In Geen categorie

18 Koudum en de literatuer: Fryske literatuer (20e en 21e iuw)

Ik ha it al ris earder skreaun: Koudum spilet yn de Fryske literatuer net mear as in figuranterol, ek al ha ik noch sa socht nei in haadrol. Sa no en dan komt ús doarp foar yn in Frysk ferhaal of in Fryske roman, ek yn de tweintichste of ienentweintichste iuw. In pear foarbylden dêrfan sil ik it hjirûnder oer ha.

Yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw ferskynde der yn it literêre tydskrift De Tsjerne twa kear in ferhaal dêr’t Koudum yn foarkomt. Yn 1952 wie dat in ferhaal fan Gerrit Mulder (1895-1961). It koarte ferhaal giet oer soldaten dy’t fakânsje fiere yn it Centrum voor de Watersport dat definsje oprjochte hat by Galamadammen. Op in lêste jûn giet in part fan de soldaten nei in kafee yn Koudum en komt dronken werom. En dat is it dan wol sa’n bytsje wat de rol fan Koudum oanbelanget.

It ferhaal ‘It testamint’ fan Boukje Fokkema yn De Tsjerne fan 1954 spilet him ôf yn ‘e buert fan Allingawier. Yn dat ferhaal wurdt der sa no en dan nei Koudum ta fytst en dan hast it ek wol hân. Ik sei it al, Koudum spilet net mear as in figuranterol yn de Fryske literatuer, oft it no ferhalen binne of romans. Want wat de Fryske romans oanbelanget fan de lêste iuw kom ik net folle fierder as in pear fragminten.

Sa lit Trinus Riemersma in haadpersoan yn syn machtige roman De reade bwarre fan Gaasterlân nei Warkum rinne, mar dy lit ‘de sânkop mei namme Koudum’ (Kaudem yn ‘e eigensinnige stavering fan Riemersma) links lizze. Foar dit boek út 1992 krige Riemersma yn 1995 mear as terjochte de Gysbert Japicxpriis.

Yn de roman fan Elske Schotanus, De raven, de ‘Facebookroman’ út 2020, is de haadfiguer in keunstner dy’t krekt as de skriuwster Elske Schotanus hyt. En dy merkt earne yn it boek op at se it oer keunstkeapers hat: “Se kinne better nei Koudum ôfreizgje, Lytse Skientme, Hoofdstraat 26 om krekt te wêzen: dêr hingje hearlik bleate froulju te pronk, mei pinne en inket of kwast en ferve op papier set en te bemachtigjen foar noch gjin jild.” Dat fragmint kinst wol as in autobiografysk elemint yn de roman oantsjutte: Elske Schotanus hie sels in jier earder yn Koudum, yn galery Lytse Skientme, eksposearre mei tekeningen fan naakten.

Yn syn autobiografyske roman Mei Abraham fûstkje (1969) joech ien fan de belangrykste Fryske skriuwers fan de tweintichste iuw, Anne Wadman, sawol in sneer as in lyts komplimintsje oan Koudum “dêr’t it folk him [in omke fan de ik-figuur] wol to ‘fyn’ wie, mar dêr’t er neist syn túnkers- ek syn fiskershertstocht better bodjaen koe.” De soan fan Anne Wadman, Thys Wadman, soe him letter as skoalmaster yn Koudum te wurkjen en te wenjen sette.

En sa kinne wy yn Koudum wol sizze dat yn ús plakje mar leafst twa Fryske skriuwers wenje. Behalven Thys Wadman wennet nammentlik ek Ytsje Hettinga yn Koudum. Ytsje skriuwt in soad toanielstikken en hat yn 2021 har twadde Fryske ferhalebondel yn it ljocht jûn: Hiemhûn en oare ferhalen. En nee, Koudum wurdt yn de ferhalebondels fan Ytsje Hettinga net neamd en dat jildt ek foar de boeken fan Thys Wadman. Dy hat aardich wat skreaun foar bern en jongerein, yn 2022 noch Nee hast, ja kinst krije, mar ik leau net dat ús doarp yn syn boeken mei namme foarkomt.

Mar yn it lêste toanielstik dat Ytsje Hettinga skreaun hat, spilet Koudum wol in belangrike rol. It stik bestiet út trije monologen en Ytsje skreau it foar teätergroep Sult, dy’t it stik yn april 2020 spylje soe. Troch koroana gie dat net troch en in jier letter ek net, dat it stik is nea spile. Mar it toanielstik is ûnder de titel It grutte swijen yn 2022 wol yn printe foarm útjûn, tegearre mei in ferslach fan it histoaryske ûndersyk dat Jan de Vries die nei de dramatyske foarfallen oan ‘e ein fan de Twadde Wrâldkriich yn Koudum dy’t de ynspiraasje foarmen foar it toanielstik fan Ytsje Hettinga.

It drama begjint mei it deasjitten yn novimber 1944 fan de 22-jierrige Koudumer Piebe Hoekema. Hy waard by Norg, yn Drinte, deasketten troch de Dútsers. Syn suster Tet Hoekema wenne doe yn Apeldoorn en kaam nei Koudum werom om de famylje te stypjen. Tet reizge fan Apeldoorn fia Steenwijk nei Koudum. Fan Steenwijk ôf waard se nei Koudum brocht – efterop de fyts – troch in wat mysterieuze jongfeint, Arend Klee, dy ‘t wenjen bleau yn it húshâlden fan de Hoekema’s yn Koudum.

Arend Klee waard begjin 1945 as ferrieder deasketten troch it ferset en is offisjeel as fermist opjûn. Boppedat die út it histoarysk ûndersyk fan Jan de Vries bliken dat der nei alle gedachten noch in twadde ferrieder by Koudum troch it ferset likwidearre is. De Vries hat der jierren oer dien om dy skiednis yn de winter fan 1944-1945 goed yn kaart te bringen, mar dat foel noch net ta, om’t mooglike belutsenen en harren neibesteanden dêr noch hieltyd oer swijen bleaune.

Yn alle gefallen soe dit Koudumer oarlochsferhaal it útgongspunt wurde foar it stik dat teätergroep Sult spylje soe ta gelegenheid fan de 75-jierrige befrijing fan Koudum yn april 2020. Ytsje Hettinga skreau dat stik en sy keas net foar it neifertellen fan de skiednis. Se keas derfoar om trije monologen te skriuwen, fan trije froulju: Geeske Hoekema, de mem dy ‘t har soan Piebe kwytrekke, Tet Hoekema, de sus fan Piebe, en Berendina de Vries, de mem fan Arend Klee.

It stik is nea spile, mar by de boekpresintaasje op 4 maaie 2022 yn Koudum liezen trije aktrises fan Sult fragminten foar út de ynkringende monologen fan de twa memmen dy ‘t yn de oarloch harren soannen kwytrekke binne en fan de sus dy ‘t der ûnbedoeld de oarsaak fan wie dat der in ferrieder nei Koudum kaam. En sa hat Ytsje Hettinga op in bysûndere, literêre wize in stikje Koudumer skiednis ferbylde.