In Geen categorie

13 Tsjerken yn Koudum (1): De grifformearde tsjerke fan Koudum

Ik bin grifformeard opgroeid, yn it Noard-Hollânske Castricum, en dat is in behoarlik roomsk-katolyk doarp. De grifformearden wiene net sa’n grutte groep yn Castricum, mar hiene wol in eigen tsjerke. Yn 2006 fusearre de grifformearde tsjerke mei de herfoarme gemeente ta de Protestantse Gemeente Castricum. Yn de earste jierren wie der om en om in tsjerketsjinst yn de herfoarme tsjerke (de âlde doarpstsjerke fan Castricum) en de grifformearde tsjerke, de Maranathatsjerke. Pas op 30 desimber 2018 wie de ôfskiedstsjinst fan de Maranathatsjerke: de tsjinsten waarden tenei allinnich mar yn de doarpstsjerke hâlden.

De Maramathakerk van Castricum op de voorkant van een boekje

Dat grifformearde tsjerkegebou – de ‘Maranathakerk’ – yn Castricum kaam der yn 1954, mei troch tadwaan fan myn heit dy’t doe yn ‘e boukommisje siet. De Maranathatsjerke docht no tydlik tsjinst as skoalgebou en is yn 2020 eigendom fan de gemeente Castricum wurden. Dy hat besluten dat it gebou sloopt wurde sil om plak te meitsjen foar wenningbou. Dêr is noch wol wat ferset tsjin, der binnen gelokkich guon dy’t wol wat oars mei it karakteristike gebou wolle. Ik hoopje dat dat lêste slagget, as wie it allinne mar ta neitins oan myn heit. Hy wie sa grutsk op dy tsjerke, dat ik moat der eins net oan tinke dat it gebou ôfbrutsen wurdt.

Ek yn Koudum kaam it gebou fan de grifformearde tsjerke yn 2006 leech te stean nei’t de herfoarmen en grifformearden tegearre de PKN-tsjerke foarmen. It tsjerkegebou fan de grifformearden yn Koudum kaam doe yn partikuliere hannen. Durk en Corrie Stoker kochten it pân en hawwe it rigoreus ferbouwe litten ta wenning mei in B & B. Mar wol mei behâld fan de karakteristike eleminten fan de âlde tsjerke. En no, nei mear as tsien jier dêr wenne te hawwen, ha hja de âlde grifformearde tsjerke fan Koudum in skoftke lyn wer te keap set.

Dat gebou, tusken Bovenweg en Verlengde Hoofdstraat, stiet der sûnt 1874. Op 29 maaie fan dat jier lei de doetiidske dûmny E. Kropveld de earste stien foar de tsjerke en op 11 oktober waard it nije gebou yn gebrûk naam. Dat stiet allegear kreas beskreaun yn in boekje dat makke is by it 150-jierrich bestean fan de grifformearde tsjerke yn Koudum yn 1988. Ik sil it hjir mar net hawwe oer it krekte ûntstien fan de grifformearde tsjerke yn Nederlân nei de ôfskieding fan de herfoarmen yn 1834. Hoe’t dat er yn Koudum oan ta gong en hoe de grifformearde tsjerke yn Koudum yn 1838 begûn, stiet ek allegear yn it boekje mei de moai grifformearde titel: ‘Gods trou is in skyld en pânser’.

De tsjerketsjinsten fan de grifformearde tsjerke fan Koudum (doe noch tegearre mei Hylpen) fûnen ynearsten plak yn in skuorke of in skilderswurkpleats. Nei’t yn 1841 de grifformearde tsjerke fan Koudum ek troch de oerheid erkend wie as offisjele tsjerke, koe neitocht wurde oer de bou fan in tsjerke. Tusken Kninebuert (no Verlengde Hoofdstraat) en Boppedyk (nu Bovenweg) waard yn 1842 in tsjerke boud. It geboutsje neist de tsjerke fan 1874, tusken Verlengde Hoofdstraat  11 en 15 is in oerbliuwsel dêrfan.

De ‘Grifformearde Tsjerke’ oan ‘e kant fan de Bovenweg

Dûmny De Jong dy’t fan 1869 oant 1873 dûmny fan de grifformearden yn Koudum wie, hie it der alris oer hân: moat der gjin nij tsjerkegebou komme? Mar dy fraach waard pas wat mei dien ûnder dûmny Kropveld dy’t fiif jier yn Koudum stien hat en yn oktober 1874 it nije tsjerkegebou ynwije koe. Yn 1911 waard de âlde pastorij neist de tsjerke ôfbrutsen en in nije pastorij boud dêr’t dûmny De Walle (yn Koudum fan 1880 oant 1914) yn 1912 yn wenjen gie (no Verlengde Hoofdstraat 17). Yn 1916 waard neist de pastorij in ferieningslokaal (no Singel 19) delset.

Yn de rin fan de jierren is der noch wol wurke oan it gebou fan de grifformearde tsjerke. Yn 1929 -1930 waard in frij yngripende ferbouwing útfierd. De tsjerke is doe mei goed twa meter ferlinge, de yngong ferpleatst en it ynterieur yngeand omsmiten. Ek yn 1951 waard de tsjerke ferboud. Der kaam oan ‘e kant fan de Bovenweg in konsistoarjekeamer yn it gebou en der kaam in nij oargel. Yn 1960 is de binnenkant fan de tsjerke (lambrisearring, flier, ferljochting) ek fernijd. Midden jierren 60 binne pastorij en lokaal en ek it oargel opknapt en yn de jierren 70 folge der in oanpassing om de tsjerke better tagonklik te meitsjen foar ynfaliden. Ek yn 1983 krigen tsjerke en pastorij in opknapbeurt.

It is moai datst foar boppesteand oersjoch net sels de argiven yn hoechst, mar dat – mei noch in soad mear – it allegear al op in rychje set is yn it jubileumboek fan 1988. Ein 2006 binne tsjerke, pastorij en lokaal dus ferkocht. “Het was een hele geruststelling voor het dorp dat de gebouwen bleven bestaan en een aanvaardbare bestemming kregen” sa stiet it op de webside fan Histoarysk Koudum. No, dat bliuwt hooplik ek sa as der meikoarten nije bewenners yn dy âlde grifformearde tsjerke komme. En ik hoopje fansels dat tenei ek gelikense wurden skreaun wurde kinne oer de Maranathatsjerke fan Castricum.