In Geen categorie

Koudum en de Fryske literatuer: Gerrit Mulder – Agur en de twa portretten (oer Metten Koornstra)

Yn 1957 ferskynde by de KFFB in Frysk boek fan de Himmelumer skriuwer Gerrit Mulder dêr’t it libben fan Metten Koornstra (1852 -1923) yn beskreaun stiet: Agur en de twa portretten. Libbensskets fan Metten Koornstra pakesizzer fan de dichter Salverda. Metten Koornstra is op 16 maaie 1852 yn Koudum berne as soan fan Rinze Hiddes Koornstra en Jetske Jan Cornelis Salverda. Hy soe letter namme krije as in kristen-sosjalistyske propagandist en behearder fan ferskate militêre tehuzen yn Noard- en Súd-Hollân, Utrecht en Gelderlân.

Yn harren resinsjes fan it boek fan Mulder sizze sawol Anne Wadman as Fedde Schurer dat Mulder Koornstra goed kend hat. Wadman beweart eksplisyt dat Mulder histoarysk wol wat stekjes falle lit, mar: ”Gâns anekdoaten út dit boek, al binne se faaks wat opsnolke, meitsje wol in wierhaftige en betroubere yndruk, en ûnwierskynlik yn minsklike sin binne se nearne.” Schurer fertrout de ferhalen oer Metten Koornstra minder: “It binne typysk Gaesterlânske forhalen, dy’t net bidoeld binne om leaud to wurden.”

Yn it earste haadstik fan it boek sjogge wy twa jongemannen, in Warkumer en in âld-Koudumer, yn 1891 nei ôfrin fan it earste Christelijke Sociaal Congres yn Amsterdam dêr’t Abraham Kuyper sprutsen hat. De âld-Koudumer is Metten Koornstra, direkteur fan it Chr. Militair Tehuis yn Oldebroek, lykas op de dielnimmerslist fan it Kongres drukt stiet “mar de wrâld sei konsierge en de soldaten neamden him fader. En hy wie allinne mar lyts man foar God – net foar de minsken, dizze pakesizzer fan de Fryske dichter Salverda.”

Om’t de haadpersoan fan it boek in pakesizzer is fan de Fryske skoalmaster en dichter Salverda (1783 -1836) beskriuwt de auteur yn haadstik 2 de erbarmlike omstannichheden fan it ferstjerren fan Salverda. Net stipe troch syn twadde frou stjert Salverda, 52 jier âld, yn in stjonkend en in fertutearze hûs. Mar yn tsjinstelling ta Salverda soe syn pakesizzer it better treffe: “Hy soe in frou krije, dy ‘t him holp, om hwat fan it libben te meitsjen (…)”. Yn de haadstikken hjirnei kriget de lêzer gronologysk it libbensferhaal fan dizze pakesizzer – Metten Koornstra – te lêzen.

As jonge fan acht, njoggen jier rint Metten graach fan Koudum nei Riis dêr’t syn omke Peke Salverda túnman is by Van Swinderen op it Slot fan Riis. Syn âlden hawwe aardich wat mei him te stellen, hy swalket graach bûten oan’t It Heidenskip ta en giet mei tsjinsin nei tsjerke. Op in snein fersommet er de tsjerke en rint mei twa maten nei herberch De Hel op It Heidenskip. Yn tsjinstelling ta syn maten ferlit er al gau de kroech, teloarsteld oer it sûpen en flokken. Syn útstapke op de dei fan de Heer wurdt him foaral troch syn heit net yn tank ôfnommen.

Yn militêre tsjinst sit er yn Leiden, mar dêrnei moat er him, werom yn Koudum, as 22-jierrige wer skikke nei de regels fan heit en mem. Yn Leiden gie er út himsels nei tsjerke, yn Koudum moat er wer ferplichte nei tsjerke, bygelyks. Dêr hat er earst wat muoite mei, mar al gau wurdt er fereale op Carolina Fekkes, in weesfamke út Hylpen, mei wa ‘t er yn 1875 trout. Se wenje yn De Hommerts dêr ‘t Metten dykwurker is en ferhúzje yn 1877 nei Wâldsein dêr ‘t er fjildwachter wurdt.

Yn 1884 wurdt Koornstra beneamd ta konsjerzje yn it kristlike Tehuis voor Militairen yn Utert dêr ‘t it pear komt te wenjen. Yn 1890 krijt Koornstra de lieding oer it Militaire Tehuis yn Oldebroek en hy wurdt redakteur fan De Nederlandsche Krijgsman, in blêd fan de kristlike Nederlandsche Militaire Bond (NMB). Hy skriuwt ûnder ferskate pseudonimen in hiel soad stikken foar De Nederlandsche Krijgsman.

Foar de NMB, dy ‘t fan 1874 ôf ûnder oare de (kristlike) militêre tehuzen oprjochte, wie er jierrenlang propagandist en hy wurke yn in grut tal militêre tehuzen as konsjerzje/tehûslieder. It propagandawurk wêrby ‘t er jild ynsammele foar de tehuzen die er faak winterdeis as it militêre tehûs dêr ‘t er op dat stuit wurke ticht wie. Ek hold er geregeld winterdeis earne oars ta, bygelyks de winter fan 1893/1894 yn Wâldsein. Metten Koornstra ûntwikkele him hieltyd mear ta in prinsipieel kristen-sosjalist dy ‘t wers fan regels it goede foar de minske dwaan woe. Dat brocht him yn konflikt mei bestjoerders dy ‘t elke stap bûten de wenstige paden feroardielden.

Sa waard er yn 1897 húsfaar fan in weeshûs yn Den Briel. Dêr waard er yn novimber 1899 al ûntslein. Hy hie mei syn frou yn twa jier tiid soarge foar in goede sfear yn it weeshûs en in goede ferhâlding mei de Brielske befolking. Mar hy hold him net oan de strange regleminten en wegere om in bytsje te bûgjen rjochting it bestjoer. Yn de regionale kranten stiene moannen lang – meast lilke – stikken oer it ûntslach en by it fuortgean fan de favorite húsfaar en húsmem gûlden de bern.

Dus gong Koornstra werom nei in militêr tehûs, diskear yn Gorinchem en yn 1905 nei Haarlim. Yn 1912 waard er ûntslein as fertsjintwurdiger fan de (kristlike) Nederlandsche Militaire Bond. Hy hie al earder fermoanningen krigen dat er him net oan de regels fan it bûn hâlde. As klap op de fjoerpylk wie er ek lid wurden fan de Utrechtsche Bond van Socialisten. Ek hjir wegere Metten Koornstra in stap werom te dwaan, wat him syn ûntslach as fertsjintwurdiger fan de NMB opsmiet. Ek dat ûntslach is yn ferskate kranten beskreaun.

Nei de Earste Wrâldoarloch wenne Metten Koornstra mei syn frou earst yn Bennekom en letter yn Ede. Fan 1921 ôf krige er wrachtich in behoarlik pensjoen fan de NMB, wat him yn steat stelde om syn hieltyd fierder ôftakeljende frou te fersoargjen oant se yn maart 1923 ferstoar. Nei it ferstjerren fan Carolina gie Metten yn Den Haach by ien fan syn pleechbern te wenjen:

“Hy soe oars nei Koudum to wenjen – syn broer Hindrik Koornstra hie in húske foar him sette litten . . . en it doel wie, dat Carolina en hy dêr togearre hinne soene om in rêstige libbensjoun to hawwen op ‘e bertegroun. Hoe moai hie dat like: hy nochris de lannen yn, ris nei de Galamadammen rinne, ris mei Carolina yn ‘e earm de paedtsjes troch oer de bou . . . miskien noch ris ljipaeisykje, in blommetúntsje ûnderhâlde – mar it mocht sa net wêze, Carolina wie ta better libben oproppen, en hy stie allinne, in âld man.”

Nei Den Haag ta dus en dêr waard er slim siik. Acht moannen nei it ferstjerren fan syn frou stoar Metten Koornstra op 17 novimber 1923. Hy is troch famylje en freonen yn Ede te hôf droegen. De stien op it grêf is delset troch de Vereniging van Tehuisleiders.

Op de webside fan Histoarysk Koudum stiet in wiidweidich artikel oer Metten Koornstra.