In Geen categorie

Froukje Sijtsma studearre Frysk en sjoernalistyk yn Grins en wurket by Omrop Fryslân dêr’t hja programma’s en columns foar makket. Dy columns skriuwt hja ûnder de mienskiplike titel ‘De toan fan Frouwkje Sytsma’. De column fan dizze wike hjit ‘De kaugomballe-automaat fan Koudum’. Doe’t hja foarige wike op in jûn troch Koudum kuiere, in “nije omjouwing”, seach hja sa’n âlderwetsk readwyt kastke hingje oan de muorre fan kafee Tarantella. Dat joech har oanlieding om dat stikje Hoofdstraat fan Koudum wat better te besjen.

Sa sjocht hja tsjin de kaugomballe-automaat oer in “snoepich winkeltsje”: “Favé The Label wurdt rund troch twa freondinnen dy’t yn coronatiid harren baan opseinen, om yn Koudum in dream te realisearjen: fleur nei de minsken bringe mei kleurrike klean, kadootsjes en assessoires.” Tagelyk sjocht hja dêrneist restaurant De Pianoman dy’t krekt bekend makke te stopjen. “Wer in ûndernimmer dy’t de ljochten útdocht”, skriuwt Sijtsma dan in bytsje tryst.

Mar de lêste sinnen fan har column binne dochs wat fleuriger: “De froulju fan de winkel tsjinoer de snobbersguodautomaat hâlde de fleur deryn. By harren yn it doarp wurdt de kaugomballe-automaat ommers noch alle wiken byfold. En salang’t se yn Koudum kinne, bite en kôgje se stevich troch.”

De hiele column fan Froukje Sijtsma is te lêzen op de webside fan Omrop Fryslân.