In Geen categorie

Hieronder staat de tekst in het Nederlands

Ein foarich jier wie it al oankundige: de nije foarstelling fan teatergroep Sult It grutte swijen sil spile wurde yn april en giet werom nei Koudum yn de Twadde Wrâldoarloch. Ytsje Hettinga hat trije monologen skreaun en dy wurde fan 16 april oant 2 maaie alve kear spile op ferskate lokaasje.

Yn de monologen wurdt it ferhaal ferteld fan it deasketten fan de Koudumer Piebe Hoekema en wat dat allegear foar opskuor joech yn Koudum. Op 17 novimber 1944 binne de 22-jierrige Piebe Hoekema út Koudum en Freek de Jong út De Hommerts/Arum, yn Norg deasketten troch twa Dútske offisieren. De dea fan Piebe hie yn it doarp Koudum skokkende gefolgen. Sa binne der twa ûnderdûkers, jongkeardels, as ferrieders ûntmaskere en deasjitten troch it ferset.

Troch jierren lang ûndersyk yn argiven en petearen mei minsken dy ’t der miskien wol mear fan witte koene, hat Jan de Vries yn kaart brocht, wat der bard wêze kin yn Koudum yn ‘e winter fan 1944-1945. Ytsje Hettinga hat op grûn fan de befiningen fan De Vries in toanielstik yn de foarm fan trije monologen skreaun. Sy lit de mem (spile troch Ytsje Hettinga) en de suster (spile troch Harmke Kelderman) fan Piebe oan it wurd en de mem (spile troch Greetje Cuiper) fan Arend Klee, ien fan de ombrochte ferrieders. De taskôgers fan it stik komme yn de kunde mei de karakters en maatskiplike posysje fan Piebe Hoekema en Arend Klee en harren famyljes. Sa wurdt dúdlik makke wat in drama as dit yn dizze famyljes teweech brocht hat. Mar it soe ek gean kinne oer oare famyljes yn oare plakken, oer oare memmen en oare susters.

It ferhaal hâldt net op by de befrijing, 75 jier lyn, mar giet troch. Ferhalen, yn wat doarp dan ek, geane troch en litte sjen wat it docht mei in hechte mienskip wannear’t der net langer praten wurdt oer slim yngripende gebeurtenissen yn de oarloch. De tema’s goed en fout yn de oarloch, mar ek nei de oarloch, komme yn dit stik oan de oarder.

It wurdt yntiem húskeamerteater, foar it meastepart yn it Frysk, yn de buert dêr’t de famylje Hoekema wenne hat. It publyk wurdt yn lytse groepen nei de ferskillende lokaasjes laat dêr’t de monologen plak fine. By it lêste bedriuw, it fertellen fan it ferhaal troch Jan de Vries, en syn befiningen, komt it publyk gear op ien lokaasje.

De kaartferkeap is útein set.  Fan it ferhaal sa as Jan de Vries dat rekonstruearre hat, sil in boekje makke wurden troch útjouwerij DeRyp. Yn it boekje komme ek de trije monologen fan Ytsje Hettinga en foto’s fan Koudum yn de Twadde Wrâldoarloch.

Mear informaasje en kaartferkeap by Sult

Sult speelt It grutte swijen (Het grote zwijgen)

Eind vorig jaar is het al aangekondigd: de volgende voorstelling van theatergroep Sult It grutte swijen (Het grote zwijgen) zal gespeeld worden in april en gaat terug naar Koudum in de Tweede Wereldoorlog. Ytsje Hettinga heeft drie monologen geschreven en die worden op verschillende locaties gespeeld. De elf voorstellingen vinden plaats in de periode van 16 april tot 2 mei.

In de monologen wordt het verhaal verteld van het doodschieten van de Koudumer Piebe Hoekema en wat dat allemaal teweegbracht in Koudum. Op 17 november 1944 zijn de 22-jarige Piebe Hoekema uit Koudum en Freek de Jong uit Hommerts/Arum in Norg doodgeschoten door twee Duitse officieren. De dood van Piebe had in het dorp Koudum schokkende gevolgen. Zo zijn er twee onderduikers, jongemannen, als verraders ontmaskerd en doodgeschoten door het verzet.

Door jarenlang onderzoek in archieven en gesprekken met mensen die er misschien wel meer van konden weten, heeft Jan de Vries in kaart gebracht wat er gebeurd kan zijn in Koudum in de winter van 1944-1945. Ytsje Hettinga heeft op basis van de bevindingen van De Vries een toneelstuk geschreven in de vorm van drie monologen. Zij laat de moeder en zuster van Piebe aan het woord en de moeder van Arend Klee, één van de omgebrachte verraders. De toeschouwers van het stuk komen in aanraking met de karakters en de maatschappelijke positie van Piebe Hoekema en Arend Klee en hun families. Zo wordt duidelijk wat het drama in deze families teweeg heeft gebracht. Maar het zou net zo goed kunnen gaan over andere families in andere plaatsen, over andere moeders en andere zussen.

Het verhaal houdt niet op bij de bevrijding, 75 jaar geleden, maar gaat door. Verhalen, in welk dorp dan ook, gaan door en laten zien wat het doet met een hechte gemeenschap wanneer er niet langer gesproken wordt over zeer ingrijpende gebeurtenissen in de oorlog. De thema’s goed en fout in de oorlog, maar ook na de oorlog, komen in dit stuk aan de orde.

Het wordt intiem huiskamertheater, grotendeels in het Fries, in de buurt waar de familie Hoekema gewoond heeft. Het publiek wordt in kleine groepen naar de verschillende locaties geleid waar de monologen plaats vinden. Bij het laatste bedrijf, het vertellen van het verhaal door Jan de Vries, en zijn de resultaten, komt het publiek samen op één locatie. 

De kaartverkoop is gestart. Van het verhaal zoals Jan de Vries dat gereconstrueerd heeft, zal een boekje gemaakt door uitgeverij DeRyp. In het boekje komen ook de drie monologen van Ytsje Hettinga en foto’s van Koudum in de Tweede Wereldoorlog.

Meer informatie en kaartverkoop bij Sult