In Geen categorie

9 Koudum en de Fryske literatuer (19e iuw): de Halbertsma’s en de Rimen en teltsjes

Koudum spilet net in grutte rol yn de Fryske literatuer. At Koudum al in rol spilet, dan is it net mear as in figuranterol. Moatst it soms fier sykje en dat ha ik dan ek dien. Sa seach ik op myn syktocht dat de ferneamde 19e-iuwske skriuwer en taalwittenskipper Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), doe’t er yn Amsterdam oan it Doopsgezind Seminarie studearre, les hân hat fan de Fryske professor Rinse Klaasses Koopmans (1770-1826). Dy Koopmans hie yn Koudum in twadde wenning – soene wy no sizze – oan de Bovenweg, dêr ‘t er simmerdeis faak tahold. Koopmans is ek yn Koudum ferstoarn en dêr begroeven.

Mar ik woe it graach ha oer Joast Hiddes Halbertsma. Dat wie in bysûndere man, dûmny, mar ek taalgelearde en hy hie in soad belangstelling foar polityk en maatskippij, dêr ‘t er modern oandwaande ideeën oer hie. Alpita de Jong hat in prachtige (jammer genôch Nederlânsktalige) biografy oer him skreaun.

Oer taal korrespondearre Halbertsma mei gelearden út tal fan Europeeske lannen, ûnder oaren mei de bruorren Grimm. Halbertsma hat ek ûndersyk dien nei de taal yn de súdwesthoeke fan Fryslân. Yn de stúdzje fan Anne Dykstra J.H. Halbertsma als lexicograaf: studies over het Lexicon Frisicum (1872) út 2011 lêze we bygelyks dat Halbertsma allinne al yn it hânskrift fan syn Fryske wurdboek Lexicon Frisicum pagina’s fol skreaun hat mei materiaal út Hylpen, Molkwar, Koudum, Warkum en Makkum.

Op side 607 fan it úteinlik printe earste diel fan it Lexicon Frisicum – dat Halbertsma net ôfmakke hat – komt Koudum foar: ”Quæritur an non simili figura daem, dammen, agger, transiit ad fossam vel canalem juxta fluentem? Exemplo sint F.b. dâm, fossa aquaria, molendini aquarii canalis, piscina, Outzen. F. di lange Dam, parvum stagnum vicos Scarl et Bakhuzen intermedium. Di dammen, canalis ducens a Molkwar in vicum Coldum (Koudum). In vicinio lacus Morrha ab occidente finit in houten-Dam, ab oriente in Galama-damme.”

Halbertsma skreau syn Fryske wurdboek yn it Latyn. Gelokkich is der sûnt in pear jier in oersetting yn it Nederlânsk én yn it Frysk makke fan de Latynske tekst fan it Lexicon Frisicum dy’t on-line te rieplachtsjen is. De oersetting fan boppesteand fragmint, dat giet oer it Fryske wurd ‘daem’ is:

“Kin it wêze dat deselde oantsjutting daem, dammen, daam, oergong is nei de greppel of it dêrnjonken streamende kanaal? Ta foarbyld kinne wêze: Noardfrysk dâm, sleat, kanaal fan in wettermole, fiver, Outzen; Frysk di lange Dam, in lytse poel tusken de doarpen Skarl en Bakhuzen; en Di dammen, in kanaal, rinnende fan Molkwar nei it doarp Koudum. Yn it tichtby lizzende Moarre hâldt de mar yn ‘e westkant op by de houten-Dam, en yn ‘e eastkant by de Galama-damme.”
Kan het zijn dat dezelfde aanduiding daem, dammen, dam, is overgegaan naar de greppel of het daarnaast stromende kanaal? Tot voorbeeld kunnen zijn Noordfries dâm, sloot, kanaal van een watermolen, vijver, Outzen; Fries di lange Dam, een kleine poel tussen de dorpen Skarl en Bakhuizen; en Di dammen, een kanaal, gaande van Molkwar naar het dorp Koudum. In het naburige Moarre houdt het meer in de westkant op bij de houten-Dam, en in de oostkant bij de Galama-damme.

Rimen en teltsje (1918)

Nee, Koudum hâldt net oer yn it wurk fan Joast Hiddes Halbertsma, mar it komt dochs ek foar yn it belangrike literêre wurk dat er tegearre mei syn twa bruorren Eeltsje en Tjalling skreau, al hat de lêste net in soad skreaun. In 1854 ferskynde de samling koarte ferhalen en gedichten fan Joast en Eeltsje Halbertsma Leed en Wille en de Flotgerzen. Dat boekje is yn 1871 ek opnaam yn it ferneamde Rimen en Teltsjes, faaks wol it bekendste boek fan de njoggentjinde iuw. En yn dat boek sjogge wy ús doarp Koudum dus op in pear plakken opdûken.

Yn Leed en Wille en de Flotgerzen stiet nammentlik it ferhaal ‘In jûnpraatsje fan Gabe Skroar’, skreaun troch Eeltsje Halbertsma (1797-1858). Dat begjint mei in petear fan Gabe Skroar oer de gjirrichheid fan de minsken, It rint út op in ferhaal dat begjint mei: “It is ris bard te Koudum yn Gasterlân, dat dêr in âld kofskipper kaam te wenjen; dy hjitte yn ‘e wann’linge Japik Swerver.” Dizze Jabik kriget al gau oansjen yn it doarp en men wol him wol as diaken yn ‘e tsjerke hawwe. Hy warskôget de minsken dat er dêr net geskikt foar is.

“Mar de minsken te Koudum tochten ‘er oars oer (…) en de gemeente stimde him en twong him heal om it oan te nimmen, en hy naam it oan. ‘Mar,’ sei hy ‘erby, ‘ik wik it jimme; it sil de gemeente wee opbrekke. Jimme sille it onderfine, dat ik ‘er ongeskikt foar bin. Ik sis it jimme jitris, it sil jimme rouwe.’ No wenne ‘er yn dy tiid in grytman dêr te Koudum, dy sa smoarryk wie as ‘er mar inkelde yn hiel Fryslân binne, mar sa trochtrape troch alles hinne gjirrich, dat ‘er neat ôfgong as de reek.”

It earste jier giet it bêst mei de nije diaken. “Mar it twade jier moast de man mei it ponkje troch de tsjerke gean om de gaven foar de earmen op te heljen, en doe rikte er, lykas it gebrûk wie, it ponkje earst oan de grytman ta, dy nêst it diakenshekje yn in stoel siet, en doe dy syn gave jûn hie kearde Japik-om it ponkje flak foar de preekstoel om, en dêr kamen twa duiten útrôljen, en doe sei er lûdop: “Dêr hawwe we it earste oartsen al! Dêr lis ik in blank by; dan is it in stoer.”

‘Japikom yn ‘t hekje’. Illustratie uit de Rimen en teltsjes (1918)

De tekeningen foar de útjefte fan de Rimen en Teltsjes út 1918 (en fan lettere útjeften) binne makke troch Ids Wiersma (1878-1965). Hy skynt stêd en lân ôfreizge te hawwen om mar âlde plakjes en dingen fêst te lizen. Oft er ek yn de tsjerke fan Koudum west hat, liket my sterk. Faaks kin ien my by gelegenheid fertelle oft dat bankje op it plaatsje echt liket op it 19e-iuwske diakensbankje yn de Martinitsjerke fan Koudum.

De grytman rint dan grimmitich de tsjerke út en dûmny wit net hoe gau as er in ein oan ‘e tsjinst meitsje moat. It is wol de lêste died fan Japik as diaken, mar de grytman hat er mar moai op syn nûmer set. It tige smoute ferhaal hie him fansels oeral yn Fryslân ôfspylje kind, want spesifyk Koudumer saken wurde net beskreaun. Wol stiet der in printsje by it ferhaal fan Japik yn it diakensbankje mei as ûnderskrift ‘Japikom yn ’t hekje’.

Yn it saneamde barbiersferhaal ‘De skearwinkel fan Joutebaas’ út de Rimen en teltsjes komt ‘Koudum’ nammers nóch fjouwer kear foar. As it oer reizgjen troch Fryslân giet, komt ien wolris yn Koudum, bygelyks op ‘e Koudumer merke en keapet dêr in spekkoeke. Of ien rint “mei fjouwer lippens graan fan Molkwar nei de Koudumer mole ta”. Dat ‘lippens’ moast ik oars wol efkes opsykje, dat is in âlde ynhâldsmjitte foar nôt of sied fan likernôch 80 liter.

En sa spilet Koudum dus syn tige beskieden rol yn it 19e-iuwske wurk fan de Bruorren Halbertsma.

N.B. Een Nederlandse versie van dit artikel staat op de website Brekt.nl