In Geen categorie

De Dútske sjongeres Hildegard Knef song it bekende liet ‘Ik hab noch einen koffer’ lang lyn, mar har koffer stie doe noch yn ‘Berlin’. Doe’t de papierboys op 23 maart, it waaide hurd, it papier wat by elkoar swielen, ûntdutsen se in rolkoffer boppeop in papierkontainer. De klant dy’t dat dien hat, hie blykber yn de gauwichheid net sjoen dat er tagelyk mei it papier ek in rolkoffer yn de kontainer smieten hie. Dat kin barre fansels. Mar de koffer is der noch, de wettige eigner kin him ophelje by de gemeentewerf yn Koudum.

Mar no efkes yn earnst: dit soarte fan grappen moat net te faak foarkomme. Papier moat yn ’e kontainer en ôffal nei de jiskepôle. As Nij Libben en Oeverzwaluwen it papier by Omrin oanleverje mei in bulte fersmoarging, dan jout dat argewaasje. De minsken dêr yn Harns wolle skjin papier ha, want as hja papier en ôffal skiede moatte, dan kost dat de beide ferienigingen in bulte sinten.

Litte wy dit ôfprate – sei hy ‘vaderlijk’ – stoart skjin papier, dus sûnder rolkoffers, tempex of noppenfoly yn ’e papierkontainer. Let ek mei hurde wyn efkes op, oars leit de troep oant oare kant de Stasjonswei. Sille wy ôfprate dat we elkoar skerp hâlde, bliksems?!

In papieroprêder