In Geen categorie

Troch Ulfert de Jong

Sneon 27 jannewaris 2024 wie ik efkes nei in konsert fan Bigband Cue dat plakfûn yn ’e Klink fan Koudum. Sels ha ik 17 jier op tenorsaks by dizze band spiele en in flink tiidsje foarsitter west, dus dêr moast ik wol efkes hinne. By it 25-jierrich jubileum mocht ik as âld-lid noch in pear nûmerkes meispielje.

It wie in aardich konsert, mei in stel goede solisten en in sjongeres. It gie wol in bytsje ‘van dik hout zaagt men planken’. Mei oare wurden it wie allegearre wol wat fors. Ik miste in pear ballads as rêstmomintsjes. En it gie allegearre in bytsje frijbliuwender as ûnder de foarige dirigint. Dy hâlde de laaie wat strakker yn ’e hân en wie minder clownesk by syn presintaasje as de man dy’t der no foar stiet.

De CD fan Bigband Cue út 1997

It iepeningsnûmer wie dalik in ‘feest der herkenning’, nammentlik: ‘The Flight of the Foo Bird’. Dat wie ek it titelnûmer fan ús CD, opnaam yn novimber 1997 yn Studio Giekerk. Fuortendaliks moast ik dêrby tinke oan Piet Paulusma, ús te gau fersjêrde sympatyke waarman. Dizze CD moast feestlik presintearre wurde. ‘Wy freegje Piet Paulusma,’ sei ien en sa is it gien.

Op dy bewuste jûn sieten wy allegear klear yn ’e Wintertún fan Hotel Restaurant De Galamadammen. It wie al kertier foar achten en noch gjin Piet. Ik hie de definitieve ôfspraak makke en begûn my al in bytsje te knipen. Klokslach 8 oere dêr wie Piet. Hy krige de earste CD en hâlde in prachtig ferhaal. Hy woe der niks foar ha.

Mar yn it foarjier fan 1998 belle er my: ‘Ik wol graach de waarsferwachting opnimme op ’e Galamadammen, kinne jimme dêr ek by spylje?’ Nei in bulte gebel en gesleep mei kabels en stuollen sieten wy om 19.00 oere ree op it terras fan it hotel. Wy misten ús bassist noch, mar wrachtich dêr kaam Fan der Eems (de drukker) yn syn buske al oer de brêge oansjezen. Hy kaam oandraven mei de bas oer it skouder en de fersterker yn ’e hân.

Piet makke der wer in geweldige show fan, rûn om ús hinne, mar pikte op elk plak syn tekst samar wer op. Tsjin achten wiene we klear en doe stie de moterkoerier al te wachtsjen (sa gie dat doe noch) om mei de film yn syn tas nei Hilversum te jeien. Us beide altsaksofonistes, ien blond en de oare swart, giene noch efkes mei Piet ‘op portret’.

Om 11 oere dy jûns soe it yn Hart van Nederland komme. Elts siet klear foar de TV om it barren te sjen. Bert Skipper (hy libbet net mear), ús baritonsaksofonist, hie syn famylje en freonen belle. De hiele band kaam yn byld, mar de kameraman stoppe syn opname krekt doe’t der oan Bert ta wie. Dat wie wol tige sneu fansels. Op ’e earste repetysje dêrnei koe hy der al wer wat om laitsje.

Ik soe hast Piet syn leuze der noch ûnder sette wolle: ‘Oant Moarn’.