In Geen categorie

Klik hier voor de Nederlandse versie

Yn jannewaris lansearje fiif skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân ‘-Taalryk-’. Dy skoallen jouwe eksplisyt omtinken oan sterk en ferbûn taalûnderwiis. Yn de deistige ûnderwiispraktyk betsjut it, dat de talen ek in plak hawwe by oare fakken en dat der omtinken is foar wrâldboargerskipsfoarming. Ien fan dy skoallen is CSG Bogerman yn Koudum.

Taalryk – foar skoallen mei meartalige ambysje

Taalryk is ít netwurk fan skoallen yn Fryslân, dy ’t in dúdlike fyzje op meartaligens yn de praktyk bringe. Fan taal wurdst riker, is it idee efter de namme en it fûnemint ûnder de fyzje. It netwurk makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

De provinsje Fryslân draacht dizze skoallen in waarm hert ta, omdat hja in breed Frysk oanbod hawwe. Deputearre Sietske Poepjes: Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 sette wy yn op in folweardich plak fan de Fryske taal yn alle ûnderwiissektoaren. By de skoallen dy’t oansletten binne by Taalryk is der fanselssprekkend in plak foar it Frysk mar ek omtinken foar meartaligens. Learlingen binne sa goed taret op harren ferfolchstúdzje en harren baan yn de takomst.

It giet by Taalryk om de learlingen. Sa krije se bygelyks biology yn it Ingelsk en gymnastyk yn it Frysk. Ek krije se in ynternasjonaal programma oanbean, wêrby ‘t sy sawol online as offline ynternasjonale ûnderfinings op dogge. Sa leveret meartaligens ek in bydrage oan in takomst as wrâldboarger.

Gearwurkjende skoallen

De dielnimmende Taalryk-skoallen sitte ferspraat oer Fryslân: twa skoallen fan CSG Liudger yn Burgum en Waskemar, CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer en twa skoallen fan CSG Bogerman yn Balk en Koudum. De skoallen wurkje gear op it mêd fan ûnderwiiskundige ynsichten, sertifisearring, eksaminearring, ynternasjonalisearring en (wrâld)boargerskip. Ek wikselje sy ûnderinoar lesideeën út oer (wrâld)boargerskipsprojekten, ynternasjonale aktiviteiten en organisearje sy in mienskiplike learlingedei op 21 juny 2023.

Meartalige aktiviteiten

Yn de deistige praktyk leit de fokus benammen op de trije talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk, mar ek Dútsk, Frânsk en oare thústalen fan de learlingen dogge mei. In soad learlingen geane op in ynternasjonale ûnderfiningsreis en hawwe ferskate taalûnderfiningsaktiviteiten, lykas Ingelsktalich toaniel, itensiede en klasseútstapkes. Alle meartalige aktiviteiten liede yn de ûnderbou nei de Cambridge – of Angliatoets foar Ingelsk en de Frisiatoets foar Frysk. learlingen yn de boppebou rûnje ôf mei it lanlik eksamen Ingelsk én Frysk.