In Geen categorie

12 Koudum en tennis

“Frou Van der Meulen?” It bleau stil yn ‘e wachtkeamer. De ferpleechster seach yn it rûn, mar net ien reagearre. Ik wifele wat en besocht har blik te fangen. Dat seach hja. “Hear Van der Meulen?” Dy wie ik wol en ik mocht mei nei de ‘gipskeamer’. “Jo kinne wol yn dy reade stoel sitten gean.” Ik seach wat ferheard om my hinne, der stiene allinnich blauwe stuollen. Se lake der sels om. “No, dat giet allegear lekker,” sei se, “ik bedoel fansels dy blauwe stoel.”

It is al wer twa jier ferlyn doe’t ik om nij gips om ‘e pols kaam. In wike earder wie dy al yn it gips set. Yn it sikehûs yn Snits, troch in ferpleechster út Koudum, hoe moai kinst it ha. De jûns dêrfoar wie ik fallen op ús tennisbaan en dêrnei waard de pols tsjokker en tsjokker en die my hieltyd mear sear. Dat de frou hie de húsdokterspraktyk hjir yn Koudum belle. It soe wol tafalle, sei de dokter, mar hy stjoerde my dochs mar efkes nei Snits. Op ‘e foto wie in moaie breuk te sjen yn it bonkje tusken pols en tomme.

Sûnt ik yn Koudum wenje, tennisje ik. Net op in heech nivo, mar dat docht hast gjinien op ús feriening. “Tennisferiening Oeverzwaluwen Koudum is in lytse, warbere en gesellige feriening mei leden fan 8 oant 80 jier” stie oant foarich jier op ‘e webside – mar dan fansels wer yn it Hollânsk. Dat kloppet aardich, al bin der no ek al leden fan boppe de 80, dat der stiet no: ‘fan 8 oant 88’. Ús ledetal komt net boppe de hûndert út en nei it tennisjen is de neisit noch wol sa belangryk as it tennisjen sels. Fia in goeie baromset slagget it ús klupke dan ek mar moai om fuort te bestean. “We dogge it foar de klup” is it sizzen wolris by in nij rûntsje.

Mar der wurdt bytiden serieus traind, meastal op moandeitejûn. Dêr die ik ek oan mei. Ik hie de yllúzje dat ik myn tennisspul noch gâns ferbetterje kin. Dat is ek wol sa: ik tennisje noch net sa lang, dat ik kin noch genôch dingen leare. Tagelyk moat ik leare dat ik op in leeftyd kom dat net alles mear kin en ha ik yntusken ek al in nije heup. Mar goed, twa jier ferlyn soe ik in krekt te hurde bal, te fier achteryn it fjild, noch wol efkes werom slaan. Sa ferlear ik it lykwicht en kaam ik op de gipskeamer yn it sikehûs terjochte.

In pear dagen nei dat sikehûsbesyk woe ús foarsitter wat dinkjes trochnimme dy’t te meitsjen hiene mei de bou fan in terrasoerkaping op ús tennisparkje. Dy oerkaping stie foar in grut part al, mar der moasten noch wat putsjes dien wurde. Ús foarsitter stie der by it oerlis wol wat allinnich foar: de ponghâlder wie troch de rêch gien en de siktaris hie de pols yn it gips. Wy koenen it lytste putsje noch net dwaan. “Jim dogge der ek alles oan om net mei de bou meihelpe te hoegen”, grapjage de foarsitter noch. Teminsten, ik gean der fan út dat it in grapke wie.

En al hoe lyts ús feriening ek is, der binne eins altyd wol frijwilligers te finen om mei fan alles en noch wat te helpen. De ien is spesjalist wurden yn it ûnderhâld fan de gravelbanen, de oar kin in stikkene wc reparearje, wer ien kin lampen heech yn ‘e ljochtmêsten ferwikselje. Wer oaren ûnderhâlde de blomperkjes, skilderje it kluphûs of soargje foar de kantine. Of meitsje de terrasoerkaping ôf, want dat is doe ek moai slagge.

No, en mei sokke frijwilligers is it net dreech om yn it bestjoer fan sa’n lytse, warbere en gesellige tennisferiening yn Koudum te sitten.