In Geen categorie

Troch Jannewietske de Vries, boargemaster fan Súdwest-Fryslân (Nederlandse versie onderaan deze pagina

Oan alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân,

Bêste minsken, fanôf dit plak doch ik in berop op jim. Ik wol jim freegje om op 14, 15 of 16 maart gebrûk te meitsjen fan jim demokratysk rjocht. Kom op ien fan dy dagen nei in stimburo – der binne rom sechstich yn ús gemeente – om in stim út te bringen op ien fan de 290 minsken dy’t kandidaat stean foar in plakje yn ’e gemeenteried.

In bytsje nuver

De skiednis hat ús leard dat ferkiezingen foar gemeenterieden gâns minder stimmers lûke as ferkiezingen foar de Twadde Keamer. In bytsje nuver is dat wol.

Deistich libben

Fansels, politisi yn Den Haach binne in protte yn it nijs. Op televyzje, radio, ynternet en oare media. Sadwaande binne it bekende gesichten yn in grut tal húskeamers. Mar ek ticht by hús, yn ’e eigen gemeente, wurde besluten nommen oer saken dy’t ús reitsje yn ús deistich libben.

Belangryk wurk

In grut ferskil mei Den Haach is dat ús bestjoerders – wethâlders en riedsleden – net alle dagen yn it folle ljocht fan de publisiteit stean. Mar dat makket harren wurk der net minder belangryk om. It belang fan ’e gemeenteried kin ik hjir net genôch ûnderstreekje. Want de gemeenteried giet oer ús eigen omjouwing. Oer ús strjitte of dyk. Oer ús doarp, wyk of stêd.

Stemwijzer

Sels hear ik wol gauris fan minsken dat se it net maklik fine om in kar te meitsjen út de partijen – it binne der alve yn Súdwest-Fryslân – dy’t oan ’e ferkiezings mei dogge.

Dêrom krije jim der help by. Yn de oanrin nei 14, 15 en 16 maart wurdt hús oan hús in ferkiezingskrante besoarge weryn de ferskate partijen harren presentearje. En al hjoed giet op ’e gemeentlike webside sudwestfryslan.nl de saneamde Stemwijzer online.

Lit jo stim net yn it wetter falle

In aardichheid is dat der op 16 maart ek in mobyl stimburo ûnderweis is. Net oer de dyk mar op it wetter. De ‘Toerist VI’ leit moarns oan de kade fan de Nijewâl yn Heech (fan 9 oant 12.30 oere), fart middeis nei de loswâl oan de Buorren yn Twellegea (fan 14 oant 17 oere) en eindigt de boattocht oan de Jousterkade yn Snits (fan 18 oant 21 oere).

Jongerein

Ik wit dat it foar de jongerein minder fansels is om foar de gemeenteriedsferkiezings nei de stimbus te kommen dan foar de groep minsken fan boppe de 35 jier. Mar wat troch de gemeenteried besluten wurdt, giet foaral ek oer harren takomst. Krekt dêrom stjoer ik alle ‘earste kiezers’ – de groep jeugd dy’t foar it earst harren stim útbringe meie – in brief: kom nei de stimbus!

Twa fan de trije?

By de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn maart ferline jier wie de opkomst yn Súdwest-Fryslân rom boppe de 80 prosint. Ik wit dat dit persintaazje net realistysk is foar 16 maart. Mar twa fan de trije (67 prosint), dat soe hiel moai wêze. De kandidaten fertsjinje jo stim. En it soe my grutsk meitsje as wy dit persintaazje helje.

Nederlandse versie:

Kom naar de stembus en stem!

Aan alle inwoners van Súdwest-Fryslân,

Beste mensen, ik doe een beroep op u. Ik wil u vragen om op 14, 15 of 16 maart gebruik te maken van uw democratisch recht. Kom op een van deze dagen naar een stembureau – het zijn er ruim zestig in onze gemeente – om uw stem uit te brengen op een van de 290 mensen die kandidaat zijn voor een plekje in de gemeenteraad.

Een beetje vreemd

De geschiedenis laat zien dat verkiezingen voor gemeenteraden flink minder stemmers trekken dan verkiezingen voor de Tweede Kamer. Dat is wel een beetje vreemd.

Dagelijks leven

Natuurlijk is het zo dat politici in Den Haag veel in het nieuws zijn. Op televisie, radio, internet en andere media. Zodoende zijn het bekende gezichten voor veel mensen. Maar ook dichtbij, in onze eigen gemeente, worden besluiten genomen over zaken die ons raken in ons dagelijks leven.

Belangrijk werk

Een groot verschil met Den Haag is dat onze bestuurders – wethouders én raadsleden – niet continu in de publicitaire schijnwerpers staan. Maar dat maakt hun werk er niet minder belangrijk om. Het belang van een gemeenteraad kan ik hier niet genoeg benadrukken. Want de gemeenteraad gaat over onze eigen omgeving. Over onze straat of weg. Over ons dorp, wijk of stad.

Stemwijzer

Met enige regelmaat hoor ik van mensen dat ze het niet gemakkelijk vinden om een keus te maken uit de partijen – in Súdwest-Fryslan zijn het er dit keer elf – die aan de verkiezingen meedoen. Daarom helpen wij daar een handje bij. In de aanloop naar 14, 15 en 16 maart wordt in onze gemeente huis aan huis een verkiezingskrant bezorgd waarin de verschillende partijen zich presenteren. En al vandaag gaat op de website van de gemeente de zogeheten Stemwijzer online.

Laat uw stem niet in het water vallen

Een leuke actie op 16 maart is een mobiel stembureau. Niet over de weg, maar op het water. De ‘Toerist VI’ ligt ’s morgens aan de kade van de Nijewâl in Heeg (van 9 tot 12.30 uur), vaart ’s middags naar de loswal aan de Buorren in Uitwellingerga (van 14 tot 17 uur) en eindigt de rondvaart aan de Jousterkade in Sneek (van 18 tot 21 uur).

Jongeren

Ik weet dat het voor de jongste groep kiezers minder vanzelfsprekend is bij de gemeenteraadsverkiezingen te stemmen dan voor de groep mensen van boven de 35 jaar. Maar de besluiten die de gemeenteraad neemt gaan vooral ook over hun toekomst. Juist stuur ik alle ‘eerste kiezers’ – de groep jongeren die voor het eerst kiesgerechtigd zijn – een brief: kom naar de stembus!

Twee op de drie?

Bij de Tweede Kamerverkiezingen in maart vorig jaar was de opkomst in Súdwest-Fryslân ruim boven de 80 procent. Ik weet dat dit percentage niet realistisch is voor 16 maart. Maar twee op de drie (67 procent), dat zou prachtig zijn. De kandidaten verdienen uw stem. En het zou mij met trots vervullen als wij dit percentage halen.

Jannewietske de Vries, burgemeester