In Geen categorie

Dizze wike ferskynde Testamint fan de siel, it lêste boek fan de ferneamde Fryske skriuwer Hylke Speerstra. Hjoed, freed 4 juny, makke Speerstra in rûntsje troch de Súdwesthoeke. Fansels kaam er ek yn Koudum by boekhannel Muizelaar. Dêr sinjearde hy syn boek fannemoarm. Minsken koene fan tefoaren in eksimplaar reservearje. Mar Hylke Speerstra hie der wol nocht oan en hat de hiele foarried sinjeard.

Dat betsjut dat wa’t noch graach in sinjeard eksimplaar fan Testamint fan de siel ha wol, sa rap as er kin nei boekhannel Muizelaar ta moat. Krigest der op dit stuit ek fergees it boekewikegeskink by en fansels stimpels foar de Koudumer bekers. It boek giet oer twa Fryske emigranten yn Kanada, beiden tachtigers, dy’t inoar by tafal moetsje op in evenemint, yn petear reitsje en in freonskip ûntwikkelje. Se skriuwe foarinoar harren libbensferhaal op en stuitsje dêrby op in soad oerienkomsten.

It is in optocht ferhaal, mar Speerstra hat der ferhalen yn ferwurke dy’t hy heard hat fan emigranten. De haadpersoanen yn Testamint fan de siel binne de twa âldere manlju, mar, sa seit Hylke Speerstra sels: “Eins giet it boek oer harren memmen. Want memmen binne wichtiger as heiten. In mem hat it bern droegen. In frou is ek sterker as in man.”

Om’t in part fan in boek him yn de Twadde Wrâldoarloch yn de Súdwesthoeke ôfspilet stean der neist in pear âlde foto’s ek fiif ôfbyldingen fan tekeningen fan Marten Groenhof yn it nije boek fan Speerstra. Dy sfeartekeningen komme út it sketsboek fan Marten Groenhof, De Krúspôllen‘ útjûn troch Utjouwerij DeRyp.