Op 3 en 4 maart spilet de Koudumer toanielferiening Artiku yn doarpshûs De Klink it toanielstik ‘Pension fan lichte seden’. It stik is skreaun troch Carl Slotboom en yn it Frysk oerset troch Abel Krist. De foarstelling begjint om 20.00 oere en de seal giet iepen om 19.30 oere. Op sneon 4 maart is der nei ôfrin live-musyk.
It toanielstik is in komeedzje en spilet him ôf yn in hûs dat in pensjon blykt te wêzen. In echtpear sil op in hûs passe fan freonen dy ‘t op fakânsje binne. Dan komme der in frjemde dame en har soan oan, dy ‘t beweare dat se reservearre hawwe. In telefoantsje makket dúdlik dat it hûs in fegetarysk pensjon is en tagelyk sintrum foar spirituele libbenshâlding. It pear beslút om krekt te dwaan oft sy de echte eigeners fan it pensjon binne. As der lykwols masjnetisearre en massearre wurde moat, begjinne de problemen pas goed.