In Geen categorie

Koudum, 16 oktober 2026 – troch UDJ – Juster probearde Jacob Leenstra út namme fan himsels noch in pleit te hâlden by de rjochter yn Grins om de Poeisz yn’e Haadstrjitte fan Koudum te hâlden. Hy mocht syn wichtige puntenplan net foarlêze fan de rjochter, mar allinne fragen fan de magistraat beantwurdzje. It wie ommers âlde kost. Want SWF en de Poeisz brochten dêr tsjinyn, dat it ferhaal fan heechleraar Tialda Haartsen útleppele wie út al lang bekinde boarnen en niks gjin nijs op it aljemint brocht.

Dat de Haadstrjitte aansens in bytsje stiller wurdt, is natuerlik net fijn foar de bliuwers, dat is wol dúdlik. Mar om dat oan te fielen, dêr hoecht men gjin heechleraar foar te wêzen. Wy witte allegearre wol dat de hjoeddeiske winkel te lyts is. Do brekst hast de bonken oer yn it paad steande stellingen en dat sil gjin inkele Koudumer ûntkenne, no ja miskien op ien nei.

Wat moatte wy dwaan mei dy frijkommen grûn ? It âlde gebou opnij bestimme, of de hiele boel plat goaie en der wat moais foar werom bouwe. It is op dit momint moade om yn te breidzjen, sadat jo gjin gêrslân opofferje foar wentebou. Der binne destiids sa’n fiif wenningen sloopt, miskien kinne wy itselde oantal wer werom bouwe. De Haadstrjitte kin dan in ferantwurde ‘upgrading’ krije.

De Poeisz wie juster net ûnder de yndruk fan dizze rjochtsitting, want in oannimmer is al op deselde deis ûtein set mei it grûnwurk fan de nije krûdenierswinkel. En leau mar net dat de bou wer stillein wurdt.