In Geen categorie

Koudum hat der in sitbankje bij krige en wol oan de kuierroute lâns de Doerebout. Romke Kroondijk hat it bankje rêde kinnen út de sloop fan “De Jister”. It bankje wie earder troch him as gastebankje ornearre bij de éntree fan syn eardere Pensjon en de sloper woe it graach ôfstean foar mienskiplik gebrûk. Mei tastimming fan de gemeente Nijefurd hat it in plakje krige op in gersfjildsje neist syn hûs en jo kinne hearlik sitte en wylst genietsje fan in prachtich útsicht oer it brede wetter yn dit moaie wengebiet.

De eardere Philips produksjehal út 1959, troch Romke Kroondijk yn 1982 as rekereaasjebedriuw “De Jister” yn gebrûk nommen wurdt momenteel sloopt om plak te meitsjen foar nije wenten.

Klik hjir foar foto’s fan it sloopwurk