In Geen categorie

26 Skilders fan it Fryske lân en fan Koudum

Yn it jier nei’t wy fan Castricum nei Koudum ferhuzen, skildere myn frou, Brigitte Duin, it iene nei it oare Fryske lânskip. Abstrakt en yn lyts formaat, mar ik werkende sûnder al te folle muoite de lânskippen dy ‘t wy hjir tsjinkamen. Wy seagen se op ús kuier- en fytsrûtes by de Morra del, de Fluessen, nei Warkum, Hylpen, Starum en Gaasterlân. Doe ‘t Brigitte ferline jier frege waard om trije skilderijen te leverjen foar de eksposysje ‘Warber Warns’ hie se ek al gau trije foarstellingen yn har holle fan lânskippen by Warns, Skarl en Laaksum.

Brigitte Duin – Vanaf de Morra gezien (2023)

It wie dan ek net frjemd dat wy beide yn 2023 graach de eksposysje ‘De skilders fan it Fryske lân’ yn it Frysk Lânboumuseum besykje woene. Tsjonge, dan blykt Ljouwert dochs wol wer in eintsje fan Koudum ôf te lizzen. Want hoewol ‘t de eksposysje al fan 15 april ôf rûn en op 13 maaie offisjeel iepene waard troch minister Adema, kamen we der pas heal july oan ta om nei Ljouwert, of leaver Goutum, ta te gean. It boek dat by de tentoanstelling heart, De skilders fan it Fryske lân, hiene we al in skoftke yn ‘e hûs. Dat wie gewoan te keap by ús boekhannel Muizelaar yn ‘e Hoofdstraat.

Yn it boek wie ik Koudum wrachtich in pear kear tsjinkaam. Sa dûkt de namme fan Piet de Vries al op side 20 op en letter yn it boek wurdt er noch twa kear neamd. Op side 20 giet in alinea oer it sjenre doarpsgesichten. Dy wurde ek yn Fryslân al iuwen makke en binne noch hieltyd populêr, oant op de dei fan hjoed, sa seit de skriuwer fan it boek, âld-direkteur fan it Fries Landbouwmuseum Henk Dijkstra. Dêrby neamt er as foarbyld de Koudumer lânboufoarljochter en keunstner Piet de Vries (1932-2003).

Pieter (letter Piet of Pyt) de Vries waard berne yn 1932 yn it buorskip Galamadammen by Koudum. Hy wie in kreatyf man, hy tekene, skreau Frysktalige toanielstikken en revu’s dy ‘t er by ferskate selskippen regissearre. Mei syn famylje fierde er sels ek toanielstikjes op, yn doarpshûs De Klink bygelyks. Hy tekene en skildere, sawol mei wetterferve as mei akryl, mar syn etsen binne it bekendst om ‘t se it meast ferspraat binne. Hy makke der hûnderten, meastal fan in gebou of in lânskip, want hy hold fan it Fryske lânskip.

Yn it boek De skilders fan it Fryske lân stiet op side 158 in net-datearre pintekening fan De Vries fan in pleats by Ternaard, mei as titel ‘Under Ternaard’. Foar syn wurk by de Lânboufoarljochtingstsjinst ferhuze Piet de Vries nei Drachten dêr ‘t er yn 2003 ferstoarn is. Op de eksposysje ‘Koudumer dorpsgezichten’ fan Histoarysk Koudum yn Galerie Lytse Skientme (18 januari tot en met 10 februari 2024) sil fansels ek wurk fan Piet de Vries te sjen wêze.

Dat jildt ek foar Willem Jans Dijk (1881-970) dy’t yn it boek De skilders fan it Fryske lân op side 49 neamd wurdt. Dizze skilder, tekener, akwarellist en grafikus waard yn Burgum berne, studearre yn Grins en wenne fan 1910 ôf yn Den Haach. Yn de Twadde Wrâldoarloch wenne er in pear jier yn Koudum. Dijk makke foaral in soad tekeningen fan tsjalken en skûtsjes, mar op de eksposysje fan Histoarysk Koudum sil in skilderij hingje fan De Ooste dêr’t de situaasje fan 1944 yn 2024 hast net mear werom te sjen is.

De Koudumer keunstner Sjoerd Kuperus (Den Burg, Teksel 1893 -Koudum 1988) wurdt op side 81 fan De skilders fan it Fryske lân neamd, dêr ‘t it giet oer it skilderjen fan bisten op it lân en de pleats. Kuperus skildere of tekene graach (hús)bisten, fûgels en natuer. Syn wurk is te finen yn ferskate musea yn Nederlân en it Amsterdamsk gemeente-argyf hat hast 375 tekeningen fan him. Op de eksposysje fan Histoarysk Koudum is in tekening fan Kuperus te sjen fan de Sândobbe, dy’st no ek net mear weromkenst.

Ik ha it al in pear kear neamd: de stifting Histoarysk Koudum organisearret meikoarten in eksposysje fan (âlde) Koudumer doarpsgesichten. Nei it sukses fan begjin 2023 mei in eksposysje oer 75 jier fanfare Nij Libben is der begjin 2024 opnij in eksposysje fan Histoarysk Koudum yn Galerie Lytse Skientme. De eksposysje ‘Koudumer dorpsgezichten’ is te sjen fan 18 jannewaris oant en mei 10 febrewaris 2024. De galery (Hoofdstraat 26 yn Koudum) is dan iepen op tongersdei, freed en sneon fan 13 oant 17 oere en de tagong is fergees. In part fan de wurken dy ‘t te sjen binne, komt út it argyf fan Histoarysk Koudum, in oar part is foar dizze eksposysje beskikber steld troch partikulieren.

Op de eksposysje yn Koudum hingje benammen 20e-iuwske skilderijen, tekeningen of etsen fan ferskate doarpsgesichten fan Koudum. By guon situaasjes dy ‘t yn de rin fan de jierren yngripend feroare binne, sil ek in foto fan de hjoeddeistige situaasje te sjen wêze. Nei ferskate oproppen kamen der safolle doarpsgesichten ‘boppe wetter’ dat de eksposysjekommisje in kar út it oanbod meitsje moatten hat. Op de eksposysje wurde mear as 35 wurken eksposearre fan sa’n tweintich mear en minder bekende skilders as Jan Bakker, Klaas Overzee, Marten Groenhof, Jentsje Fekkes, Jelle Smid en Pieter de Vries.