In Geen categorie

23 Unk en leed en fan eartiids (19e iuw) yn Koudum

Yn in foarich stikje ha ik wat wrede oarlochssituaasjes yn Koudum út de sechtsjinde en santjinde iuw opskreaun en dat wiene gjin fleurige ferhalen. Mar ek sûnder oarloch barde der spitigernôch wolris wat wredens yn Koudum, bygelyks yn de 19e iuw. Yn 1988 ferskynde yn De Vrije Fries, it tydskrift fan de Fryske Akademy, in artikel oer bernemoarden yn Fryslân. Der wiene eartiids gjin feilige mooglikheden foar antikonsepsje of abortus. Bernemoard en it te fûnling lizze fan in bern wiene faak it gefolch fan wanhopige sitewaasjes, mei net-winske swangerskippen bygelyks nei in ferbrutsen relaasje of in ferkrêfting.

De Kanselarij oan de Turfmarkt yn Ljouwert dêr’t oant 1811 it Hof van Friesland yn siet. Letter wie it oant 2013 diel fan it Fries Museum.

Op 22 febrewaris 1811 wie der foar it ‘Hof van Friesland’ in proses tsjin Douwe Herres, in boer út Koudum. Hy waard ferantwurdlik hâlden foar it ombringen of it weimeitsjen fan in bern fan syn tsjinstfaam Aaltje Jarigs. Wat der krekt bard is mei it bern, is net dúdlik. Yn de perioade foar de befalling hie Douwe Herres blykber de belofte dien om mei Aaltje trouwe te sillen. Hy stelde lykwols it houlik hieltyd út en hat nei de befalling mooglik it bern deade. Yn alle gefallen waard er feroardiele ta giseling, it beteljen fan ‘e proseskosten, ‘tepronkstelling’ en hy waard foar ivich ferballe. Tsjin Aaltje Jarigs waard gjin strafferfolging ynsteld. Hoe’t it mei de ferballing van Douwe Herres gien is, wit ik net, mar yn july 1811 is Douwe Herres yn Koudum ferstoarn.

Op 31 augustus 1867 bejoegen trije hege hearen fan de arrondissemintsrjochtbank fan Snits har nei Koudum. It wiene de rjochter-kommissaris, de offisier fan justysje en de substitút-griffier fan de rjochtbank. Se kamen nei Koudum, sa meldt de Ljouwerter Krante fan 6 septimber, om in ûndersyk yn te stellen nei de moard op in poppe. De diederes, in frou dy ‘t earder troud west hie en al trije bern hie, is dan al troch de boargemaster oppakt. Se is ek al heard en hat bekend it berntsje fermoarde te hawwen.

Op 12 novimber hat de Ljouwerter Krante in ferfolchberjocht oer wat in famyljedrama blykt te wêzen. It gie om in 34-jierrige widdo dy ‘t fanwege de moard op har fjirde bern op 11 novimber foar it Provinsjaal Gerjochtshôf ferskine moast. Se wurdt feroardiele ta in tuchthússtraf fan tsien jier. Details oer de saak wurde troch de krante fierder net meidield ‘om’t se te ferskriklik binne’. Wol fertelt de krante dat de 74-jierrige mem fan de diederes har troch ferdrinking fan it libben berôve hat, doe ‘t se hearde wat har dochter dien hie.

Leeuwarder Courant 12 novimber 1867

Oan ‘e ein meldt it koarte kranteberjocht dat de man dy’t de jonge widdo ferlaat hie – en op waans oandrang sy hannele – ek selsmoard plege hat troch himsels op te hingjen. Sjoen de straf dy’t de 34-jierrige frou krige, hat de rjochtbank wol rekken hâlden mei de wanhopige situaasje dêr ‘t de frou yn sitte moatten hat.

Sa’t te ferwachtsje wie, is dit net sa’n fleurich stikje wurden mei al dy tragyske foarfallen yn Koudum yn de rin fan in pear iuwen. Dêrom ta beslút fan al dy tragyk in needlottich ûngelok op de jûn fan nijjiersdei 1870, om’t it berjocht wol in bemoedigjend ein hat. In jongfeint út Koudum beselskippe op de jûn fan 1 jannewaris in dokter op in kuier nei Ymedaam. Op ‘e weromreis is de jongfeint yn it tsjuster by fersin oer in ferkeard stek klommen en sa yn ‘e sleat ferdronken. De dokter koe him net mear rêde. Syn frou – sa seit de Ljouwerter Krante – ûntfong jûns let net har man, mar it berjocht fan it ferstjerren fan har man. Se bleau mei fjouwer jonge bern achter.

Leeuwarder Courant 7 jannewaris1870

“Opbeurend’ neamt de krante dan wol dat guon Koudumers doe’t se dit berjocht hearden, fuort in aksje begûn binne om de widdo – ‘een ijverige, oppassende jonge vrouw’ – oan in middel fan bestean te helpen, ‘welke poging met een goed gevolg schijnt te worden bekroond’.