11 Koudum yn de 16e (en 17e iuw)
Ofrûne moanne lies ik twa boeken dy ‘t gean oer Fryslân in pear hûndert jier lyn. It iene wie in tsjok boek fan 640 siden, Fryslân yn de Gouden Iuw, skreaun yn it Frysk troch Philippus Breuker. It oare liket hast mear in brosjuere en is gearstald troch ûnderskate auteurs. Yn beide boeken komt Koudum foar. Yn it tsjokke boek op trije siden fan de 640 siden. Yn it lytse boekje fan 20 siden gean mar leafst sân siden oer Koudum.
Dat lytse boekje hyt De herdenkingsborden van Blessum, Boksum en Koudum en hat as ûndertitel ‘Herinneringen aan de Spaanse plundertochten in de Tachtigjarige Oorlog’. It boekje wurdt fergees oanbean troch de trije tsjerken dêr ‘t de betinkingsbuorden hingje. Yn de ynlieding wurdt útlein dat yn de tsjerke fan Koudum in bysûnder betinkingsboerd út 1586 hinget, dat ein 2021 foar in grut part restaurearre is. Dat houten boerd ferhellet fan stellende en moardzjende Spaanske troepen, dy ‘t ûnder de befolking fan Koudum en omkriten in soad slachtoffers makken.
Ek yn de tsjerken fan de doarpen Blessum en Boksum hinget sa ‘n betinkingsboerd. Ek dêr foelen yn de striid tusken de Spanjerts en protestantske Nederlanners in soad slachtoffers. Fierder hat de earste side fan de ynlieding in ôfbylding fan in ynkleure âlde kaart fan de ‘Slag bij Boksum’. Oer dy Slach by Boksum skriuwt Philippus Breuker ek yn syn stúdzje oer Fryslân yn de gouden iuw, mar dêr gjin wurd oer de rôftocht by Koudum.

Breuker neamt Koudum wol yn it begjin fan syn boek yn in opsomming fan de fyftjin grutste doarpen yn Fryslân healwei de 17e iuw. Even fierderop hat Breuker it oer it begjin fan de Reformaasje en hy stelt dat it tal leden fan de nije, grifformearde tsjerke yn it begjin lyts west hat. Snits hie yn 1578 177 lidmaten, Ljouwert yn 1581 678 en Koudum yn 1587 54. Soe it getal fan 54 foar de ynfal fan de Spanjerts yn Koudum yn jannewaris 1586 noch grutter west hawwe, freegje ik my dan ôf.
In wat apart ferhaal yn it boek fan Breuker is dat fan Jasper Lamberts (Poelgeest ). No ja, sa neamt Breuker de man op side 205, mar in side fierder blykt it te gean oer Casper Poelgeest. Dy kaam, sa seit Breuker, fan Koudum doe ‘t er yn 1614 troch de stêd Frjentsjer oansteld waard as oargelist, foarsjonger en skoalmaster. Yn 1615 waard er yn it Album Studiosorum (= in nammelist fan meistudinten oan in beskate universiteit) ynskreaun. Yn 1617 ferlit er ‘mei de noardersinne’ Frjentsjer en ferhuze nei Harns. Neffens Breuker soe er syn frou, mei wa ‘t er yn 1616 troud wie, ferlitten hawwe.
De Nederlânske dichter Jan Jacob Starter – dy ‘t fan 1614 ôf yn Ljouwert wenne en ûnder oare bekend wurden is troch syn dichtbondel Friesche lusthof (1621) – makke in gedicht op dizze Casper Poelgeest op it stuit dat Poelgeest ferhúzje soe, nei alle gedachten fan Frjentsjer nei Harns. It gedicht ‘Aenden Constrijcken Instrumentalist Mr. Casper Poelgeest Organist te Franeker’, in loffers op dizze musikus, wurdt yn syn gehiel sitearre yn it boek fan Breuker.

Mar dan hast it oandiel fan Koudum ek wol hân yn Breuker syn stúdzje oer Fryslân yn de Gouden Iuw. Sa’t ik al sei komt Koudum der better ôf yn it boekje oer de betinkingsbuorden. It boerd yn de Martinitsjerke fan Koudum betinkt, lykas de buorden yn de tsjerken fan Blessum en Boksum, de rôftocht fan de Spanjerts yn Fryslân yn jannewaris 1586. It boerd yn Koudum begjint mei in fout jiertal. By in restauraasje fan it boerd yn 1891 hat de doarpsskilder Ype Sikkes de Jong nei alle gedachten it goede jiertal 1586 by fersin oerskildere as 1580. It plaatsje op de foarkant fan it boekje yllustrearret dizze flater.
Om de ien of oare reden hat de kommisje dy ‘t yn 2021 plannen makke foar in restauraasje fan it boerd derfoar keazen om it foute jiertal stean te litten. Dat is spitich, want no hat it betinkingsboerd oerstallige ekstra útlis nedich. Útlis is dochs al nedich, want foar moderne lêzers is de âlde taal net drekst maklik te lêzen en dat jildt trouwens ek al foar de âlde letters. Hjirûnder ha ik de tekst fan it boerd oernaam sa ‘t dy yn it boekje stiet, mei links de orizjinele tekst en rjochts in ferzje dy’t yn it begjin fan de 18e iuw fêstlein is yn in dokumint oer de skiednis fan de grietenij Hemelumer Oldephaert en Noordwolde.

Neffens de Rijkscommissie voor de Monumentenzorg datearret it Koudumer boerd út 1612 (en dus net út 1586 lykas de earste sin fan it boekje suggerearret). Dat soe bêst kinne, sa stiet yn it boekje, om’t it dan makke is yn de tiid fan it ‘Twaalfjarig Bestand’ en yn dy tiid wie it net gefaarlik mear om sa’n tekst iepenbier te meitsjen. Op de webside fan Histoarysk Koudum is noch mear útlis te finen oer de datearring fan it Koudumer betinkingsboerd.
Yn 1652 binne der noch twa rigels tafoege oan de tekst op it boerd: “Myn kindt wilt ghij Gods dienaer syn soo / Schickt u ter aenvechtinghe”. Dy tekst – dy ’t soks betsjut as meitsje jo klear foar de striid – is fan de doetiidske skoalmaster Balthasar Laurens Hoffman. De oanlieding foar dy tafoeging wie de spanning mei Ingelân en it útbrekken fan de Earste Ingelske oarloch yn 1652.

Nei alle útlis oer it betinkingsboerd, stean der noch twa siden yn it boekje oer de kânsel fan de Martinitsjerke en oer de tsjerke sels. De kânsel út 1648 nimt tusken oare Fryske eksimplaren in bysûnder plak yn. Dat komt troch de foarmjouwing fan de fersieringen en troch it houtsnijwurk fan de kûp. It bysûndere koperwurk fan de leuning, de doophekbôge en de lêzener (ek út 1648) is makke troch Elia Eliasz Vliet, in bekende gieljitter út Amsterdam.
De notiidske Martinitsjerke is boud yn 1857 en stiet op it heechste punt fan Koudum. It ynterieur komt foar in part noch út de 17e-iuwske tsjerke. It oargel datearret út 1858. Foto’s fan it ynterieur fan de tsjerke, fan de kânsel, fan it tsjerkegebou en in pear detailfoto’s jouwe in moaie oanfolling op de ynformaasje yn de tekst.
Dat lêste jildt net allinnich foar de tsjerke fan Koudum, mar foar it hiele boekje dat der kreas útsjocht mei in soad foto’s, en nijsgjirrige ynformaasje jout oer de rôftocht fan de Spanjerts yn it begjin fan 1586 yn Fryslân. En oer de histoaryske betinkingsbuorden dy ‘t nei oanlieding dêrfan makke binne.
N.B. Een Nederlandstalig stukje over (de vermelding van Koudum in) het boek van Philippus Breuker staat op de website Brekt.nl. Ook over het boekje over de herdenkingsborden staat een Nederlandstalig stukje op Brekt.nl.
van Zuidwest Friesland
