In Geen categorie

10 Koudum en de literatuer: Jef Last

De Nederlânske skriuwer Jef Last wie in engazjearre skriuwer en in avontuerlik man. Hy hie in tige nijsgjirrich libben dat ek tige boeiend beskreaun is troch syn biograaf Rudi Wester yn it boek Bestaat er een raarder leven dan het mijne? Jef Last 1898-1972 út 2021. Syn boeken wurde no hast net mear lêzen, mar by syn libben wol.

Voorkant van de biografie van Jef Last

Last hat in soad romans skreaun. Yn trije dêrfan spylje Friezen in grutte rol: Zuiderzee (1934), Elfstedentocht (1941) en Het eerste schip op de Newa (1945). Dat lêste boek spilet him ôf oan ‘e ein fan de 17e en yn de earste helte fan de 18e iuw yn Fryslân en Ruslân, en hat as haadpersoanen Auke Wybes, in skipsjonge út Hylpen, en syn soan Peter.

Koudum komt in pear kear yn it boek op it aljemint. Foar Hylpers as Auke Wybes lei Koudum net op in goede namme. Noch slimmer: de skriuwer seit sels dat de namme fan Koudum foar Auke wurket as in reade lape op in bolle. Yn it begjin fan it boek stiet ek noch in ‘alderôfgryslikst’ duvelbannerferhaal fan in boer yn Koudum, waans tsjerne betsjoend wie.

Auke wurket him op en wurdt skipper yn tsjinst fan Nicolaas Witsen, keapman en boargemaster fan Amsterdam. Hij fart in pear kear nei Petersburg yn Ruslân en rekket befreone mei Tsaar Peter. Auke kriget in soan en neamt dy Peter, nei de tsaar. Auke fertelt gauris oer de tsaar oan syn soan, sa ek oer de slach by Poltawa. Net folle dagen nei’t Peter dat ferhaal fan syn heit heard hat, lûkt er mei in binde jonges fan Hylpen nei Koudum om de slach by Poltawa nei te spyljen.

Der wie in âld skeel tusken de jeugd fan beide plakken, sa skriuwt Jef Last, om’t de frijers út ‘e stêd gauris ûnder de boeredochters har avontuer sochten. De Koudumers op harren beurt setten geregeld de stekken lâns de dyk iepen, sadat it fee fan de Hylpers troch elkoar hinne rûn. It hie neffens de skriuwer te meitsjen mei de tsjinstelling tusken lân- en seelju. De skelwurden tusken Koudumers en Hylpers fleagen hinne en wer en der wie gjin merke dy’t net op in fjochtpartij tusken de opslûpen gasten fan Hylpen en Koudum útrûn. Dat alles neffens de romanskriuwer Jef Last.

fragment uit Het eerste schip op de Newa

Mei syn keppel jonges rint Peter nei it keatsfjild achter de doarpstsjerke fan Koudum. Mei riem en klompen huffe se der op en de oermastere Koudumers fleane alle kanten op. De earste slach is foar Peter en syn maten, mar hy hat bûten de boeren fan Koudum rekkene. Dy komme harren jonges helpe en no fleane de Hylpers fuort. Peter wurdt dan holpen troch in famke fan Koudum, dat er net mear ferjit.

As Peter âld genôch is, komt hy yn tsjinst fan syn heit en fart ek mei nei Ruslân. Yn Sint-Petersburg krije soan en heit in grut skeel en werom yn Fryslân beseft Peter dat er net werom kin nei Hylpen. Syn heit sil him syn opstannich hâlden en dragen yn Petersburch net ferjaan. Dan docht Peter in soad muoite foar it famke yn Koudum dat er net ferjitten is, Tjaltje Adema. Úteinlik trout er yn stilte mei har.

Peter hiert in lyts húske oan ‘e râne fan Koudum, ‘yn it lege lân dêr’t se oer de fjilden sûnder huzen Hylpen lizzen seagen’. Hy is aardich redsum en knapt it ferfallen húske yn Koudum sels op. As Tjaltje swier is, rint hja fan it lytse húske yn Koudum nei har skoanmem Romkje dy’t yn in deftich hûs yn Hylpen wennet. De beide froulju kinne goed meimekoar, mar beseffe dat de manlju noch net sa fier binne.

It bern wurdt berne yn ‘e hjerst en dan waait it in stoarm. It wetter yn de Sudersee stiet sa heech dat stêden as Kampen en Harderwijk oerstreame. In part fan Koudum komt ûnder wetter te stean, ek it hûs fan Peter en Tjaltje. Romkje slagget it dan en helje har man Auke oer om mei in roeiboat Peter, Tjaltje en de krekt berne pakesizzer út Koudum op te heljen. It komt wer goed tusken Auke Wybes en syn soan Peter en Auke makket Peter skipper fan syn skip.

Wat Jef Last yn dizze roman allegear oer Koudum skriuwt, is fansels fiksje. Last skreau in sels betocht ferhaal, al basearret er him op ferhalen oer Auke Wybes dy ‘t oaren al earder betocht hiene. Betocht ja, want ek al wol men it yn Hylpen oars ha, de nammejouwer fan it lokale shantykoar, Auke Wybes, hat sels net iens bestien, sa is yntusken wol oertsjûgjend oantoand. En ek al haw ik it besocht, in Koudumse Tjaltje Adema is ek net yn de argiven werom te finen. Wat bliuwt is in fantasyrike, aventoerlike roman, dat hat dy Last dochs wol aardich dien.