In Geen categorie

Op 1 en 2 maart spilet toanielgroep Artiku in De Klink yn Koudum it toanielstik ‘De grutte fersierder’. It stik is oarspronklik skreaun troch Philip King en  Falkland L. Carey (The big bad mouse) en is yn it Frysk oerset troch Roel Klompmaker. It stik spilet him ôf op in saai, âlderwetsk kantoar, dêr’t elkenien him hâldt en draacht neffens syn funksje. Boppedat wurdt elk ek noch ris neiriden fan de iennichste oandielhâldster.

Ien man wurdt it meast op delsjoen, om’t der ek hielendal gjin libben yn ‘e man sit. Mar krekt dy man wurdt dan ynienen troch elkenien fertocht fan it neisetten fan in famke. Dat komt om’t in muoikesizzer fan ien fan de kantoardames mei it ferhaal komt dat se hast oantaast wurden is troch in man. En oan har beskriuwing foldocht krekt dy alderferfeelsumste man.

Mar op it persoanielsfeest docht bliken dat de froulju krekt dy man ynteressant begjinne te finen. Sels de oandielhâldster begjint mei him om te paaien. De sljochtweihinne man feroaret dan yn in man mei selsbetrouwen . . . mar dat duorret net lang.

Toanielgroep Artiku repetearret mei grut entûsjasme al fan oktober ôf mei dit stik. Yn it begjin wie de regy fan ‘De grutte fersierder’ yn hannen fan Theun Ram, mar troch omstannichheden hat Boukje van der Veen dat letter oernommen. Mar de foarpret fan de spilers waard dêr net minder fan en it liket wer in hilarysk stik te wurden.

Oanfang op 1 en 2 maart is om 20.00 oere. De kaartferkeap is dizze wike begûn. Kaarten (€ 10,00 it stik) binnen yn ‘t foar te keap by boekhannel Muizelaar yn de Hoofdstraat fan Koudum. Op sneon 2 maart is der nei ôfrin live-muzyk.