In Geen categorie

35 De Koudumer simmermerken

Ek yn 2024 hawwe wy hjir yn Koudum wer simmermerken hân, op trije sneonen yn july en augustus. Dan steane der allegear kreammen yn de Koudumer Haadstrjitte en dy stie dit jier wol aardich fol mei kreammen. Dat hat wol oars west.

Al foardat ik ein 2016 nei Koudum ferhuze wie, wie ik yn ‘e kunde kommen mei de Koudumer simmermerk. Us hûs yn Castricum hie folle mear romte as de wenning efter de galery dy’t we yn Koudum kocht hiene. Dus der binne doe tûzenen boeken fuortgien. Foar in lyts part yn de papierkontener, lykas de Winkler Prins Encyclopedie, dy’t noch rom stamde út de tiid foar it ynternet. Foar in oar part ferkocht fia Marktplaats, lykas myn samling 19e-iuwske boeken dy’t yn ien kear ferdwûn nei in biblioteek yn in Belgysk lânhûs.

En foar in part ferkocht ik de boeken fia merken. Meastal yn Noard-Hollân dêr’t ik goed boeken ferkocht op in antikwaryske merken. Underwilens hiene wy sjoen dat der yn Koudum simmermerken wiene, dus sa ûntstie it plan om dêr in kream te hieren. Dat slagge, dus wy mei de caravan en in auto fol boeken nei camping Venema, om dêrwei op in tiisdei in boekekream op de simmermerk te bemannen. En in soad ferkocht doe yn Koudum? No nee, de hier fan de kream, folle mear wie it net.

Yn de tiid dat wy yn Koudum kamen te wenjen, wie der yn de simmer seis wiken efterinoar op tiisdei in simmermerk. Spitigernôch slagge it buro dat de merk organisearre der hieltyd minder yn om fan de merk in sukses te meitsjen. Wy hierden yn it begjin op dy simmermerken ek in kream. Dat wie hielendal net handich, ek al stie dy kream moai foar ús galery. Mar we hiene dy dei gjin sekonde rêst, omdat de iene bûten en de oare binnen stean moast. Hûntsje útlitte gie noch krekt, op mominten dat it net al te drok wie.

Op in stuit stiene der op de simmermerk yn Koudum sa’n bytsje kreammen, dat der út de winkeliersferiening wei in groepke foarme waard dat de organisaasje fan de merken yn eigen hannen naam. Maklik wie dat net en der waarden belangrike beslissingen nommen. Gjin seis simmermerken mear op tiisdei, mar trije kear yn de simmer, om de fjirtjin dagen, in merk op in sneon. Der waard dus ynkrompen, mar dêr stiet tsjinoer dat der ek útwreide waard. Want nei ôfrin fan de merk is der no in spektakel (trije kear wat oars) by de haven en dêrop oanslutend is der in optreden fan in band by kafee Spoorzicht.

En sa hawwe we yn Koudum, tanksij it ‘Promotieteam Koudum’ ôfrûne simmer trije slagge edysjes hân fan it ‘Koudumer Simmerfestival’, want sa hjit it no. Mei behalve in simmermerk ek it Koudumer ‘Kampioenskip Horizontaal Bierkratjesstapelen’ of it ‘Koudumer kampioenskip bolle riden’ . En dêrnei wie der dan noch muzyk, fan bands lykas Mr. Brainbox of Grytz en Grize. No, tige slagge allegear, kinst wol sizze.