In Geen categorie

30 Koudum yn de literatuer: J.E. Schut – Galama, of de bevrijding van Vriesland (1833)

De Nederlânske histoaryske avontoereroman Galama, of de bevrijding van Vriesland fan J.E. Schut út 1833 wurdt troch literatuerbeskôgers ôfdien as in twadderangs roman – of slimmer. Noch yn 2003 begjint Kees Thomassen in artikel yn it Nieuw Letterkundig Magazijn oer it hânskrift fan de 19e-iuwske skriuwer en kritikus E.J. Potgieter (1808 -1875) mei de sin: “Wie kent nog J.E. Schut, schrijver van Galama, of de Bevrijding van Vriesland? Dat de man na een dodelijke recensie van Potgieter nog een pen op het papier durfde te zetten mag een wonder heten.”

Achttien edelen te Brussel onthoofd 1568 – tekening van Frans Hogenberg, Rijksmuseum

De haadpersoan yn Galama, of de bevrijding van Vriesland is ‘de jeugdige Galama’ – in foarnamme krijt er net – en hy studearret krekt foar it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch yn Brussel. Syn heit, Hartman Galama, riedt him oan dêr fuort te gean fanwegen de gefaarlike situaasje en wurdt sels mei de grêven Egmond en Hoorne en oare edelen finzennommen en net folle letter ûnthalze. De jonge Galama, hoewol ‘t er katolyk is, slút him oan by de opstannelingen tsjin Spanje.

Sa belibbet er in soad aventoeren as hopman yn tsjinst fan Willem de Zwijger, de Prins fan Oranje. In pear jier letter, as Galama werom is yn Fryslân, helpt er mei om de noardlike Nederlannen te befrijen fan de Spaanske oerhearsking. Ek op it mêd fan de leafde binne der nochal wat swierrichheden. Galama wurdt hopeleas fereale op Klara, in Spaanske jonkfrou dy ‘t fansels achte wurdt te trouwen mei in oar en boppedat liket it derop dat de heit fan Klara de beul is dy ‘t de heit fan Galama ûnthalze hie.

Koudum spilet syn beskieden roltsje yn dit ferhaal. Tsjin de ein fan it boek is Galama yn Koarnjum by de grytman Martena. Hy tinkt deroer om ris nei Koudum te reizgjen, want Klara ferbliuwt dêr op it kastiel fan de greve fan Westergo en hy is noch altyd fereale op har, ek al is sy no by de greve. Op in winterdei giet Galama nei Koudum en sa begjint haadstik XV, it lêste haadstik fan Galama, of de bevrijding van Vriesland:

“In het meer noordelijke gedeelte van het Graafschap Westergoo ligt het welvarende dorp Koudum, en niet verre van daar, op een’ der in Vriesland veelvuldige terpen, het kasteel, met een heerlijk uitzigt op de rondom en lager gelegene vrugtbare landouwen.” Hoe libben oft Schut de omkriten fan Koudum yn de twadde helte fan de 16e iuw ek beskriuwt, betrouberens kinne wy net ferwachtsje fan dizze romanskriuwer, ek oer ‘Koudum’ net.

Westergo – kaart fan Jacob Aertz. Colom, 1635

It begjin fan it sitaat oer Koudum ferriedt dat al. It eardere graafskip Westergoa kaam rûchwei oerien mei it westen fan de hjoeddeistige provinsje Fryslân en dan leit Koudum dochs echt yn it súdlik part dêrfan. Net om ‘e nocht besocht in aksjegroep yn 2010 by de tariedingen foar de nije gemeente Súdwest-Fryslân serieus om de namme Súdwestergo te kiezen foar de fúzjegemeente. Boppedat wie der yn de 16e iuw al in skoft gjin sprake mear fan in greefskip Westergoa, lit stean dat de greve fan Westergoa syn domisylje hân hawwe soe yn in kastiel by Koudum. En terpen by Koudum?

Mar Koudum blykt yn de histoaryske roman fan J.E. Schut dus in kastiel op in terp te hawwen dêr’t Bernardino de greve fan Westergoa wennet en dêr’t Klara ferbliuwt. Want Klara is de reden fan de besite fan Galama oan Koudum. En Galama blykt krekt nei Koudum kommen te wêzen op de dei fan in grutte reedrydwedstriid. En as Galama fernimt dat Klara de priis fan dy wedstriid útrikke sil, wol hy meidwaan. Dy wedstriid wint er fansels en Galama wurdt op it kastiel útnûge. Dan docht bliken dat Klara net de frou fan de greve is, mar dy syn suster. Sa wurde oan ‘e ein fan dizze roman misferstannen oplost en komt alles fansels dochs goed.

Buste fan Potgieter yn syn bertestêd Zwolle

Potgieter fûn oars yn syn ferneatigjende resinsje de bledsiden oer it reedriden – dy ’t him dus yn Koudum ôfspile hawwe soene – net it minste part fan dizze histoaryske roman: “Mogt hij verlangend zijn te weten, wat wij in den Galama het best gevonden hebben, het is het tafereel van het schaatsrijden, bl. 286-298, waaruit wij ons verpligt zouden houden, eene proeve mede te deelen, zoo het geheele boek niet beneden het middelmatige ware.”

As lêste noch wat feitsjes dy ‘t J.E. Schut yn 1833 blykber net koe. Koudum hie yn de sechstjinde iuw twa ‘kastieleftige’ gebouwen, Galamastate en Epemastate. Schut ken de beneaming ‘state’ foar sokke lânhuzen yn Fryslân net. Ek Martenastate yn Kornjum, dêr ‘t Galama nei syn weromkomst nei Fryslân ferbliuwt, wurdt troch Schut it ‘kastiel’ neamd fan (Doecke van) Martena, ien fan de wichtichste lieders fan de geuzen.

Galamastate yn Koudum wie yn de sechstjinde iuw it besit fan de famylje Galama. Hartman (ek wol Hermannus) fan Galama (1533 -1568) wie ien fan de achttjin Nederlânske eallju dy ‘t op 1 juny 1568 yn Brussel ûnthalze waarden, fjouwer dagen foar it ûnthalzjen fan de greven Egmond en Horne. De Spanjerts fermoarden de eallju fan de Lege Lannen as ferjilding foar it ferliezen fan de slach by Heiligerlee op 23 maaie 1568, dy ‘t sjoen wurdt as it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch.

Dy Hartman Galama moat de heit wêze fan de haadpersoan yn Galama, of de bevrijding van Vriesland. Mar foar safier’t we witte hie dizze Hartman gjin bern. Ek Seerp van Galama, in broer fan Hartman, moast nei Brussel ta, mar hy keas derfoar om net te gean en focht sa mei yn de troch de opstannelingen ferlerne Slach by Jemmingen op 21 july 1568. Potgieter beklaget him der yn syn resinsje oer dat Schut dizze Seerp van Galama en syn dappere dieden yn de Slach by Jemmingen hielendal net neamt.

Fan Hartman (van) Galama witte we it net, mar fan Seerp van Galama wurdt wol sein dat er op Galamastate yn Koudum berne is, op 25 oktober 1528.

Een Nederlandse versie van dit stuk staat op Brekt.