrewaris 1862 wie der in literêre jûn yn Koudum. Jûns om 7 oere begûn doe it “Frîske Winterjûnenocht fan Waling Dykstra en T.G van der Meulen”. De jûn fûn plak by de “Weduwe v.d. Veer” wite we út it programma dat sjen lit dat de measte stikken troch “beide sprekkers” foardroegen waarden. Dat sil dus wol yn Het Wapen van Friesland west ha, of faaks hjitte it doe noch Het Wapen van Hemelumer Oldephaert en Noordwolde. Twa pommeranten út de Fryske literatuer fan de 19e iuw hawwe dus yn 1862 yn Koudum west om harren wurk foar te dragen.

En dat wie net de earste kear, want Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen  begûnen yn novimber 1860 mei it earste optreden yn in rige fan 32 Winterjûne-Nochten. En yn dy earste winter kamen de beide manlju ek nei Koudum, faaks wol ien fan de lêste optredens fan dat winterskoft. Op 27 maart 1861 wiene se lykas yn 1862 by de ‘Weduwe van der Veer’.

Leeuwarder Courant 22-3-1861

Ek yn lettere jierren hat Waling Dykstra Koudum oandien mei syn “Friske Winterjûne-Nocht”. Op tongersdei 30 novimber 1865 wie Dykstra – no mei Gerben Colmjon – yn Koudum mei it “Friske Winterjune-Nocht”. Nei’t Colmjon in baan as argivaris krige, gie Dykstra winters mei Auke Boonemmer op paad. Mei Boonemmer wie Dykstra mei it Winterjûnenocht yn elts gefal yn febrewaris 1869 en 1874 yn Koudum. Fan 1875 ôf giet Dykstra allinnich op paad mei syn Winterjûnenocht. Hy komt bygelyks yn 1878 yn jannewaris en yn desimber yn Koudum en dat gebeurt yn 1889 nochris, yn jannewaris by de iisklup en yn desimber by J. Kuipers Rzn.

Mar der is oer Waling Dykstra en Koudum noch wol in bytsje mear te sizzen. Waling Dykstra naam yn it earste diel fan syn boek Uit Friesland’s volksleven (1895) op side 124 in folksferhaal op oer it ûntstean fan de namme Koudum. Dat fynt Dykstra sels ek wol in nuver ferhaal: “Op eene zeer eigenaardige wijze is het dorp  Koudum aan zijn naam gekomen.” It ferhaal giet dat der manlju rûnom in fjoer sitte. As it fjoer te hyt wurd, roppe se: ‘Koud om! Koud om!’ De feint moat der dan turven omhinne lizze. Dat helpt efkes, mar dan krije de turven ek flam en is it fjoer wer te hyt. Wer roppe se: ‘Koud om! Koud om!’

Nei dat in pear kear dien te hawwen, sjogge se dat in hûn gewoan wat fierder fan it fjoer ôf sitten giet. Dat dogge se dan ek en se laitsje om har eigen domheid. En se beslute harren doarp Koud-om te neamen. Dykstra einiget it ferhaal mei “Anderen zeggen Kou- dom = Koudom, dom als eene koe. De naam is later veranderd in Koudum.” Oer de namme Koudum kinst fansels op de webside fan Histoarysk Koudum in wat mear wittenskipliker ferklearring fine.

Yn Waling Dykstra syn koarte roman of novelle De silveren rinkelbel út 1856 komt Koudum ek in kear as tsien foar. Dat liket wol wat, mar in plak as Stiens – dêr’t it ferhaal him foar it grutste part ôfspilet –  wurdt yn dat boekje mear as hûndert kear neamd, Frjentsjer wol in kear as tritich. Dus wy dogge it der mar mei, en it is in elts gefal mear as Boalsert (6x), Snits (4x), Starum (2x), Warkum (1x) of Hylpen (0x) om mar ris wat te neamen. Dat Koudum in rol yn it boekje spilet, hat syn reden.

De sulveren rinkelbel hat as ûndertitel ‘In Wonderlike Skiednis út ‘e Lêste Helte fan ‘e Achttjinde Iuw’ en giet oer de húshâlding fan skuonmakker Pabe Roukes (baas Hoattelstoat) yn Stiens. Mar foaral giet it oer de syktocht nei syn echte âlden fan de fûnling Wouter dy’t by baas Hoattelstoat opgroeit. Wouter wurdt op in stuit fanwege in fjochtpartij foar twa moannen út Fryslân ferballe en ferbliuwt dan yn Grinslân. Dêr krijt er in briefke dat syn mem yn Koudum wenje soe, dat Wouter sil dêrhinne. Wouter fertelt letter sels it ferhaal fan syn reis fan Grinslân nei de súdwesthoeke fan Fryslân, nei Sleat en dan fierder:

– fan Sleat ôf naam ik de stap wer oan. Doe bin ik reizge oer Wikel en Balk; dêrfandinne op Harich, en sa oer Kolderwâlde nei Galamadammen, en dêrfandinne nei Koudum. Dêr kaam ik de neimiddeis om twa oere oan. Ik tochte, hoe sil ik dat minske no oankomme, as har man thús is? Ik koe ‘t my suver net begripe dat ik dêr myn mem fine soe. Ik gyng yn de herberge, en frege de kastlein as hy dêr ek in Jetske Meiles koe. ‘Ja, dy wennet hjir nêst de doar,’ sei de man, ‘mar as jy har sprekke moatte,dan komme jy fergees; want hja is fan ‘e moarn mei har man en bern op reis gien nei Frjentsjer útfanhûs.

Yn Frjentsjer fynt Wouter Jetske, de frou út Koudum dy’t tsjinstfaam west hat by baas Pabe yn Stiens, mar dy seit dat se net syn mem wêze kin. Net folle letter komt út hoe’t it allegear yn elkoar sit mei syn echte heit en mem.

Ta beslút moat ik noch ien stikje oanhelle út De sulveren rinkelbel. Jetske wennet yn Koudum mei in man dy’t Jildert Nolkes hjit. Jildert is yn tsjinst by grytman De Beere fan Koudum. De grytman reizget op in stuit nei Hollân, mar: “Jildert Nolkes folge syn hear net nei Hollân, mar teach wer nei syn wiif en bern te Koudum. Doe hie er, lyk as te begripen is, in hele bulte nijs te fertellen.”

Yn Koudum hie dizze Jildert dus in ‘bulte nijs’ te fertellen, sa stiet yn in boek fan 1859. Grappich fyn ik dan wer dat 130 jier letter it earste nûmer ferskynt fan ‘De dorpskrant van Koudum’ dy’t as namme krigen hat: Bulte Nijs.