In Geen categorie

7 De klapbrêge oer de Nije Feart yn Koudum

Doe’t wy in kear fan Koudum nei it westen rieden dêr’t wy sa no en dan âlde kunden opsykje, stiene wy fansels op in hiele rêstige sneintemoarn stil foar in brêge op ‘e Ôfslútdyk. En leau it of net, mar doe hearden wy op ‘e radio in item oer de ‘Bruggenbank’, in webside dy’t bydrage wol oan in duorsume ekonomy troch it werbrûken fan brêgen te stimulearjen. En dat die my tinken oan in brechje by Koudum.

Doe’t wy de galery yn Koudum kocht hiene, duorre it noch in pear moannen foar’t wy ús dêr definityf te wenjen setten. Ien fan de dingen dy’t ús opfoelen doe’t wy geregeldwei fan Castricum nei Koudum rieden, wie oan de rjochterkant fan de N359 de griene foersilo by in pleats oan de Syl. Dan wiene wy der hast! Mar oan de linkerkant foel ek in frijwat âld útsjend ophelbrechje op, al skynt dat ‘ophelbrechje’ gjin goed Frysk te wêzen. It moat neffens it wurdboek flapbrêge of klapbrêge wêze.

Oan dy karakteristike klapbrêge bliek in prachtich ferhaal fêst te sitten. Dat hearde ik letter fan Maurits Hettinga, nei in slagge muzykynrinmiddei by it doe noch besteande keunstkafee Bei Mei yn Koudum. Maurits hie dêr krekt prachtich a capella in seemansliet songen. Yn it Frysk, tink ik, mar dat wit ik net iens mear. Doe ‘t ik mei him yn ‘e kunde kaam, fertelde er wêr ‘t er wenne – en wenne hie – en sa kaam dat brechje op it aljemint.

En dy jonges dy ‘t yn oktober 2021 op ‘e radio seine dat it sa ‘n revolúsjonêr idee fan harren wie om derfoar te soargjen dat brêgen opnij brûkt waarden, wisten lykas ik earst ek net dat minsken yn Koudum dat al yn 1929 útfûn hiene. De klapbrêge oer de Nije Feart is dêr yn 1929 dellein, mar it wie in brêge dy’t al sa’n fjirtich jier dêrfoar boud wie. De brêge datearret út 1885 – dat jiertal stiet der ek op – en hat oant en mei 1928 tsjinst dien as brêge oer it rivierke de Linde yn Kuinre. Troch de oanlis fan in nije provinsjale dyk om Kuinre hinne, waard de brêge dêr ôftanke. Der hat noch wol wat aksje west om de brêge foar Kuinre te bewarjen, mar dat mislearre.

Dat wie foar Koudum mar goed ek, want Jan Jarig Hettinga – dy’t yn 1874 yn Burchwert berne wie en yn Wirdum buorke – hie yn 1928 de pleats D63 (no Zijl 22) kocht foar syn soan. En dy koe wol in brêge oer de feart brûke om better by de pleats komme te kinnen. Doe is de izeren flapbrêge oer it wetter fan Kuinre nei Koudum transportearre. Jammer dat dêr gjin filmke fan is; der is net iens in foto fan it transport.

Nei’t earst yn 1935 Jarig Nicolaas, de soan fan Jan Jarig Hettinga op de pleats kaam, naam dy syn soan Maurits yn 1970 it buorkjen dêr oer, mei syn frou Ytsje. Yn 1971 kochten Maurits en Ytsje it hiele spul, ynklusyf de klapbrêge. En dêr hat it brechje in soad oan hân. Want Maurits Hettinga wie net allinne feeboer, hy hie en hat noch altyd niget oan skiednis. Om 1980 hinne kamen de Hettinga’s foar de kar te stean: of de brêge restaurearje, of dizze ôfbrekke. Hja keazen foar restaurearjen, mar dat hat hiel wat fuotten yn de ierde hân en foaral ek in soad kosten.

Yn in boekje dat Wiebe Keikes yn 1985 foar de Stichting Moderne Architectuur Friesland makke oer de Ophaalbrug (1885) bij Hettinga’s boerderij onder Koudum hat Keikes wiidweidich de swierrichheden beskreaun dy’t har by dizze restauraasje foardiene. As Maurits Maurits net west hie, dan hie er dizze restauraasje net trochset, mar dat die er, mei Ytsje, wol. En sa kin Keikes it ha oer it ‘tredde libben’ fan dizze histoaryske, izeren klapbrêge en binne der yn 1985 hiel wat foto’s makke dy’t sjen litte hoe kreas de brêge der nei de restauraasje wer by lei.

Dat brechje oer de Nije Feart makket my eltse kear bliid as ik der foarbyfyts of as ik mei de auto fan Boalsert ôf op Koudum oanriden kom.

Dizze column stie earder yn koartere foarm yn it junynûmer fan Bulte Nijs.  Nederlandse versie