In Geen categorie

Troch Ulfert de Jong

Yn’e hongerwinter fan 1944/45 kamen der in protte saneamde hongerévakués út de grutte stêden nei it plattelân. In Fryske ûnderwizer út Amsterdam socht kontakt mei de Herfoarme Tsjerke fan Koudum. En sa kamen Chris van Voorthuizen en syn suske Jellie yn Koudum telâne. Yn neare nacht waarden sy mei in frachtweintsje oer de Ôfslútdyk brocht. Dútske soldaten skolden harren dêr noch út foar ‘Hungerschweine’.

Chris mocht útfanhûzje bij Sijbolt en Wiepk de Jong oan de Havenkade 2 en syn suske Jellie kaam terjochte by de de famylje Hoekema, kosteres fan de Martinitsjerke. De koster wenne doe noch yn it letter sloopte diakoniegebou. Neist de De Jongs wennen op Havenkade 6 Pieter en Akke de Boer mei harren fjouwer dochters en soan Sierd. Chris wie 14 en Sierd 12 jier, dat hja ha in soad mei elkoar boarte.

Buorman Pieter de Boer fear op it beurtskip fan de K.E.B. en de beide jonges mochten faak mei nei de merk yn Snits. Se spoeken ek wolris om by de Gaarkeuken. Dy wie doe fêstige yn Teake syn skildersloads. Aldere jonges sa as de lettere dirigint Piebe Bakker en syn maat Piebe de Vlugt moasten dêr jirpels skile en koal snije. Nei dat it spul wosken wie, gie it nei de Suvelfabryk en dêr waard it mei stoom gear sean.

Om’t Chris syn heit amper kend hie, neamde hy ús heit omke Sijbolt. Hy sei tsjin my: ‘Ik beskôge him as myn heit’. Jierren letter, doe’t ik al mei Jitske troud wie, kaam de hiele famylje Van Voorthuizen ûnferwachte by ús oan de doar. De kontakten binne bleaun. Mar Chris woe ek graach syn eardere buorjonge noch wolris moetsje. Earst wier der kovid, dan wer wat oars, mar op snein 2 july 2023 soe it heve.

By dochter Wiep oan de Beukenlaan foelen de jonges fan doe elkoar yn’e earms. De mannen hiene hiel wat te bepraten, der kamen foto’s op tafel. Chris liet hearre dat hy noch in flink mûltsje Frysk prate koe. De jonges fan doe binne no mannen fan 90 en 88 jier. Nei 78 jier wie harren freonskip der noch hieltyd. It ôfskie wie waarm en ek wol in bytsje emoasjoneel.

Op de foto links Chris (van Voorthuizen) en rjochts Sierd (de Boer)