In Geen categorie

37 ‘Smokkelbern’ en harren memmen – ferslach fan in lêzing

Op 30 jannewaris 2025 joech Hinke Piersma, direkteur ûndersyk by it NIOD, in lêzing yn Koudum. Hja wie útnûge troch Histoarysk Koudum yn ferbân mei de eksposysje oer de Twadde Wrâldoarloch dy’t oant 15 febrewaris yn Koudum te sjen is. Ien fan de fassinaasjes fan Piersma binne memmen yn de Twadde Wrâldoarloch: Joadske memmen dy’t harren bern fuortjoegen oan minsken dy’t de bern nei it plattelân smokkelen (de saneamde ‘smokkelbern’) yn ‘e hope dat se dêr oerlibje soene én de pleechmemmen dy’t de Joadske bern mei leafde opnamen yn de eigen húshâlding.

Piersma fertelde dat oan ‘e ein fan ‘e oarloch al plannen makke waarden oer wat nei de befrijing barre moast mei dy smokkelbern. Dy hiene meast gjin eigen âlden mear en wiene  troch it jierrenlange ûnderdûken fertroud rekken mei de pleechâlden. De kommisje Oorlogspleegkinderen (OPK) woe dy bern sa folle mooglik tawize oan de pleechâlden.

Dy fisy makke dat de Joadske fertsjintwurdigers út de OPK stapten. Se woene ha dat de smokkelbern by in Joadsk famyljelid, by Joadske pleechâlden of yn in Joadsk weeshûs pleatst waarden. Sa soene dy bern bewarre bliuwe foar it Joadske leauwen. De stifting Le-Ezrath Ha-Jeled (Help foar it Bern) waard oprjochte om dêrfoar te soargjen.

As foarbyld fan de gefolgen fan dit dilemma fertelde Piersma oer it Joadske famke Anneke út Nieuwer Amstel dat op in plak yn de Achterhoek yn feilichheid brocht wie, earst by in dûmny, mar nei dy syn ferhuzing yn in boerehúshâlding. Har âlden en beide bruorren waarden fermoarde yn ferneatigingskampen.

Nei de oarloch die bliken dat guon famyljeleden fan Anneke de oarloch oerlibbe hiene en doe ûntstie in striid oer wa’t de fâdij oer har krije soe. Uteinlik kaam der in kompromis: Anneke soe de basisskoalle yn de Achterhoek ôfmeitsje en dan nei famylje yn Amsterdam gean om fierder yn in Joadske omjouwing grutbrocht te wurden.

Nei it skoft slute Jan de Vries fan Histoarysk Koudum oan op dat ferhaal. Yn Koudum hie it Joadske famke Sara Ritmeester as Gerrie libbe by de húshâlding fan Marten en Grietje Veldstra. It pear, dat gjin eigen bern hie, naam it famke leafdefol op. Har âlden waarden fermoarde yn in ferneatigingskamp. Marten en Grietje Veldstra krigen yn 1967 de Yad Vashem-ûnderskieding foar de soarch foar Sara Ritmeester.

No pas, by de hjoeddeiske útstalling oer de Twadde Wrâldoarloch, fûn Histoarysk Koudum út dat Sara Ritmeester yn 2012 har libbensferhaal opskreaun hat. Op 71-jierrige leeftyd skreau se ûnder de namme Sonja (Sara) Shenkar-Ritmeester it boek Triennen op de earste dei. Se fertelt dêryn wiidweidich oer har tiid yn Koudum, mar foaral oer de striid, de oarloch dy’t nei de befrijing útbruts oer har.

In oarloch ja, sa neamt se it letterlik:  “En weer brak er oorlog uit. Deze keer in mijn kleine wereldje. Geen bommen of granaten van de nazi’s, maar dit keer brieven die over en weer gingen. In de naam van het recht werden brieven geschreven, maar het recht van wie? Het recht ten goede van het kind, maar in de ogen van wie?” Sara begrypt wat har pleechâlden field hawwe moatte doe’t it pleechbern opeaske waard troch de echte famylje.

Se skriuwt ek dat se beide stânpunten begrypt, dat fan it OPK en dat fan Le-Ezrath Ha-Jeled, mar ek hoefolle ferset se fielde tsjin de Joadske famylje dy’t har opeaske. Sosjale ferskillen en de kristlike omjouwing fan it pleechgesin wiene de redenen wêrom’t in Joadske omke der alles oan die om Sara mei te krijen.

It duorret in pear jier. Mar yn maart 1948 binne Sara en ‘mem’ Grietje by it houlik fan de omke yn Antwerpen. Letter dat jier giet Sara mei har omke en famylje in moanne op fakânsje nei Knokke. Sa moat se wenne oan har Joadske famylje yn België. It haadstik einiget mei de konstatearring dat se har echt thús fielde yn Koudum, mar de lêste sin is: “Tot de zomer van 1949 toen ik werd gekidnapt …”.

Want Sara hat lang it gefoel hân dat har omke har ‘kidnapt’ hie, nei’t de rjochtbank besletten hie dat se foargoed by har omke komme soe. It wie pas folle letter dat se de prosesstikken opsocht dy’t ta it beslút lieden en dêrtroch begriep dat alles gien wie neffens de wetlike regels op dat stuit. Sara hat in soad lêst hân fan wat har as lyts famke oerkaam. Pas doe’t se alle feiten en dilemma’s der efter begriep, koe se it in plakje jaan.

In foarriedich ‘happy end’ fan de útstalling yn Koudum is nammers wol dat Sonja (Sara) Shenkar-Ritmeester, opgroeid yn Koudum as it lytse famke Gerrie, ferline wike foar it earst kontakt hie mei de ek Joadske Rebecca (Rifka) Bitterman – Krzywanowski, dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch opgroeide as Tienie de Boer by in oare famylje yn Koudum. Beide wenje no al jierren yn Israel en beide skreaunen op lettere libbenstiid har libbensferhaal. Mei de meidieling dat ‘Sara’ en ‘Rifka’ no, tachtich jier nei de befrijing, hast twa oeren mei inoar oan de telefoan praat hiene, koe de boeiende jûn yn De Klink posityf ôfsletten wurde.

Een Nederlandse versie van dit artikel staat hier.