In Geen categorie

Teatergroep SULT bestaat 10 jaar. In de kerstvakantie spelen ze hun jubileumvoorstelling “in Midwintermearke” in de sporthal “de Sândobbe” te Koudum. Lees het bericht wat de redaktie van Bulte Nijs Online van SULT ontving.

Mei in temperatuer fan omtrint 25 graden liezen wy it skript fan “In MidwinterMearke”, it stik foar ús jubileumfoarstelling. It is in bewurking fan it Shakespeare stik: “The Wintertales”. Makke foar- en yn gearwurking mei SULT troch teater-swiergewicht Bouke Oldenhof. Oer in dikke wike begjinne de repetysjes en wy hawwe der allegear fet sin oan.

Wa’t bang is dat it in swiere Shakespeare-foarstelling wurdt, hoecht him net dik te meitsjen. “In MidwinterMearke” wurdt in famyljefoarstelling mei in protte humor. Al mei it lêzen fan it skript wurdt bot lake. It is in moai ferhaal dat him lient foar in protte gekke fynsten. SULT wol tafertrout sille wy mar sizze. Yn ús benadering fan Shakespeare draait it om bewegen. Want bewege dat dogge wy te min en wy ite wat te folle mei as gefolch dat sa njonkelytsen in soad minsken, en ek bern, te grou binne. Guon oerheden hawwe it sels oer in swier maatskiplik probleem. Reden foar teatergroep SULT om dêr wat mei te dwaan. “Shakespeare-light” dat is ús doel. De foarstelling wurdt delsetten yn de sporthal te Koudum. Wy spylje “In MidwinterMearke” yn de takomme Krystfakânsje. Strategysk sjoen is dat, mei it each op it tema, nei alle gedachten in poer geskikte tiid. Mei in slach om de earm binne de foarstellings data: 28, 29 en 30 desimber en 2, 3,4, 5 en 6 jannewaris. Yn de foarstelling krije in protte jonge nije talinten in kâns. Wy hoopje ek in soad jongerein te treffen yn it publyk. Pieter Stellingwerf is regisseur en artistyk lieder. Kees Botman sil de foarmjouwing dwaan, Marius de Boer de muzyk en Tetje Rozendal is freege foar de koreografy.

Tsien jier teatergroep SULT! Wy meie werom sjen op in gruttal prachtige foarstellings. Grutsk meie wy wêze op ús frijwilligersploech en de skare freonen fan SULT. Grutsk ek op it plakje dat wy troch de jierren hinne krigen hawwe yn de herten fan alle trouwe SULTgongers. En grutsk op it eigen plakje dat teatergroep SULT ynnommen hat yn it Fryske teaterlibben. Yn de teatertún yn Riis brochten wy ús earste stik ‘Serenade’. Mei in enoarm grut hinnehok as dekor, in foarprogramma mei hinnepoppekast, hinnefuotbal en liters advokaat. Tsien jier lyn alwer, wer bliuwt de tiid? Dizze selde tiid spilet yn ‘In MidwinterMearke’ in wichtige rol. As ferteller nimt de tiid ús mei yn it stik en jout de ynformaasje dy ’t nedich is om te begripen wat der bard is. In bettere symbolyk foar in jubileumfoarstelling is hast net te betinken.