In Geen categorie

Jan Arendz en Marijke Geertsma, beide al sa’n 35 jier by Tryater, binne dwaande mei in foarstelling basearre op (persoanlike) ferhalen. Om de moaiste ferhalen te sammeljen, wurde fan jannewaris ôf op in grut tal plakken yn Fryslân jûnen organisearre om minsken út doarp en streek de mooglikheid te jaan om dy ferhalen te fertellen.

Yn al dy jierren by Tryater, komme Jan Arendz en Marijke Geertsma faak jûn oan jûn yn doarp en stêd, oeral yn Fryslân. Se binne benijd nei de ferhalen achter de minsken. Tryater makket fan de moaiste – al of net wier barde – ferhalen in foarstelling dy’t spile wurde sil yn kroegen yn hast alle gemeenten fan Fryslân by It Brûst 2011.

De ferhalen – anekdoates en sterke staaltsjes – wurde fan jannewaris ôf sammele. Dêrom noeget Tryater alle ynwenners fan de Fryske doarpen en stêden út dy’t tinke in moai ferhaal te hawwen oer in persoan of meardere minsken, oer in foarfal út it ferline of út it no, út doarp, stêd of streek. Lit dizze prachtige ferhalen net ferlern gean.

Witto jo sels in moai ferhaal, of kenne jo in oar mei sa’n moai ferhaal? Fertel it oan Jan en Marijke

Tryater makket der yn de kroech in prachtige jûn fan.

It sille jûnen wurde om te laitsjen, mar ek om even by stil te stean. Tink der oer nei en kom op sa’n ‘ferhalesammeljûn’ by jo yn ’e buert. Wolle jo der by wêze? Kom dan op 12 april om 20.00 oere yn De Klink yn Koudum.