In Geen categorie

15 Koudum en de Alvestêdetocht

Doe’t wy nei Koudum ta ferhuzen, seine wy tsjin elkoar: hoe moai soe it wêze as der no in Alvestêdetocht komme soe. Dan koene wy dy tichtby hûs yn it echt sjen. We binne no seis jier fierder, mar in Alvestêdetocht siet der net yn, ek dizze winter wer net. Dat wol sizze, in echte Alvestêdetocht op redens. Want der hawwe fansels wol alderlei Alvestêdetochten west: kuierjend, steppend, fytsend, roeiend, trekkerridend, en de meast heroyske – swimmend – hawwe minsken de Alvestêdetocht dien.

Ja, dat wie wol wat hear, dy swimalvestêdetocht fan Maarten van der Weijden yn 2019. Twa kear ha ik him by Koudum sjoen op syn swimtocht. Ien kear by Galamadammen mei in protte minsken dy ‘t in soad leven makken om him oan te moedigjen.

En letter, midden yn ‘e nacht, doe’t er fan Molkwar ôf rjochting Koudum swom en ôfsloech nei Hylpen ta. Dat stikje Koudum-Hylpen haw ik letter op bobbelich iis noch op redens dien, doe’t der foarich jier in pear dagen iis lei.

Mar in echte Alvestêdetocht, wy hoopje der noch altiten op. Sûnt de earste offisjele Alvestêdetocht is de tocht fyftjin kear riden. De lêste datearret alwer fan 1997 mei sprútsjeskweker Henk Angenent as winner. De earste echte Alvestêdetocht wie yn 1909, mar foar dy tiid waard de tocht lâns de alve Fryske stêden ek al wol riden. Ien fan de earste fermeldingen is in rymke út 1748 oer in jonge dy ‘t yn ien dei in tocht by de alve Fryske stêden del makke: “’t Is Pier die ellef Steden van Vriesland, op een dag, heeft in het rond gereden”

Der binne ferslaggen yn kranten fan jannewaris 1848 fan manlju dy ‘t om fiif oere moarns út it doarpke Húns wei earst nei Ljouwert en Dokkum rieden en doe werom nei Ljouwert. Dêrwei rieden se fia Snits, Sleat en de oare stêden nei Frjentsjer. Doe rieden se werom nei Húns dêr ‘t se om njoggen oere jûns oankamen. Sechtjin oeren diene se dus oer dy tocht en dat wie yn de tiid dat der gjin motorisearre ferkear wie, fierwei de fluchste wize om dit 200 kilometer lange trajekt yn Fryslân ôf te lizzen. Gewoanwei diene se dêr fjirtich oeren oer.

Yn syn boek Wintersport út 1893 skreau sportleginde Pim Mulier in haadstik oer it riden fan sa’n tocht. Neffens Mulier hawwe bygelyks yn 1890 sa ‘n 500 minsken dy tocht riden, ek fan Koudum ôf:

omkaft fan it boek Wintersport fan Pim Mulier

Zoo reden op 28 December 1890 Siek Dijkstra, Alle Dijkstra, Hendrik Schurer, Hotze Schurer en Jacob Jacobs van der Veer ‘s morgens te 4 uur van Koudum, te 5.15 waren zij te Sloten, te 6.20 te IJlst, te 6.45 te Sneek, te 8.55 te Leeuwarden, te 10.45 te Dokkum, te 1.30 te Franeker, te Harlingen te 2.20, te Bolsward te 4.20, te Workum te 5.5, te Hindeloopen te 8.50 en te Stavoren te 6.50. Nu is mij door Leeuwarder Heeren, zooals de Heer Mr. J. Hofstede en R. Bloembergen verteld, dat men de tocht eigenlijk uit en thuis moet doen, zoodat deze rijders nog weer van Stavoren naar Koudum hadden moeten rijden.

In wike earder, op 21 desimber 1890, hie Mulier de tocht lâns de alve stêden sels riden. Krekt as de Koudumers en krekt as yn de earste offisjele tochten, ried Pim Mulier de Alvestêdetocht tsjin de klok yn.

Ien fan de grutste teloarstellingen út de skiednis fan de Alvestêdetocht is, sa seit men wol, de skraste tocht fan 1961. Der is in moaie krantefoto út de Leeuwarder Courant – dy’t toand wurdt op de side fan Histoarysk Koudum – fan 28 desimber 1961. Dêrop is te sjen hoe ‘t Koudumer Romke Kroondijk op it minne iis by Galamadammen rydt. Op sneon 30 desimber wie de Alvestêdetocht pland.

It ûnderskrift by de foto seit dat de riders fan de Alvestêdetocht by Galamadammen foar it earst konfrontearre wurde soene mei min iis, en dat is op de foto dan ek dúdlik te sjen. Mar dêr sil noch oan wurke wurde:
“Er loopt slechts een smal en bobbelig baantje bij dit sluizencomplex langs; de heer Bos van het kafé op de Dammen heeft plannen om de baan, waar de eerste rijders in de schemering zullen passeren, te verbeteren.”
Spitigernôch begûn it dêrnei ek noch te reinen en te teien en is de tocht fan 1961 op it lêste momint skrast.

foto fan Erik Koch (Nationaal Archief)

Gelokkich besteane der ek foto’s fan Alvestêdetochtriders by Galamadammen fan tochten dy ‘t wol trochgien binne. Sa is der yn it Nationaal Archief in foto fan Erik Koch fan de kopgroep fan de barre Alvestêdetocht fan 1963. Op de foto is passearret de kopgroep Galamadammen op wei nei Starum. Der wie krekt ljocht genôch om in foto meitsje te kinnen. De foto is naam fan de brêge ôf dêr ‘t ek hiel wat minsken stiene. Dat is te sjen op in foto op de webside fan Histoarysk Koudum.

De tocht fan 1963 stiet bekend as faaks wol de swierste Alvestêdetocht ea. Fan de mear as 10.000 dielnimmers hellen mar 130 riders de finish. Dêrûnder twa Koudumers, Bote Haytema en Pier Zijlstra, dy ‘t mei sechstjin oare Koudumers ek de tocht fan 1985 riden hawwe. Bote Haytema wie sjauffeur en fuotballe by Oeverzwaluwen. Fan him is in ferslach dêr’t er yn beskriuwt hoe ‘t er yn 1963 de tocht ûnderfûn hat. Hy starte om kertier oer seizen en ried ynearsten tegearre mei Loes (Lolke) de Boer, mar dy moast opjaan doe ‘t se om healwei alven Galamadammen passearren.

De hiele tocht wie in ‘hel’, mar benammen de lêste kilometers wiene eins net te dwaan. Yn de wurden fan Bote Haytema: “men moet zich zo’n laatste zeventig kilometer ook eens voorstellen: donker, hevige storm, geen rijdbaar ijs meer en al maar sneeuw, sneeuw en nog eens sneeuw. Je moest je oriënteren op het riet langs de vaarten. Sommige rijders verdwaalden en liepen gewoon het land in. Velen waren sneeuwblind en wisten niet meer waar ze waren.”

Nee, dan wie de tocht fan 1985 better te dwaan. Dat sjochst op kleurefoto’s dy’t de trochtocht by Galamadammen ek in stik fleuriger meitsje. Op de foto’s sjochst ek de Hofkesjongers as dweilorkest op it iis spyljen. it moat hast wol ien fan de earste optredens fan de Koudumer Hofkesjongers west hawwe.

En sa’t ik al skreau, Alvestêdetochten ha we no yn alderhande soarten en maten. Us doarpsgenoat Gelke Boersma hat yn 2017 yn ien wike tiid de tocht trije kear dien: kuierjend, steppend en fytsend. Dat is nochal in prestaasje. Team Wybe, it freoneteam fan Koudum dat him ynset om fia fytsaksjes jild yn te sammeljen foar de bestriding fan kanker, hat yn 2019 de Alvestêdetocht riden op in saneamde bierfyts.

Dat wie noch nea earder fertoand, in Alvestêdetocht op in groepsfyts fan acht fytsers. En yn 2022 gie it team noch in stapke fierder foar it goede doel. Der is yn Koudum in spesjale wetterfyts makke wêrmei’t it team yn 2022 de Alvestêdetocht farre/fytse hat.

Myn frou en ik hawwe jierren lyn wolris de Alvestêdetocht fytst – no ja, yn fjouwer dagen – op in tandem. Wy hawwe ek yn septimber 2020 in boatsje hierd en doe yn in pear dagen tiid it noardlike stik fan de Alvestêderûte fearn. Moaiste momint: farre ûnder it brechje fan Bartlehiem. Mar we wachtsje noch altyt op in echte Alvestêdetocht.