In Geen categorie

Nederlandse versie hieronder

Op 30 maart organisearje De Súdwester en Stichting Histoarysk Koudum in lêzing yn doarpshûs De Klink. It wurdt wer in bysûndere lêzing, dy’t jûn wurdt troch Bert Looper. Dizze histoarikus wie fan 2007 oant-en-mei 2021 direkteur fan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert, de skatkeamer fan de skiednis fan Fryslân. Nei syn stúdzje skiednis yn Grins, folge hy de Argyfskoalle yn Den Haach, waard stêdsargivaris fan Sutfen en Den Bosch en letter direkteur fan it Historisch Centrum Overijssel yn Swol.

Nei syn fuortgean as direkteur fan Tresoar hâldt Looper in soartemint fan ôfskiedstoernee troch ús provinsje troch opútnûging lêzingen te jaan. Yn dy lêzingen fertelt er ek oer it doarp of gea dêr’t hy op dat stuit is. Yn syn lêzing yn De Klink giet Looper dan ek yn op wat no krekt de identiteit fan Koudum is. It giet him net allinne om it doarp sels, mar benammen om de fraach hoe’t de Fryske skiednis yn it algemien dy fan Koudum bepaald hat.

Miskien is it mooglik om it ferhaal fan Koudum op ’e nij te fertellen, mei nije ynfalshoeken en aksinten. It sil yn elts gefal bliken dwaan dat it ferhaal fan Koudum ek it ferhaal fan de Fryske en miskien sels Nederlânske skiednis is. Taharkers yn De Klink kinne ek meiprate en fragen stelle. Al mei al liket it op 30 maart yn De Klink in boeiende jûn te wurden.

De lêzing fan Bert Looper op tongersdeitejûn 30 maart 2023 yn doarpshûs De Klink yn Koudum (Tinholtstraat 1) begjint om 20.00 oere. Kaartsjes binne oan ‘e seal te keap foar € 7,50, ynklusyf kofje of tee. 


Lezing Bert Looper in De Klink

Op 30 maart organiseren De Súdwester en Stichting Histoarysk Koudum een lezing in dorpshuis De Klink. Het wordt weer een bijzondere lezing, die wordt gegeven door Bert Looper. Deze historicus was van 2007 tot en met 2021 directeur van het Frysk Histoarysk en Letterkundich SintrumTresoar in Leeuwarden, de schatkamer van de geschiedenis van Fryslân. Na zijn studie geschiedenis in Groningen volgde hij de Archiefschool in Den Haag, werd stadsarchivaris van Zutphen en Den Bosch en later directeur van het Historisch Centrum Overijssel in Zwolle.

Na zijn vertrek als directeur van Tresoar houdt Looper een soort afscheidstournee door onze provincie door op uitnodiging lezingen te geven. In die lezingen vertelt hij ook over het dorp of de streek waar hij op dat moment is. In zijn lezing in De Klink gaat Looper dan ook in op wat nu precies de identiteit van Koudum is. Het gaat hem niet alleen om het dorp zelf, maar vooral om de vraag hoe de Friese geschiedenis in het algemeen die van Koudum heeft bepaald.

Misschien is het mogelijk om het verhaal van Koudum opnieuw te vertellen, met nieuwe invalshoeken en accenten. Het zal in ieder geval blijken dat het verhaal van Koudum ook het verhaal van de Friese en misschien zelfs Nederlandse geschiedenis is. Toehoorders in De Klink kunnen ook meepraten en vragen stellen. Al met al lijkt het op 30 maart in De Klink in Koudum een boeiende avond te worden.

De lezing van Bert Looper op donderdagavond 30 maart 2023 in dorpshuis De Klink in Koudum (Tinholtstraat 1) begint om 20.00 uur. Kaartjes zijn aan de zaal te koop voor € 7,50, inclusief koffie of thee.