In Geen categorie

32 Histoarysk Koudum: ‘Een Lolke Dokkum’

Begjin 2023 haw ik in oantal wiken yn de njoggentjinde iuw libbe. Sa neamde myn frou dat as ik my wer weromluts efter de kompjûter om allerhande dingen út te sykjen oer in Koudumer jonge út de njoggentjinde iuw. En ja, ik libbe yn sekere sin in pear wike mei him. Lolke Dokkum is syn namme en der wiene yn de njoggentjinde iuw wol mear Koudumers mei dy namme. Syn heit bygelyks en in lettere healbroer of in neef. Mar de Lolke Dokkum dêr ‘t ik my mei dwaande holden haw, libbe fan 1869 oant 1883. Ald is er dus net wurden.

Wêr ‘t dizze Lolke Dokkum krekt oan ferstoarn is, haw ik net efterhelje kinnen. Hy wie siik, dat witte we, mar watfoar sykte dat wie? Neef Lolke Dokkum freget yn septimber 1883 oan de ein fan in brief oan de heit fan de krekt ferstoarne Lolke: “Zeer gaarne zou ik wel willen, als U mij eens schreef en iets meldde van Lolkes ziekte en laatste levensdagen. Dan zou U mij ontzettend veel plezier doen.” Mar as de heit dêrop al mei in brief antwurd jûn hat, dan is dy brief net bewarre.

Wol binne njonken de brief fan neef Lolke noch 113 oare brieven om Lolke Dokkum hinne (1869 -1883) út de perioade 1882 -1883 bewarre bleaun. Yn jannewaris 1882 gie Lolke as ‘kwekeling’ nei it ynternaat De Klokkenberg yn Nijmegen om as ûnderwizer oplaat te wurden. Hy skreau sels brieven oan syn heit, mem, broer en freon, en brieven dy ‘t oan him skreaun waarden, binne ek bewarre (lykwols net kompleet ), lykas in tal brieven dy ‘t nei syn dea oer him skreaun waarden.

Ik kaam dy brieven min ofte mear tafallich op ynternet tsjin. No ja, tafallich, ik wie wol wat oan it sykjen oer Koudum. Dat doch ik da no en dan, hielendal sûnt ik my oansletten ha by Histoarysk Koudum. De brieven binne (digitaal) publisearre as foto’s fan alle orizjinele brieven, mar der is ek in typte transkripsje fan de brieven. Boppedat hawwe de besoargers Dick van Santbrink sr. en Dick Boot der in ynlieding by makke mei gegevens oer de famylje Dokkum en oer De Klokkenberg.

Dizze Lolke Dokkum gie al yn ‘e âldens fan tolve jier nei dat ynternaat en hy wie dan ek in jier jonger as syn klasgenoaten. Fia de brieven komme we aardich wat te witten oer syn tiid op de Klokkenberg. En ek hoe ‘t it reizgjen fan Koudum nei Nijmegen – en wer werom – gie. Dat hie nochal wat fuotten yn ‘e ierde. It koe op ferskate wizen. Mei de trein fan Nijmegen fia Arnhem nei Amsterdam en dêrwei fierder mei de boat nei Warkum. Dêr moast syn heit him dan mei hynder en wein ophelje om nei Koudum te kommen. Of mei de trein fia Arnhem nei Akkrum, fierder mei de stoomboat nei Snits en fia in oare boat nei Warkum dêr ‘t heit him ophelje koe. Dan wiest wol in dei ûnderweis!

Oer reizgje yn dy tiid: heit hie in manufaktueresaak yn Koudum, mar wie ek in soad ûnderweis mei syn hannelswaar, wêrby ‘t er geregeld in hiele dei rûn. Bygelyks fan Koudum oer Himmelum, Bakhuzen en Murns nei Aldemardum en deselde dei noch wer werom nei Koudum. Ek in maklik klinkende reis dy ‘t heit fan Koudum nei Ljouwert meitsje moast, wie yn 1883 noch net sa maklik. Heit skriuwt dêroer yn in brief fan 16 jannewaris 1883:

De reis naar Leeuwarden waar ik de vorige week over schreef is goed afgeloopen. ‘s morgens om half drie gingen wij van huis loopende naar Bolsward waar wij om half zes aan kwamen. ‘t was wel vinnig koud maar we hadden ons nog al flug warm geloopen. Kwart voor zeven gingen wij met naar Harlingen en kwamen daar kwart over acht juist tijdig genoeg voor het spoor dat om half negen na Leeuwarden reed waar wij kwart over negen aankwamen.”

Fan Harns ôf koe men al sûnt 1863 it spoar nei Ljouwert. Oan de oanlis fan de spoarline Ljouwert-Starum waard om 1883 hinne drok wurke. Dat komt in pear kear yn de brieven oan ‘e oarder. It stik Ljouwert – Snits is op 16 juny 1883 yn gebrûk naam, it diel Snits – Starum pas op 8 novimber 1885.

Yn de brieven fan Koudum nei Nijmegen wurde somtiden spesifike foarfallen oer doarpslju of gealju neamd. Yn de brieven fan Nijmegen nei Koudum giet it fansels faak oer it riden en farren op it ynternaat. Lolke freget dan bygelyks om klean, wat lekkers, in kamke of bûsjild. Ek fertelt er oer dûmnys dy ‘t er sneins beharket, oer syn sûnens (hy is gauris siik), oer wat er bygelyks yt op De Klokkenberg, oer meistudinten en oer fakken dy ‘t er krijt.

As Lolke nei de simmerfakânsje begjin septimber 1883 fanwegen sykte net weromkomt yn Nijmegen skriuwe inkelde freonen him. Freon Potma skriuwt dat se krekt fakânsje hân hawwe, mar no alwer prate oer de folgjende fakânsje: “De jongens (en daar onder behoor ook ik) praten nu al weer van over 16 weken. Nu ik hoop van harte, dat gij daar ook gauw weer over mee moogt praten, ook in ‘De Nar’.” De Nar is de skoalkrante en Lolke sit yn de redaksje dêrfan. Freon Van Gaalen skriuwt: “Ook moet ik u de complimenten van Floor en Kooij doen en u melden dat de laatste met Schöttlendreier besloten hebben de ‘Nar’ voort te zetten tot uwe terugkomst.”

Dy weromkomst sil net mear barre. Op 19 septimber 1883 komt op De Klokkenberg yn Nijmegen it berjocht fan Lolke syn heit dat Lolke op stjerren leit. Mar leafst fiif klassegenoaten skriuwe, lykas de direkteur, fuort in brief nei Lolke of syn heit mei dêryn sinnen as “Ik zou u nog gaarne eens zien, maar dat kan niet, daarom zijt gesterkt en hebt goeden moed, want Hij zal als Hij u van deze aarde wegneemt, zeker liefderijk in zijne armen ontvangen.” Of “Ik wens vurig en ik bid het voor u van den Heer, dat ge nog weder in ons midden mag komen maar indien het niet zoo was indien de Heer u weg nam waart ge dan bereid, kondet ge tot hem vlieden en zeggen: Mijn Heer en mijn God?”

Dizze brieven sil Lolke net mear ûnder eagen hân hawwe. Hy ferstoar, 14 jier âld, op 20 septimber 1883 middeis om twa oere. Der binne ferskate kondoleânsjebrieven oan de âlden bewarre bleaun. Ien dêrfan is fan S. van der Kooi, op dat stuit ûnderwizer yn Wurdum, mar hy hie yn Koudum ien fan de ûnderwizers fan Lolke west:

Ik heb hem gekend, Uwen eerstgeborene, met zijn donker haar en diepe donkere oogen, met zijn stillen eenvoud en zijne buitengewone vlugheid in ‘t leeren reeds als knaap van vier à vijf jaar, zoodat hij allen vooruitstreefde zonder het zelf op te merken. Duidelijk kwam in de verloopene 9 à 10 jaren, of na mijn vertrek uit Koudum, meermalen zijn beeld mij voor de geest, en wanneer ik somtijds een buitengewoon vluggen en uitgelezen geest onder de schoolknapen aantrof, zei ik wel eens: het is een Lolke Dokkum.

‘Een Lolke Dokkum’! Spitigernôch is der gjin portret fan dizze Lolke Dokkum bewarre bleaun. Dy moat der wol west hawwe. Yn juny 1884 betankje twa skoallekameraden fan Lolke heit Dokkum foar it oan harren tastjoerd portret fan Lolke. Hoewol, gjin foto bewarre bleaun? Der is in foto fan Jaay Deinum, de mem fan Lolke, wêrop ‘t se in poppe op ‘e skoat hat. Mooglik is dat de lytse Lolke.

In wiidweidiger stik oer dizze Lolke Dokkum stiet (yn it Nederlânsk) op de webside fan Histoarysk Koudum: